Springe nei ynhâld

Slachtemaraton

Ut Wikipedy
Slachtemaraton
Slachtedyk
Slachtedyk
holden yn Fryslân
Easterbierrum,
Raerd
sport hurdrinnen,
Kuierjen
organisator Stifting Slachtemarathon
earste edysje 2000
aktueel
Aktuele edysje 2024
edysjes
foarige 2016
folgjende 2028
Temaside  Sport

De Slachtemaraton is in kulturele hurdrin- en kuiertocht oer de Slachtedyk, foar it earst organisearre yn it ramt fan Simmer 2000.

De tocht gong yn 2000 fan Easterbierrum oer de Slachte nei Raerd. Dêrfoar waard waard súdwest fan Wommels de Nije Kromme boud, in brêge (of eins in fiadukt) foar fytsers en fuotgongers oer de provinsjale wei N359, dy't op dat punt yn 'e 1970-er jierren dwers troch de Slachte hinne oanlein wie. De kuiertocht begûn yn 'e buorren fan Easterbierrum, en wie 42,6 kilometer lang; de hurdrintocht begûn op 'e ein fan 'e Slachte en wie dan presys in maraton (42.195 km).

Yn 2004 gong de tocht fan Raerd nei Easterbierrum. Yn 2008 begûn de tocht wer yn Raerd. It is mooglik dat de rjochting no net mear feroaret, om't yn 2004 bliken die dat Easterbierrum gjin romte genôch hie foar de oankomst. Meidat it ferkear dêr fêstrûn, moasten guon rinners oeren op ferfier wachtsje. Guon waarden opsternaat, oaren rekken ûnderkuolle. Sûnttiids bringe spesjale Slachtebussen de dielnimmers nei de start yn Easterbierrum.

Yn 2008 wie de Slachtemarathon de ienige maraton yn Fryslân. Op 25 maaie wie de maraton fan Ljouwert pland, mar dy waard dat jier net oer de folsleine ôfstân holden, omdat dy koart foar de Slachtemarathon barde.

Yn 2018 soe der in ekstra, twadeiske edysje oer rom 90 kilometer rûn wurde yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. Troch it yn de eagen fan de organisaasje te lege tal ynskriuwings waard op 19 jannewaris 2018 besletten dizze edysje net trochgean te litten.[1]

Sport en kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Nije Kromme oer de N359 by Wommels, dy't yn 'e folksmûle ornaris de 'Slachtebrêge' neamd wurdt.

De tocht wie in inisjatyf fan ûnder oaren Peter Karstkarel. De Slachte hat neist it sportaspekt ek in kultureel aspekt, troch foarstellings en keunstprojekten dy't lâns gâns de rûte troch de omlizzende doarpen útfierd waarden. It tema fan 2024 is ‘Wat oars’. De doarpen litte dêrmei sjen en hearre wêr’t se foar steane en grutsk op binne.

Neist de tradisjonele wedstryd fan 42 kilometer is der yn 2024 foar it earst in heale maraton hurdrinnen. De heale maraton start yn Wommels.

By it ynskriuwen waard de limyt fan 10.5550 al gau berikt. De minimale leeftyd is dêr 16 jier. Om de jonge bewenners fan de doarpen oan de dyk yn beweging te bringen en it feestlike programma meilibje te litten waard de Kids-estafette betocht. Dêrta is de Slachterûte opdield yn seis etappes, fariëarjend fan 5,5 oant 8 kilometer. Skoalbern út groep 7 en 8 rinne it diel fan de rûte dat sa ticht mooglik by it eigen doarp leit. Dêrnei jouwe se it stokje oer oan de folgjende estafettegroep. Neist it lint fan hurdrinners en wannelers lit de Kids-estafette symboalysk sjen hoe't de Slachtedoarpen mei elkoar ferbûn binne. Mooglik dogge se letter mei oan de Slachtemaraton.[2]

It evenemint wie op 8 july 2000 in grut súkses, mei 9.550 hurdrinners en kuierders en alderhanne projekten deromhinne. Winner waard Gerrit Kra­mer út Boalsert, yn 2:30:31; winner by de froulju waard Katinka Wiltenburg út Breesân yn 3:03:51.

Yn 2004 waard op 12 juny de twadde tocht hâlden, mei 14.000 hurdrinners en kuierders, en wer allerhanne projekten. Adrie Boermans út Wergea wie mei 2:58:34 winner by de manlju, en Majet Spoelder yn 3:28:46 by de froulju. Yn 2008 wienen der twa maratons yn Fryslân. Op 25 maaie wie de Maraton fan Ljouwert en op 14 juny de Slachtemaraton.

Utslaggen maraton

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Manlju Froulju
winner tiid winner tiid
8 july 2000 Gerrit Kramer 2:30.31 Katinka Wiltenburg 3:03.47
12 juny 2004 Gerrit Kramer 2:29.00 Mirjam Bijlsma 3:00.58
14 juny 2008 Alex van der Meer 2:28.07 Yvonne Kassenberg 3:05.50
16 july 2012 Erik Negerman 2.29.12 Mariska Kramer 2.41.42
4 juny 2016 Erik Negerman 2:33.49 Ylona Kruis 3:12.25
15 juny 2024 Geart Jorritsma 2:25.03 Mireille Baart 2:44.57

Start en finishplak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Edysje Startplak Finishplak
2000 Easterbierrum Raerd
2004 Raerd Easterbierrum
2008 Easterbierrum Rauwerd
2012 Raerd Easterbierrum
2016 Easterbierrum Raerd
2024 Easterbierrum Raerd

Kuiersport yn Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Undertusken makket de kuiersport yn Fryslân troch dizze maraton in bloeiperioade troch, mei alderhanne Slachte-eftige kuiertochten.

Spitigernôch wienen der twa plakken dêr't de Slachte troch in autowei trochkrúst waard. By Wommels is dat spesjaal foar de Slachtemaraton oplost troch it oanlizzen fan de Nije Kromme, in rin- en fytsfiadukt oer de dyk fan Boalsert nei Ljouwert hinne. Op 17 maaie 2008 waard de Slachtetille iepene, dy't de oplossing wie foar it oerstekken fan de A31 by Hjerbeam, by Frjentsjer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Slachtemarathon gaat niet door, Ljouwerter Krante (19-01-18)
  2. Slachtemarathon als verbinder. Friesland Post-Mienskip, juny 2024