Springe nei ynhâld

Twadde wente

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Twadde hûs)

In twadde wente of rekreaasjewente is in as fakânsjeferbliuw ynrjochte wente, dêr't de eigener/bewenner fan net ynskreaun stiet by de gemeente dy't it oangiet.

Benammen yn de twadde helte fan de jierren 1960 kamen der hurd mear twadde wenten. Yn in oantal lytse buorskippen en doarpen gie de ûntfolking dêrtroch sa hurd dat hiele mienskipspatroanen ferlern giene. Yn it earstoan waard de ferkeap en ynrjochting fan huzen as twadde wente net as ûngeunstich sjoen: se waarden teminsten wer opknapt en bewenne. Oerheid en befolking waarden kritysker, doe't ek kwalitatyf goede huzen oankocht waarden troch rekreanten, krekt yn in tiid dat lytsere plakken yn de omkriten fan kearnen wer yn de belangstelling kamen (suburbanisaasje). Om de tanimming fan twadde wenten foar te kommen, makke in tal gemeentes nije feroarderingen, wêrby't de ferkeap c.q. bestimming fan in hûs yn de buorren as twadde wente ferbean waard. Omdat twaddewentebesitters wol gebrûk makken fan, mar gjin bydrage leveren oan in oantal gemeentlike foarsjennings, waard nei 1970 yn in guon gemeentes teffens in wenforinzebelesting ynfierd. Hjir en dêr waard en peal en perk steld oan de moade om wenten wyt te skilderjen of bûnte kleuren te jaan. Neffens it PPD-rapport (1975) en oare feiten wienen yn Fryslân (benammen yn it suden) sa'n 3660 twadde wenten. De bewenners kamen foar it meastepart út Noard- en Súd-Hollân, mar ek út Dútslân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: