Objektiviteit

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Objektiviteit betsjut dat in foarstelling fan saken net basearre is op de ôfsûnderlike mieningen fan yndividuele minsken. Wannear't in foarstelling fan saken objektyf werjûn wurdt, dan wurdt dy 'neutraal' werjûn, sûnder foar ien bepaalde kant te kiezen. It tsjinoerstelde fan objektyf is subjektyf.