Springe nei ynhâld

Foarstêd

Ut Wikipedy
In loftfoto fan in Amerikaanske foarstêd.

In foarstêd is in grutte wenkearn dy't tsjin 'e râne fan in gruttere stêd oan leit en ta de stêdekloft fan dy gruttere stêd rekkene wurdt. It ferskil mei in bûtenwyk is dat in bûtenwyk bestjoerlik diel útmakket fan 'e gruttere stêd, wylst in foarstêd bestjoerlik selsstannich is. It ferstedske gebiet fan 'e sintrale stêd en dat fan 'e foarstêd rint lykwols yninoar oer; de grins is meastal histoarysk en fielt foar moderne bewenners fan it gebiet faak keunstmjittich oan. Yn 'e Feriene Steaten wurdt mei dêrom meastal gjin ûnderskie makke tusken foarstêden en bûtenwiken, en wurde allebeide oantsjut as suburbs, dat letterlik "hast-stêden" of "minder-as-stêden" betsjut.

Foarstêden kinne planearre wêze as groeikearnen, mar meastal komme se fuort út lytsere besteande stêden of út eardere agraryske delsettings dy't útgroeid binne ta stedsgrutte. Yn allebeide fan 'e lêste gefallen binne se troch it úttynjen fan 'e eigen befolking en dy fan 'e gruttere stêd meitiid fêstgroeid oan dy gruttere stêd. Yn 'e regel hat sa'n grutter plak ferskate, soms wol tsientallen foarstêden, wêrby't dy net allegear oan it grûngebiet fan 'e sintrale stêd hoege te grinzgjen, mar ek yn almar grutter wurdende rûnten om 'e sintrale stêd en ominoar hinne lizze kinne. Foarstêden binne ekonomysk faak sterk ôfhinklik fan 'e gruttere stêd dêr't se tsjinoan lizze, mei't in grut diel fan har ynwenners bestiet út forinzen dy't dêr wurkje.

Foarbylden fan bekende foarstêden binne Yonkers en Newark by New York en Burbank en Long Beach by Los Angeles. Yn Nederlân is Amstelfean in foarstêd fan Amsterdam, Flaardingen en Skiedam binne foarstêden fan Rotterdam en Foarburch en Ryswyk binne foarstêden fan De Haach. Yn Fryslân is de skaal fan 'e stêden te lyts om fan foarstêden sprekke te kinnen, mar ferhâlde bgl. Goutum en Lekkum har op deselde wize foar Ljouwert oer.

It kin ek wêze dat in lytser plak geografysk hielendal of frijwol hielendal ynsletten wurdt troch it grûngebiet fan in gruttere stêd, sa't bgl. it gefal is mei it ferneamde Beverly Hills, dat tegearre mei de oanswettende stêd West Hollywood hielendal omjûn wurdt troch wiken fan Los Angeles. Ek yn sokke gefallen sprekt men fan foarstêden, hoewol't it efterlizzende idee fan 'foar' en 'efter' dan net mear opgiet. It begryp 'satellytstêd' kin in oantsjutting foar in foarstêd wêze, mar meastal wurdt dêrmei ferwiisd nei planearre, apart leine stedsdielen, lykas Amsterdam-Súdeast (de 'Bylmermar') by Amsterdam of Kammingabuorren by Ljouwert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.