Jenna Jameson

Ut Wikipedy
Jenna Jameson
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Daisy Holiday, Daisy Maze,
Jennasis,
echte namme Jennifer Marie Massoli
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 april 1974
berteplak Las Vegas (Nevada)
etnisiteit Italjaansk
Ingelsk
Ulstersk
Dútsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise, regisseur,
produsinte
jierren aktyf 19932014
offisjele webside
clubjenna.com

Jenna Jameson, echte namme: Jennifer Marie Massoli (Las Vegas, 9 april 1974), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoregisseur, pornoprodusinte, mainstream-aktrise en presintatrise fan mingd Italjaansk-Ingelsk-Ulstersk-Dútsk komôf, dy't yn it begjin fan har karriêre ek wol gebrûk makke fan 'e artystenammen Jennasis, Daisy Holiday en Daisy Maze.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jenna Jameson waard berne yn Las Vegas, yn 'e steat Nevada. Har heit, Laurence Henry Massoli, wie in plysjeman by it Las Vegas Sheriff's Department, en har mem, Judith, Brooke Hunt, wie in showgirl dy't optrede yn it Tropicana Resort & Casino. Doe't Jameson twa jier wie, stoar har mem oan hûdkanker. Mei't se gjin syktekostefersekering hân hie, gie it gesin suver te sink oan 'e kosten fan har behanneling. Se ferhuzen binnen Nevada en letter nei plakken yn Arizona en Montana, ornaris tahâldend yn steancaravanparken, dy't yn 'e Feriene Steaten de taflechtsoarden fan 'e earmen binne.

Neffens har autobiografy waard Jameson yn 1990, doe't se sechstjin jier wie en doe't it gesin yn Fromberg, yn Montana, op in feeranch wenne, it slachtoffer fan in groepsferkrêfting troch fjouwer tinerjonges, doe't se nei in footballwedstryd liftsjend thús besocht te kommen. Datselde jiers waard se nochris ferkrêfte troch "Preacher", de omke fan har freon Jack (hoewol't se nea oanjefte dien hat en "Preacher" it misdriuw altiten ûntkend hat). Ynstee fan har heit of âldere broer Tony yn fertrouwen te nimmen, gie se út 'e hûs wei en loek se by Jack yn, dy't himsels ûnderhold troch tatoeaazjes te setten. Mei gauwens ferfear it pear nei Las Vegas.

Iere karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jameson besocht en folgje yn har memme fuotspoaren troch in showgirl yn Las Vegas te wurden, mar se waard ferskate kearen ôfwiisd om't se net lang genôch wie (se is 1.70 m, wylst de standertlingte foar showgirls doedestiden 1.73 m wie). By Disneyland Resort waard se al oannommen, mar har baan dêre joech se der nei in pear moanne oan fanwegen it (yn har eagen) idioate wurkskema en it lege lean.

Har freon Jack fitere har oan om wurk te sykjen as stripper, en yn 1991 sette se útein mei te strippen yn ûnderskate stripklubs yn Las Vegas, wêrby't se gebrûk makke fan in ferfalske identifikaasjebewiis, mei't se doe santjin jier en dus noch minderjierrich wie. Al rillegau fertsjinne se sa'n $ 2.000,— de jûn. Dat wie noch foar't se har middelbere skoaloplieding ôfrûne oan 'e Bonanza High School. It wie yn dyselde snuorje dat se de artystenamme "Jenna Jameson" oannaam: "Jenna" nei har eigen foarnamme Jennifer, en "Jameson" nei it whiskey-merk dat se graach dronk.

Njonken har strippen begûn se letter datselde jiers ek te wurkjen as model foar neakenblêden, lykas de Penthouse, Hustler, High Society en Chéri. Yn 't earstoan posearre hja dêrby foar de ferneamde neakenfotograaf Suze Randall, yn Los Angeles, mar nei ferrin fan tiid briek se dy gearwurking ôf, mei't se it gefoel hie dat Randall op finansjeel mêd misbrûk makke hie fan har ûnbekendheid mei de gong fan saken yn 'e neakenfotografy.

