Pealdûnsjen
Pealdûnsjen of pealdûns it is in foarm fan performance art dy't tradisjoneel assosjearre wurdt mei stripklubs en it opfieren fan 'e striptease troch strippers. Hjirby wurdt dûns kombinearre mei in soarte fan turnoefening of akrobatyk mei as mulpunt in rjochtoppige, metalene peal, dy't bekendstiet as in stripperpeal. Koartby is dizze poadiumkeunst populêr wurden as in foarm fan fitnesstraining en fan fermaak los fan it stripsirkwy. Pealdûnsjen wurdt no yn sportskoallen en spesjaal derfoar ynrjochte dûnsstudio's beoefene troch in groeiend tal entûsjastlingen, en yn in protte lannen wurdt in breed ferskaat oan wedstriden pealdûnsjen holden, foar sawol professionals as amateurs. Foar pealdûnsjen is men frijwat krêft, soepelens en úthâldingsfermogen nedich.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It brûken fan in peal foar it dwaan fan lichaamlike oefenings giet teminsten 800 jier werom, op 'e tradisjonele Yndiaaske sport mallakhamb, wêrby't men it úthâldingsfermogen en de krêft hifket mei in houtene peal fan grutter trochsneed as de moderne metalene. De saneamde Sineeske peal, dy't nettsjinsteande de namme oarspronklik ek út Yndia komt, is in foarm fan akrobatyk wêrby't twa peallen brûkt wurde om op in hichte fan likernôch seis meter boppe de grûn swiertekrêftfergjende foarstellings te dwaan yn it sirkus of as ûnderdiel fan in fariëteitsshow.
Yn 'e tweintiger jierren fan 'e tweintichste iuw begûn men ek yn Westerske sirkussen in "pealdûns" op te fieren, mar dat wie in poer akrobatyske oefening wêrby't de middelpeal fan 'e rûne sirkustinte brûkt waard. Uteinlik ferpleatste it pealdûnsjen him fan tinten nei bars ta, wylst ek de konnotaasje ferskode fan akrobatyk nei eroatyske dûnsfoarm. Sûnt de tachtiger jierren is pealdûnsjen sadwaande suver ûnskiedber ferbûn rekke mei it opfieren fan 'e striptease, earst yn Kanada, dêrnei yn 'e Feriene Steaten, en doe yn 'e rest fan 'e wrâld.
Yn 'e njoggentiger jierren begûn men ek te pealdûnsjen út it eachpunt fan fitnesstraining of as in keunstsinnige utering. Sûnt likernôch 2005 hawwe de organisators fan pealdûnsfitnesswedstriden besocht om it imago fan pealdûnsjen te ûntdwaan fan 'e assosjaasje mei stripklubs en de striptease, mar it is in drege striid dy't se noch net wûn hawwe.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|