Subjektiviteit

Ut Wikipedy

Subjektyf betsjut dat in feit besjoen wurdt fanút de mieningen fan minsken. It tsjinoerstelde fan subjektyf is objektyf. Subjektyf is basearre op in persoanlike miening of persoanlike opfettings fan in yndividu, dy't ferbân hâlde mei de persoanlike miening of smaak.

Bygelyks, wat men ûnderfûn hat wurdt beskôge as subjektive ûnderfining. Dit sil foaral sa wêze as der oaren binne, dy't net de selde ûnderfining yn deselde omstannichheden. De ien kin it Ljouwert in hiele moaie stêd fine, mar de oar kin it júst in hiele ferfelende stêd fine. In oar foarbyld is dat de ien wat moai of lekker fynt en de oar it júst ûnkreas of goar fynt.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]