Wjirm
Wjirm (meartal: wjirms of wjirmen), ek: woarm, is in algemiene, net-wittenskiplike beneaming foar ferskate kloften twasidige, wringeleaze bisten, dy't eins mar út 'e fierte oaninoar besibbe binne en in sterk ôfwikende ôfstamming en ûntjouwing trochmakke hawwe. De oerienkommende faktor is it uterlik, dat gewoanwei bestiet út in lang, silinderfoarmich lichem sûnder poaten en ornaris ek sûnder eagen. Wjirms komme oer de hiele wrâld foar yn sterk útinoar rinnende (mar altyd fochtige) biotopen.
Biologysk ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wjirms fariëarje yn grutte fan mikroskopyske lyts oant in lingte fan mear as in meter yn it gefal fan 'e yn see libjende boarstelwjirms (Polychaeta). Beskate soarten binne nòch langer, lykas de 6,7 m lange Afrikaanske reuzedauwjirm (Microchaetus rappi), de 10 m lange kowelintwjirm (Taenia saginata), de krapoan 40 m lange walfisklintwjirm (Tetragonoporus calyptocephalus) en de 58 m lange, frij yn see libjende fiterwjirm (Lineus longissimus). In protte wjirms, lykas lintwjirms (Eucestoda) of ûnderskate soarten rûnwjirms (Nematoda), besette in lyts ferskaat oan parasitêre biologyske nyssen troch yn 'e lichems fan oare bisten (of minsken) te libjen. Frij libjende, net-parasitêre wjirms libje net op it lân, mei't dat foar harren in te drûch biotoop is. Ynstee hâlde se ta yn see of yn oerflaktewetters mei swiet wetter of oars yn 'e grûn op plakken dêr't de ûndergrûn fochtich is.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e taksonomy, de biologyske klassifisearring fan alle libbensfoarmen, waarden wjirms oarspronklik troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus op ien bulte smiten mei alle oare net-lidpoatige, wringeleaze bisten ûnder de wittenskiplike namme Vermes (Latyn foar "wjirms"). Der waard doedestiden sadwaande noch gjin ûnderskie makke tusken wjirms en bgl. weakdieren, seestjerren, kwabben of koralen, lit stean tusken ûnderskate groepen wjirms. Dy yndieling is lykwols al hiel lang efterhelle, mei't bliken dien hat dat er folslein parafyletysk is. Hjoed de dei wurde de wjirms yndield yn in stikmannich ûnderskate taksonomyske kloften, dy't net folle nauwer oaninoar besibbe binne as oan 'e wringedieren (Chordata), dêr't ek de minske ta heart. De ferskillende groepen wjirms binne:
- de ferwielwjirms (Onychophora)
- de heakwjirms (Acanthocephala)
- de hoefizerwjirms (Phoronida)
- de hynstehierwjirms (Nematomorpha)
- de krûpwjirms (Ambulacraria), mei û.m. de ikelwjirms (Hemichordata)
- de peniswjirms (Priapulida)
- de platwjirms (Platyhelminthes), wêrûnder û.m. de lintwjirms (Cestoda)
- de pylkwjirms (Chaetognatha)
- de riedselwjirms (Xenoturbellida)
- de ringwjirms (Annelida), mei û.m. de boarstelwjirms (Polychaeta), sealwjirms (Clitellata) en slurfwjirms (Echiura)
- de rûnwjirms (Nematoda)
- de snoerwjirms (Nemertea)
- de stikelwjirms (Kinorhyncha)
- de toskmûlwjirms (Gnathostomulida)
- de tsjelkwjirms (Entoprocta)
De oantsjutting "wjirms" wurdt dêrnjonken yn 'e folksmûle ek wol brûkt foar bisten dy't net ta ien fan dizze groepen behearre, lykas maaitsen en oare larven fan ynsekten. Beskate bisten dy't kwa uterlik foar wjirms trochgean kinne soene, falle eins ûnder de wringedieren, lykas de blynslang (Anguis fragilis), in poatleaze hagedis dy't yn it Nederlânsk hazelworm neamd wurdt, of de wjirmsalamanders (Gymnophiona), dat amfibyen binne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|