Stripklub

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Hustler Club-stripklub fan Larry Flynt, yn it Amerikaanske San Fransisko.

In stripklub is in iepenbiere gelegenheid foar folwoeksenen, dêr't strippers, dy't sawol froulik as manlik wêze kinne, ta fermaak fan 'e klanten stripteases en oare eroatyske dûnsen útfiere op in podium of in catwalk. Yn 'e regel jouwe stripklubs harsels tsjintwurdich it oansjen fan in kafee of in nachtklub, mar se kinne ek op in skouboarch lykje, wat foarhinne wenst wie. Njonken it besjen fan stripteases kinne besikers fan stripklubs ornaris in drankje drinke en nei muzyk harkje, en faak kinne se tsjin betelling ek mei nei in VIP-romte, dêr't se in privee-optreden fan 'e stripper fan harren kar krije kinne, dy't gauris einiget mei in lapdance. (Ek komt it foar dat it dêr nèt mei einiget, mar trochgiet mei eigentlik geslachtsferkear; as dat sa is, is der sprake fan prostitúsje. Oer it algemien wolle stripklubeigners dêr lykwols net mei assosjearre wurde, en sille se soks tsjinkeare.)

Stripklubs binne fuortkommen út 'e eroatyske dûnsteäters dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn Parys ûntstiene, lykas de ferneamde Moulin Rouge. Dy waaiden nei 1900 oer nei de Feriene Steaten, dêr't him doe de saneamde Amerikaanske burleske, in soarte fan revu of fariëteitsshow ûntjoech. Yn 't earstoan wiene de opfierings noch hiel oars as tsjintwurdich, mei't der by de striptease folle mear de klam lei op it pleagjende (tease)-aspekt ynstee fan op it ûntklaaiende (strip)-aspekt. De folsleine neakenens kaam dan ek as in koarte glimp hielendal oan 'e ein fan 'e dûns, ynstee fan dat de dûns foar in grut diel neaken útfierd waard, sa't tsjintwurdich it gefal is. Nei de Twadde Wrâldoarloch begûnen stripklubs yn 'e Amerikaanske styl har oer de rest fan 'e wrâld te fersprieden: oan 'e ein fan 'e fjirtiger jierren oer East-Aazje, en yn 'e fyftiger jierren oer Jeropa. Troch de frij algemiene ynfiering fan 'e saneamde stripperpeal, sûnt 1980, is de pealdûns-ferzje fan 'e striptease op 't heden de meast foarkommende dûnssoarte yn stripklubs.

Yn 2005 waard rûsd dat der wrâldwiid troch de stripklubyndustry likernôch $75 miljard jiers fertsjinne waard. Yn 'e Feriene Steaten allinnich al makken alle stripklubs mei-inoar yn 2002 $3,1 miljard brutowinst, wat 19% of likernôch in fyfde wie fan it totaalbedrach dat er dat jier troch it legale Amerikaanske folwoeksenefermaak fertsjinne waard. Mei't der dat jiers ûngefear 2.500 stripklubs yn 'e Feriene Steaten wiene, leart in ienfâldich rekkensomke dat de trochsneed stripklub in brutowinst makke fan likernôch $1.240.000. En sûnt is it tal stripklubs yn Amearika allinne noch mar tanommen.

Net yn eltse stripklub klaaie de dûnseressen en/of dûnsers harren hielendal út; de beheindende faktor is yn sokke gefallen net sasear de ûnwil fan 'e stripper om fierder te gean, mar de pleatslike wetjouwing: benammen yn 'e Feriene Steaten is it op plakken ferbean om hielendal neaken op te treden. Yn guon lannen binne stripklubs hielendal ferbean. Dan moat men net inkeld tinke oan islamityske lannen yn Afrika, it Midden-Easten en Súd- en Súdeast-Aazje, en oan strang kristlike lannen lykas de measte steaten yn 'e Stille Súdsee, mar ek oan Iislân, dat yn 2010 stripklubs ferbea út feministyske omtinkens.