Springe nei ynhâld

Point of view

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Point-of-view)

Point of view of POV (wat "gesichtspunt" betsjut), of ek wol in subjektive kamera neamd, is in filmtechniek wêrby't it byld werjout wat ien fan 'e personaazjes sjocht. Yn tradisjonele films wurdt soks yn 'e regel allinne mar brûkt foar flitsen of koarte sênes, en dêr wurdt faak oanjûn dat it in point of view-opname is, troch it nei de opname te setten dêr't it personaazje nei eat yn sjocht, en foàr de opname dêr't syn/har reäksje út blykt. It komt ek foar dat de point of view-opname oer it skouder fan it personaazje filme wurdt, út it gesichtspunt fan 'e net-oanwêzige trêde man; sadwaande wurdt dy technyk third man point of view neamd. Soms, as de point of view-opname it gesichtspunt fan in bist sjen litte moat, wurdt it yn swart-wyt filme of op oare manearen ferwrongen of miskleure werjûn. Point of view is ien fan 'e fûneminten fan 'e kamerarezjy.

By it bredere publyk is point of view tsjintwurdich benammen bekend as in foarm fan pornografyske film, wêrby't it geslachtsferkear filme is út it gesichtspunt wei fan 'e akteur dy't seksuële omgong hat mei ien of mear aktrises. De bedoeling dêrfan is om 'e sjogger it idee te jaan dat de aktrise(s) mei himsels oan it omslaan binne. POV-films hawwe har de lêste fyftjin jier ta in tige populêr subsjenre fan 'e pornografy ûntwikkele.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.