Xbiz Award

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Xbiz Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch Xbiz
frekwinsje 1x jiers
plak Hollywood (Kalifornje)
ynsteld 2003
1e útrikking 2003
offisjele webside
xbizawards.xbiz.com

De Xbiz Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films. Dizze prizen wurde útrikt troch it tydskrift Xbiz, ien fan 'e toanoanjaande blêden fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. De earste útrikking fûn plak yn 2003. Men kin nominearre wurde troch klanten fan Xbiz, en út 'e nominaasjes wurdt de winner keazen troch de meiwurkers fan Xbiz, lju dy't wurksum binne yn 'e pornoyndustry en dielnimmende organisaasjes.

Oarspronklik waard mei de útrikking fan dizze prizen úteinset om 'e online-pornoyndustry te earjen (dy't lofts lizze litten waard troch de oare beide grutte Amerikaanske pornofilmprizen, de AVN Awards en de XRCO Awards), mar om 2010 hinne binne foar de Xbiz Awards ek fideokategoryen tafoege. Under de pornoaktrises dy't alris in XRCO Award wûn hawwe, binne Jesse Jane, Vicki Chase, Katsuni, Tera Patrick, Belladonna, Eva Angelina, Asa Akira en Sasha Grey.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.