Long Beach (Kalifornje)
Long Beach | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 462.257 (2010) | |
Oerflak | 133,2 km² (ynkl. wetter) 130,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 3.548,8 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 0 m | |
Oar | ||
Stifting | 1880 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 33°46′06″N 118°11′44″W | |
Offisjele webside | ||
www.longbeach.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Long Beach yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Long Beach (Ingelsk foar "Langstrân") is in stêd yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, yn 'e regio Súdlik Kalifornje. De binnenstêd fan Long Beach leit likernôch 40 km besuden it sintrum fan Los Angeles. Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Long Beach doe mear as 460.000 ynwenners, wêrmei't it de twadde stêd is yn Los Angeles County, of, oars sein, de grutste foarstêd fan Los Angeles. Ek is it de op seis nei grutste stêd fan Kalifornje. It heart ta deselde stêdekloft as Los Angeles, dy't in befolking fan goed 12,8 miljoen minsken hat.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ear't de krite dêr't no Long Beach leit kolonisearre waard, libben der de Tongva-Yndianen. Fan 1784 ôf wie it lân yn besit fan Meksikaanske feeboeren, en yn 1843 waard it oankocht troch de Amerikaanske kolonist Jonathan Temple, dy't yn 1846, ûnder de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch, in wichtige rol spile by de Amerikaanske ferovering fan Kalifornje. Yn 1866 ferkocht Temple it gebiet oan 'e Noardkalifornyske skieppehâlderij Flint, Bixby & Co. fan Lewellyn Bixby en syn neven.
Bixby ferkocht yn 1880 in part fan it lân wer troch oan William E. Willmore, dy't der ûnder de namme fan Willmore City in boeredoarpke stifte (it oanbegjin fan Long Beach), mar fajyt gie en útkocht waard troch de Long Beach Land and Water Company, in syndikaat fan sakelju út Los Angeles. Long Beach krige yn 1897 formeel de status fan stêd. Yn 1916, doe't Jotham Bixby, de lêste fan syn skaai, kaam te ferstjerren, waard de rest fan 'e Bixby-ranch by Long Beach foege.
Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw wie Long Beach in baaiplak mei lichte agraryske trekjes. Stadichoan woeks de haven út ta in ferfiers- en yndustrieel knooppunt, dêr't oaljeraffinaderijen omhinne ûntstiene, en ek skipwerven, fral fan 'e Amerikaanske Marine. Yn 1921 wie yn 'e omkriten fan Long Beach sels oalje ûntdutsen, sadat de raffinaderijen net inkeld op ymportearre oalje draaiden. It Wilmington-oaljefjild, dat yn 1932 oanboarre waard, en dat fierhinne ûnder Long Beach lei, wie it op trije nei grutste yn 'e Feriene Steaten. Yn 1933 rjochte de Ierdbeving fan Long Beach, fan 6,4 op 'e Skaal fan Richter, slimme skea oan yn 'e stêd. Yn totaal 120 minsken kamen dêrby om.
Yn 'e Twadde Wrâldoarloch fûn yn Long Beach de saneamde "Loftoanfal op Los Angeles fan 1942" plak, wêrby't de stêd fan 'e seekant ôf ûnder fjoer nommen skynt te wêzen. As reäksje bekeat de Amerikaanske loftdoelartyljery de nachtlike loft, mar der waard gjin inkeld fijannich fleantúch waarnommen. Under de oarloch waard fierders de grutte etnysk Japanske befolkingsgroep fan Long Beach deportearre en yn ynternearringskampen yn 'e woastyn opsletten. De measten fan harren kearden nei de oarloch net mear nei Long Beach werom, en Japanners meitsje hjoed de dei minder as 1% fan 'e pleatslike befolking út. Yn 'e 1950-er jierren stie de stêd bekend as "Iowa-oan-See", fanwegen it grutte tal bewenners dat oarspronklik út it Amerikaanske Midwesten wei kaam.
Long Beach hjoed de dei
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Long Beach is ien fan 'e wichtichste havenstêden fan 'e Feriene Steaten, mei't it de op ien nei drokste kontainerhaven fan it lân is. Teffens binne der in protte oaljeraffinaderijen fêstige, en de hat fleantúchmakker Boeing der in grutte fabryk mei 7.100 banen (wêrmei't it de op ien nei grutste wurkjouwer yn Long Beach is). Yn Long Beach stiet fierders ek de Steatsuniversiteit fan Kalifornje, Long Beach, dat mei 35.000 studinten ien fan 'e grutste universiteiten fan Kalifornje is. Ek it heech oanskreaune Long Beach Museum of Art is yn 'e stêd fêstige, yn it histoaryske Elizabeth Milbank Anderson-gebou, dat eigendom is fan 'e gemeente Long Beach. In oare populêre besjensweardichheid is it Aquarium of the Pacific, in nonprofitynstelling dy't sûnt 1998 bestiet en as iepenbier akwarium de ûnderwetterwrâld fan 'e Stille Oseaan beljochtet.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Long Beach 9,3% âlder as 65 jier en 24,9% jonger as 18 jier. Fierders bestie 28,5% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 29,4% blanken; 40,8% Latino's (mei as grutste subgroep 32,9% Meksikanen); 12,9% Aziaten; 13,5% swarten; 0,7% Yndianen; 1,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs, 1,6% oaren of fan mingd etnysk komôf.
Berne yn Long Beach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Glen A. Larson (1937-2014), tillefyzjeprodusint en senarioskriuwer
- Billie Jean King (1943), tennister en homorjochte-aktiviste
- John Dykstra (1947), special effects-man en Oscar-winner
- Bo Derek (1956), aktrise
- Lana Clarkson (1962-2003), B-filmaktrise
- Nicolas Cage (1964), akteur
- Houston (1969), pornoaktrise
- Snoop Dogg (1971), rapper
- Vanessa Blue (1974), pornoaktrise
- Tiffani-Amber Thiessen (1974), aktrise
- Taylor Rain (1981), pornoaktrise
- Lucy Thai (1984), pornoaktrise
- Julia Bond (1987), pornoaktrise
- Jynx Maze (1990), pornoaktrise
- Jennette McCurdy (1992), aktrise en countrysjongster
Klimaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Long Beach hat in Mediterraansk klimaat dat sterk útskaait nei in steppeklimaat. yn augustus, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,8 °C, en yn desimber, de kâldste moanne, is dat 19,3 °C. De stêd kriget jiers trochinoar mar 311,4 mm delslach. Snie sjocht men yn Long Beach sa goed as nea.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|