Jules Jordan Video

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Jules Jordan Video
algemien
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
type privaat
sektor pornografyske filmstudio
haadkertier Van Nuys (Kalifornje)
oprjochte 2006
oprjochter Jules Jordan
eigner Jules Jordan
fuortk. út Evil Angel
offisjele webside
www.julesjordanvideo.com

Jules Jordan Video is in Amerikaanske pornografyske filmstudio dy't fêstige is yn Van Nuys, in wyk fan Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Hy waard yn 2006 oprjochte troch Jules Jordan (echte namme: Ashley Gasper), en wurket nau gear mei de gruttere studio Evil Angel.

Oarspronklik wurke Jordan (sûnt 1999) as regisseur foar Evil Angel, mar begjin 2006 sette er syn eigen produksjestudio en distribúsjebedriuw op. De offisjele webside fan it bedriuw waard lansearre yn augustus 2007. Jordan en Evil Angel-baas John Stagliano hawwe sein dat se op it mêd fan skeining fan harren copyright in nultolerânsjebelied fiere, en se hawwe al mannich in rjochtsaak oanspand tsjin lju dy't sy as piraten beskôgen. Yn 2007 waard yn ien sa'n piraterijsaak oan Jules Jordan Video en Evil Angel $17½ miljoen takend (wêrfan $5,3 miljoen oan Jules Jordan Video), wat de grutste skeafergoeding wie dy't ea yn sa'n saak oplein wie (hoewol't it bedrach úteinlik, yn heger berop, leger útfoel).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(in) Offisjele webside fan Jules Jordan Video

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.