Rykdom

Ut Wikipedy
It superjacht fan in Saûdyske miljardêr.

Rykdom of rikens is, yn sosjaal-ekonomysk opsjoch, it besit fan in oerfloed oan jild, lân, grûnstoffen en/of oare materiële besittings. Op it algemienste nivo wurdt ûnder 'rykdom' troch ekonomen ferstien: alles dat wearde hat. In persoan, mienskip, regio of lân dat in soad dingen fan wearde hat, wurdt ryk neamd. It tsjinstelde fan rykdom is earmoede. It omskriuwen fan rykdom kin in normatyf proses wêze mei ferskate etyske ymplikaasjes, yn acht nommen dat it maksimalisearjen fan rykdom yn it kapitalisme, dat de wrâldekonomy dominearret, faak sels sjoen wurdt as in normatyf prinsipe. Yn 2014 wie de Golfsteat Katar it rykste lân fan 'e wrâld rekkene nei lid fan 'e befolking.

It moderne begryp 'rykdom' is fan belang op alle mêden fan 'e ekonomy, mar de betsjutting is lykwols ôfhinklik fan 'e kontekst. De termen 'rykdom' en 'ryk' kinne nammentlik ek subjektyf brûkt wurde: immen út 'e middenklasse is riker as immen út 'e ûnderklasse, mar dochs kin sa'n persoan noch muoite hawwe om troch de tiid te kommen. Sa'nent sil dêrom ek net as 'ryk' omskreaun wurde. By dat wurd tinke de measte minsken oan lju mei in 'goede' baan, dy't in filla hawwe, teminsten twa auto's, in twadde hûs yn it bûtenlân, mooglik noch in syljacht en dy't rom rûnkomme kinne. De term 'superryk' of 'de superriken' ferwiist nei miljonêrs en miljardêrs.

De definysje fan rykdom dy't de Feriene Naasjes hantearje, hat net te krijen mei yndividuële rykdom, mar mei de rykdom fan lannen en maatskippijen. Yn dat ramt omfettet rykdom de som fan it natuerlike, minsklike en fysike kapitaal. Natuerlik kapitaal omfiemet lân, bosken, fossile brânstoffen en mineralen. Minsklik kapitaal omfiemet it totaal oan opliedings en kennis dy't de befolking hat. Fisyk (of produsearre) kapitaal wurdt foarme troch alle masines, bouwurken en ynfrastruktuer.

It wurd 'rykdom' kin ek yn oerdrachtlike sin brûkt wurde. Dan wurdt ferwiisd nei geastlike of spirituële rykdom, by lju dy't har op it mêd fan kennis, resp. filosofy of religy sterk ûntwikkele hawwe. Der wurdt ek wol sein dat men jin ryk rekkenje mei as men sûn is. Fierders wurdt it begryp rykdom brûkt om beskate eigenskippen oan te jaan, benammen fan dingen. Sa kin men sizze: "dit gebiet is ryk oan ierdoalje", of "dit dieet is ryk oan fruchten."

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.