Miljardêr

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

In miljardêr (fia it Nederlânske miljardair fan it Frânske milliardaire) is in persoan dy't teminsten 1 miljard (1.000 miljoen) ienheden besit fan in beskate muntienheid. Dêrby wurdt net inkeld kontant jild en jild op bankrekkens en yn oandielen en obligaasjes meirekkene, mar ek de wearde fan replik guod lykas auto's, keunst en antyk, en fan ûnreplik goed lykas huzen en oare gebouwen.

Muntienheden ferskille yn wearde: foar de ynfiering fan 'e euro, doe't de Belgyske frank folle minder wurdich wie as de Nederlânske gûne, wie men yn Belgje sadwaande folle gauwer miljardêr as yn Nederlân. De Italjaanske lire wie noch wer folle minder wurdich. Sadwaande wurdt foar it fêststellen fan wa't miljardêr is yn hiel Jeropa tsjintwurdich oer it algemien yn euro's rekkene, ek yn lannen dêr't dat net de muntienheid is. Yn 'e rest fan 'e wrâld brûkt men dêr almeast de Amerikaanske dollar foar. Immen dy't ferskate miljarden besit, is in multymiljardêr. Foar minsken dy't mear 100 miljard besitte, wurdt wol de term sintimiljardêr brûkt. En immen dy't in biljoen (1.000 miljard) hat, wurdt in biljonêr neamd (net te betiizjen mei it Ingelske wurd billionaire, dat "miljardêr" betsjut).

De earste dokumintearre miljardêr út 'e wrâldskiednis, waard yn 1916 de Amerikaanske oaljemagnaat John D. Rockefeller. De earste sintimiljardêr (dy't in persoanlik fermogen fan mear as 100 miljard Amerikaanske dollars berikte) wie Amazon-oprjochter Jeff Bezos, dy't yn 2017 dy drompel oergie. Neffens it tydskrift Quote wennen der yn 2008 (rekkene yn euro's) 23 miljardêrs yn Nederlân. It lân mei de measte miljardêrs is Sina, dêr't yn 2011 115 fan sokke lju wiene (rekkene yn Amerikaanske dollars). Yn totaal wiene der wrâldwiid yn 2014 2.325 miljardêrs (rekkene yn Amerikaanske dollars), dy't in mienskiplik fermogen hiene fan 5,6 biljoen (oftewol $7,3 biljoen). Dêrfan wennen der 775 yn Jeropa, 571 yn 'e Feriene Steaten en 190 yn Sina.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.