Arrestaasje

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In arrestaasje troch de Deenske plysje yn Kopenhagen

In arrestaasje of oanhâlding is it ûntnimmen fan de bewegingsfrijheid fan in persoan troch plysjetsjinsten of, yn gefal fan op 'e died, troch boargers.

In oanhâlding bart meastentiids troch in opspoaringsamtner. Dêrnei kinne fierdere stappen ûndernomd wurde om de persoan langer fêsthâlde te kinnen. Sa is de opspoaringsamtner ferplichte om de saak sa gau mooglik, leafst binnen in dei, foar te lieden (ûnder de oandacht fan de offisier fan justysje te bringen), sadat de offisier beslisse kin oft de oanhâlding rjochtlik wie.

Oanhâlding moat net betize wurde mei steande hâlde, dat is in lichtere foarm fan frijheidsbeheining. In ferkearsoertrêder sil oer it algemien troch de plysje steande hâlden wurde, wêrby't bytiden in proses-ferbaal opmakke wurdt. At de oertrêder dêr normaal oan meiwurket en is der gjin sprake fan fierdere strafbere feiten, dan wurdt de oertrêder net oanhâlden en kin er fierder syn gong gean.