AVN (tydskrift)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Adult Video News)
AVN
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre fakblêd
frekwinsje 1x yn 'e moanne
bestean 1983 – no
plak haadred. Chatsworth (Los Angeles)
oplaach 40.000 (2006)
ISSN 0883-7090
offisjele webside
www.avn.com

AVN (in ôfkoarting foar Adult Video News), of AVN Magazine, is in ien kear yn 'e moanne ferskinend Amerikaansk fakblêd dat him taleit op it beskriuwen fan nije pornofilms, nij seksboartersguod en oare nije ûntwikkelings yn 'e pornografy. It waard yn 1983 oprjochte en hat him ûntjûn ta it tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. Hoewol't it ynherint ek in pornoblêd is, is dat net it earste doel fan AVN. De redaksje is fêstige yn Chatsworth, in wyk fan Los Angeles dy't it sintrum fan 'e pornoyndustry foarmet. Njonken de útjefte fan it (papierrene) blêd en in online-foarm dêrfan, is de namme fan AVN ek ferbûn mei it AVN Adult Entertainment Expo yn Las Vegas en mei de prestizjeuze AVN Awards, dy't as de Oscars fan 'e pornowrâld beskôge wurde kinne.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

AVN waard yn 1983 yn Philadelphia oprjochte troch Paul Fishbein, Irv Slifkin en Barry Rosenblatt. Slifkin hold it yn 1984 foar besjoen om't de Amerikaanske pornoyndustry almar mear oergie fan film op fideo, en hy gjin belangstelling hie foar it resinsearjen fan fideo's. Fishbein en Rosenblatt krigen yn 1987 rûzje, wêrnei't ek Rosenblatt AVN ferliet. Fishbein ferhuze it tydskrift neitiid nei Los Angeles, dêr't er de redaksje fêstige yn 'e wyk Chatsworth, yn 'e direkte neite fan in grut tal pornografyske filmstudio's. Yn 2010 ferkocht er it tydskrift en de byhearrende útjouwerij.

Tydskrift[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

AVN bestiet foar likernôch 80% út advertinsjes dy't rjochte binne op 'e pornofilmferkeapjende detailhannel. De restearjende 20% is opmakke út filmresinsjes (soms wol mear as 500 yn ien edysje) en koarte artikeltsjes oer oare saken dy't fan belang binne foar de pornoyndustry, lykas nij seksboartersguod, oare nije ûntwikkelings, it ôfsluten fan kontrakten troch akteurs of filmstudio's of it ferstjerren fan bekende persoanen út 'e pornoyndustry.

Oare aktiviteiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

AVN Online[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

AVN Online is in onlineferzje fan AVN, dy't itselde soarte resinsjes en artikels publisearret as AVN.

AVN Europe[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn oktober 2007 sette AVN útein mei de útjefte fan it earste pan-Jeropeeske Ingelsktalige fakblêd fan 'e pornoyndustry, dat AVN Europe kaam te hjitten. De redaksje wie fêstige yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. AVN Europe folge itselde stramyn as it Amerikaanske AVN, en publisearre eltse moanne resinsjes fan pornofilms en artikels oer oar porno-relatearre nijs. Ek stiene der eftergrûnartikels yn oer de histoaryske ûntwikkeling fan 'e Jeropeeske pornoyndustry, oanfolle mei stikken oer filmdistribúsjepatroanen en erotyk foar froulju. Yn it foarjier fan 2009 waarden de ambysjes wat nei ûnderen ta bysteld; fan dat stuit ôf waarden der gjin djipdollende artikels mear publisearre, mar ynstee fotoreportaazjes oer fakbeurzen en oar lichtgewichtmateriaal. Koarte tiid letter waard it tydskrift hielendal opdoekt; de lêste edysje wie dy fan juny 2009.

AVN Adult Entertainment Expo[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side AVN Adult Entertainment Expo.

It AVN Adult Entertainment Expo is in fjouwerdeiske konvinsje en fakbeurs fan 'e Amerikaanske pornoyndustry, dy't sponsore wurdt troch AVN. Dit expo wurdt elts jier yn jannewaris holden yn Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada, en is it grutste evenemint fan syn soarte yn 'e Feriene Steaten.

AVN Awards[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side AVN Awards.

De AVN Awards binne in groep prizen dy't troch AVN yn it libben roppen binne. Se wurde ienris yn it jier takend yn mear as 100 kategoryen, dy't it hiele spektrum berinne fan 'bêste film' en 'aktrise fan it jier' oant 'bêste anale sekssêne' en 'bêste webside fan in pornostjer'. De status fan 'e AVN Awards yn 'e Amerikaanske pornoyndustry wurdt faak ferlike mei dy fan 'e Oscars yn 'e mainstream-filmyndustry. De AVN Awards wurde útrikt op 'e lêste jûn fan it AVN Adult Entertainment Expo.

GayVN Awards[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

AVN sponsoret ek de GayVN Awards, in groep prizen dy't ienris yn 't jier útrikt wurde foar homoseksuële pornofilms en alles wat dêr mei te krijen hat. Fan 1988 oant 1998 wiene sokke prizen ûnderdiel fan 'e AVN Awards, mar mei yngong fan 1999 waard der in aparte útrikkingsseremoanje foar optúgd.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.