Jynx Maze

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jynx Maze
Jynx Maze AVN 2011 1.jpg
persoanlike bysûnderheden
echte namme Victoria Elson
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 6 oktober 1990
berteplak Long Beach (Kalifornje)
etnisiteit Flag of Ireland.svg Iersk
Flag of Scotland.svg Skotsk
Flag of Peru.svg Perûviaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
www.club-jynxmaze.com

Jynx Maze, echte namme: Victoria Elson (Long Beach (Kalifornje), 6 oktober 1990), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Iersk-Skotsk-Perûviaansk etnysk komôf, dy't harsels yn it begjin fan har karriêre ek wol koartwei Jynx neamde. Neffens har offisjele opjefte is se 1.55 m, mei in gewicht fan 53 kg.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jynx Maze is hikke en tein yn Long Beach, yn 'e steat Kalifornje, ien fan 'e gruttere foarstêden fan Los Angeles. Fan har heitekant hat se Iersk en Skotsk bloed, wylst har mem oarspronklik út Perû kaam. Koart nei't se ein 2008 mearderjierrich wurden wie, sette Maze útein mei wurk as stripper yn in stripklub yn Chico, yn noardlik Kalifornje.

Yn febrewaris 2010, doe't se 19 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Har earste pornografyske optreden wie yn in diel fan 'e Public Disgrace-rige fan pornowebside Kink.com. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as 165 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Pure Play Media, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Digital Playground, Hustler Video, Devil's Film en Zero Tolerance. Ek hat se in protte wurke foar pornosites as Brazzers en Kink.com. Dêrby spesjalisearret se har yn anale seks. Se hat ûnderwilens sân nominaasjes yn 'e wacht sleept foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Yn 2012 waard derfan grute dat Maze in relaasje hawwe soe mei kollega-pornoakteur Jordan Ash.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 CAVR Award nominearre stjer fan it jier n.f.t.
2011 Xbiz Award nominearre nije stjer fan it jier n.f.t.
2012 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis Big Wet Asses 18
nominearre bêste anale sekssêne (mei Toni Ribas) Slutty & Sluttier 13
nominearre bêste triosekssêne f/m/m (mei Toni Ribas en Mick Blue) Sex Appeal
nominearre bêste sekssêne mei dûbele penetraasje (mei Erik Everhard en Steve Holmes) Anal Fanatic 2
nominearre bêste nije stjer n.f.t.
XRCO Award nominearre cream dream ("wiete dream") n.f.t.
2013 AVN Award nominearre bêste opfiering fan in striptiis Slutty & Sluttier 15
Xbiz Award nominearre bêste sêne yn in fynjetpublikaasje (mei Jordan Ash) This Is Why I'm Hot 2
2014 AVN Award nominearre meast seksy kont n.f.t.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: