AVN Award

Ut Wikipedy
AVN Award
De útrikkingsseremoanje yn 2012.
De útrikkingsseremoanje yn 2012.
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar pornografyske film
útrikt troch AVN
frekwinsje 1x jiers
datum jannewaris
plak Las Vegas (Nevada)
ynsteld 1984
1e útrikking 1984
offisjele webside
www.avnawards.com

De AVN Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste pornografyske films en alles dat dêrmei te krijen hat. Dizze prizen wurde útrikt troch AVN (Adult Video News), it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Krekt as Amerikaanske mainstream-prizen (Oskar, Emmy, Tony, ensfh.) hawwe ek dizze prizen in bynamme krigen, ntl. de Woody (wat sawol in foarnamme is as in sprektaalterm foar "ereksje"). De AVN Awards wurde wol de Oskars fan 'e pornoyndustry neamd, mei't se op har eigen mêd in ferlykbere prestizjeuze status hawwe. Se binne opparte yn hast 100 ferskillende kategoryen.

Utrikking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De AVN Awards besteane sûnt febrewaris 1984. De útrikking fynt op 't heden plak yn begjin jannewaris, ûnder it AVN Adult Entertainment Expo yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada. Sûnt 2008 wurdt in ta 90 minuten ynkoarte ferzje fan 'e seremoanje útstjoerd op 'e betelstjoerder Showtime.

GayVN Awards[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Prizen foar homoseksuële pornografy makken fan 1986 oant 1998 ûnderdiel út fan 'e AVN Awards. Fanwegen it almar tanimmende oantal kategoryen is dêr yn 1999 in eigen groep prizen foar ynsteld: de GayVN Awards.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net mear besteande kategoryen tusken heakken.

Produksjekategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste fideopublikaasje
  • bêste film
  • bêste dvd
  • bêste gonzo-publikaasje
  • bêste gonzo-searje
  • bêste sekskomeedzje
  • bêste finjetpublikaasje
  • bêste finjetsearje
  • bêste folslein pornografyske publikaasje
  • bêste fuortsetting fan in fideosearje
  • bêste high definition-produksje
  • bêste ynteraktive dvd
  • bêste klassike dvd
  • bêste bûtenlânske film
  • bêste bûtenlânske folslein pornografyske publikaasje
  • bêste bûtenlânske folslein pornografyske searje
  • bêste anaal-pornografyske publikaasje
  • bêste anaal-pornografyske searje
  • bêste lesbyske publikaasje
  • bêste lesbyske searje
  • bêste net-blanke publikaasje (Aziatysk)
  • bêste net-blanke publikaasje (swart)
  • bêste net-blanke publikaasje (Latina)
  • bêste ynterrasiale publikaasje
  • bêste net-blanke searje
  • bêste point-of-view-publikaasje
  • bêste oraal-pornografyske publikaasje
  • bêste oraal-pornografyske searje
  • bêste amateur-publikaasje
  • bêste amateur-searje
  • bêste profesjoneel-amateur-publikaasje
  • bêste profesjoneel-amateur-searje
  • bêste alternative publikaasje
  • [bêste safe sex-publikaasje]
  • [bêste biseksuële fideo]
  • [bêste homoseksuële fideo]
  • [bêste homoseksuële alternative fideo]
  • [bêste homoseksuële solofideo]


Artystekategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer it hiele jier nommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste nije stjer
  • bêste manlike nijynkommeling
  • artyste fan it jier
  • manlike artyst fan it jier
  • bûtenlânske artyste fan it jier
  • bûtenlânske manlike artyst fan it jier
  • de Jenna Jameson crossover-stjer fan it jier
  • [transseksuële artyst fan it jier]
  • [artyst fan it jier (homoseksuële fideo)]
  • [nijynkommeling fan it jier (homoseksuële fideo)]


Foar in spesifyk optreden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

N.B.: De oantsjuttings "film" en "fideo" slane op it medium dêr't de oangeande film/sêne op opnommen is. Alle titels waarden/wurde inkeld op fideobân/dvd útjûn.

  • bêste aktrise (film)
  • bêste aktrise (fideo)
  • bêste akteur (film)
  • bêste akteur (fideo)
  • bêste byrol fan in aktrise (film)
  • bêste byrol fan in aktrise (fideo)
  • bêste byrol fan in akteur (film)
  • bêste byrol fan in akteur (fideo)
  • bêste net-pornografysk optreden
  • bêste opfiering fan in striptiis
  • [bêste akteur (homoseksuële fideo)]
  • [bêste byrol fan in akteur (homoseksuële fideo)]
  • [bêste net-pornografysk optreden (biseksuële/homoseksuële fideo)]


Sekssênekategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste lesbyske sekssêne (film)
  • bêste lesbyske sekssêne (fideo)
  • bêste anale sekssêne
  • bêste orale sekssêne (film)
  • bêste orale sekssêne (fideo)
  • bêste sekssêne mei in pearke (film)
  • bêste sekssêne mei in pearke (fideo)
  • bêste groepsekssêne (film)
  • bêste groepsekssêne (fideo)
  • bêste triosekssêne (fideo)
  • bêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje
  • bêste solosekssêne
  • skandalichste sekssêne
  • [bêste sekssêne (homoseksuële fideo)]


Technyske kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste screenplay (film)
  • bêste screenplay (fideo)
  • bêste rezjy (film)
  • bêste rezjy (fideo)
  • bêste sinematografy
  • bêste fideografy
  • bêste editing (film)
  • bêste editing (fideo)
  • bêste special effects
  • bêste filmmuzyk
  • bêste dvd-ekstra's
  • bêste dvd-menu's
  • [bêste screenplay (homoseksuële fideo)]
  • [bêste fideografy (homoseksuële fideo)]
  • [bêste editing (homoseksuële fideo)]
  • [bêste filmmuzyk (homoseksuële fideo)]


Spesjaliteitskategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • [bêste transseksuële publikaasje]
  • [bêste homoseksuële spesjaliteitspublikaasje]


Marketingkategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste dvd-ferpakking
  • bêste fideobânferpakking
  • bêste box cover-idee
  • bêste folsleine marketingkampanje (bedriuwsimago)
  • bêste folsleine marketingkampanje (yndividueel projekt)
  • bêste marketingwebside
  • bêste ferkeapwebside
  • [bêste box cover-idee (homoseksuële fideo)]
  • [bêste ferpakking (homoseksuële fideo)]


Spesjale kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • bêste hier-dvd fan it jier
  • bêste keap-dvd fan it jier


Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.