Reklame
Reklame (fan it Frânske réclame) is in foarm fan kommunikaasje mei as doel om potinsjele klanten oer te heljen ta de oanskaf fan beskate produkten of tsjinsten, om in beskaat bedriuw yn 'e bekendheid te bringen of om beskate ideeën út te dragen. In protte reklame is spesifyk bedoeld om 'e konsumpsje fan it oanpriizge guod te befoarderen troch it skeppen en fuortsterkjen fan in merkimago en merktrou. Reklame kin ek plakfine troch it sponsorjen fan saken dy't yn earste ynstânsje neat te krijen hawwe mei wat der promoate wurdt, lykas in sportploech.
Reklame is yn 'e regel kommersjeel bedoeld, behalven saneamde ideële reklame, wêrmei't goede doelen of idealen oanpriizge wurde. Reklame kin ûnder de oandacht brocht wurde mei advertinsjes yn printe media, troch reklamespotsjes op 'e radio en tillefyzje, troch posters op oanplakbuorden, mei pop-ups op it ynternet en op ferskate oare manearen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ierste reklame-uterings geane teminsten werom op 'e Romeinske Tiid, mei't der reklameboadskippen weromfûn binne yn 'e ruïnes fan 'e Súditaljaanske stêd Pompeï, dy't yn 79 n.Kr. ferwoastge en oerdutsen waard troch in lavastream by in útbarsting fan 'e fulkaan de Fesuvius. Lange tiid waarden reklame-uterings as fulgêr beskôge, hoewol't dat de measte keaplju der net fan wjerhold om der gebrûk fan te meitsjen. It earste reklameburo waard yn 1843 yn it Amerikaanske Philadelphia oprjochte troch Volney Palmer.
Yn Nederlân wie Anton Sinkel yn 1839 ien fan 'e earsten dy't gebrûk makke fan reklame, troch oer syn winkel yn manufaktueren te Amsterdam in ferske meitsje te litten ("In de Winkel van Sinkel is alles te koop...") dat in protte minsken noch altyd kenne. Moderne reklame ûntstie fanôf de 1920-er jierren troch de ynnovative techniken dy't yntrodusearre waarden troch de tabaksyndustry. Yn 2011 waard der wrâldwiid $467 miljard útjûn oan reklame (wêrfan $143 miljard yn 'e Feriene Steaten).
-
Reklameposter foar sjippe fan Pears, 1900
-
In Amerikaansk reklamefilmke foar it kofjemerk Folgers
-
In bus mei reklame
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|