Springe nei ynhâld

Wringeleazen

Ut Wikipedy
Ferskate soarten wringeleazen.

De wringeleazen (Invertebrata) binne alle bisten dy't gjin wringe (rêchbonke) hawwe en dy geandewei harren libbensrin ek net ûntwikkelje, yn tsjinstelling ta de wringedieren (Vertebrata), dy't àl in wringe hawwe. Om't de wringeleazen in parafyletyske groep foarmje, is dizze oantsjutting gjin jildige taksonomyske beneaming. Nettsjinsteande dat wurdt er in protte brûkt. Troch de Carolus Linnaeus, de Sweedske biolooch dy't de grûnlizzer fan 'e taksonomy wie, waarden de wringeleazen yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw opdield yn twa groepen: de Insecta (ynsekten) en de no al lang efterhelle Vermes (wjirms). Doe't dúdlik waard dat der folle mear ûnderskate groepen fan sokke bisten bestiene, waard de term 'wringeleazen' dêr yn 1793 foar yntrodusearre troch de Frânske biolooch Jean-Baptiste de Lamarck.

De oergrutte mearderheid fan 'e dieren (Animalia), sa'n 97%, bestiet út wringeleazen. Dêrby giet it om:

Dêropta hearre fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata) de ûnderstammen fan 'e manteldieren of sturtgorda's (Tunicata, foarhinne Urochordata) en de plasseleazen of kopgorda's (Cephalochordata) ta de wringeleazen. Under dy beide groepen falle de mantelfiskjes, salpen, sekpipen en sorberaten, resp. de lansetfiskjes. De rest fan 'e rêchstringdieren wurdt opmakke troch de ûnderstamme fan 'e wringedieren (besteande út 'e fisken, amfibyen, reptilen, fûgels en sûchdieren).

Party fan 'e hjirboppe neamde groepen beslane in grutter tal en in grutter ferskaat oan soarten as de hiele ûnderstamme fan 'e wringedieren. Wringeleazen ferskille yn grutte fan 'e rêddieren (Rotifera), dy't 0.05 mm mjitte, oant de reuze-inketfisk (Architeuthis dux), dy't in lingte fan 12–13 m berikke kinne. Fierwei de measte wringeleazen binne lykwols frij behindich fan lichemsgrutte. Guon groepen wringeleazen, lykas de manteldieren en de plasseleazen, binne nauwer besibbe oan 'e wringedieren as oan 'e oare wringeleazen. Dat betsjut dat de term 'wringeleazen' net folle wittenskiplike wearde hat, mar eins earder in handige sammelnamme foar lyts wrimelt is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.