Wylst se noch op 'e middelbere skoalle siet, rekke se ferslave oan 'e drugs (se naam kokaïne, lsd en amfetaminepillen), ûnder ynfloed fan har broer Tony, dy't sels oan 'e heroïne wie. Yn 'e fjouwer jier dat se by har freon Jack ynwenne, waard har ferslaving wat langer wat slimmer, oant se te meager wie om noch as stripper of neakenmodel wurkje te kinnen. Doe't in freon har op 't langelêst op it fleantúch sette nei har heit, om ôf te kicken, weage se noch mar 35 kg; har heit koe har net werom doe't er har op it fleanfjild ôfhelle.

Pornokarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens Jameson sels sette se útein mei te aktearjen yn pornografyske films by wize fan wraak op har freon Jack, fanwegen syn ûntrou (hy beëinige harren relaasje yn 1994). Har earste pornografyske rol hie se yn 1993, yn in sêft-pornografyske film fan regisseur Andrew Blake, tegearre mei har freondin Nikki Tyler, dy't se kennen leard hie wylst se modellewurk die foar Suze Randall. Har debút yn in hurd pornografyske film makke se yn 1994, yn Up and Cummers 11, mei akteur Randy West. Fan har salaris fan har earste films betelle se yn july 1994 in boarstfergruttingsoperaasje. Yn 1995 tekene se in kontrakt by it label Wicked Pictures, doe noch in lytse pornografyske filmstudio, dy't sûnt mei troch har útgroeid is ta ien fan 'e grutten.

Jenna Jameson ier yn har karriêre.

Jenna Jameson hie al hiel gau grut súkses as pornoaktrise, ek al hat se nea anale pornografy of dûbele penetraasje dwaan wollen. Likemin hat se ea ynterrasiale pornografy dien, nettsjinsteande de ûnbidige populariteit fan dat subsjenre sûnt 2000. Doe't se dêrnei frege waard yn it beruchte radioprogramma fan Howard Stern, sei sa dat it nea oan 'e oarder west hie, mei't der yn har tiid net in protte swarte akteurs yn 'e pornoyndustry wiene (in bewearing fan twifelich gehalte) en dat net ien fan harren foar itselde label wurke as sysels. Tsjin 2001 fertsjinne Jameson $ 60.000,— foar oardel dei wurk (oftewol it filmjen fan ien inkele dvd), en $ 8.000,— de jûn foar optredens yn stripklubs. Se besocht har yn dy tiid te beheinen ta fiif films yn it jier en twa wiken fan optredens de moanne.

Uteinliks soe se ûnder har karriêre yn totaal yn likernôch 165 pornofilms spylje. Teffens hat se fjouwer films sels regissearre. Dêrfoar wûn se withoefolle prizen, wêrûnder mar leafst 15 AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) en 5 Hot d'Ors, de wichtichste Jeropeeske pornografypriis. Boppedat waard se opnommen yn sawol de Hall of Fame fan 'e AVN as fan 'e XRCO. Yn augustus 2007 liet se har boarstymplantaten ferlytsje fan in D- nei in C-kup, en makke se bekend dat se net mear yn pornografyske films foar de kamera ferskine soe. Dat bliek net hielendal wier te wêzen, om't se ek neitiid noch (sporadysk) oant 2014 yn pornofilms spile. Dêrnjonken bleau se fral efter de skermen wurksum yn 'e pornoyndustry.

Njonken har rollen yn films makke se ek pornografy foar har eigen ynternetbedriuw ClubJenna, dat se yn 2000 mei har lettere man, pornoakteur Justin Sterling (echte namme: Jay Grdina), opsette. Foar de produksje fan films tekene se letter in gearwurkingsoerienkomst tusken ClubJenna en de studio Vivid Entertainment. Yn 2007 brocht ClubJenna $ 30 miljoen jiers op. Yn 2006 ferkocht se it bedriuw oan it Playboy-concern fan Hugh Hefner, hoewol't sy en Grdina wol oanbleaune yn bestjoerende funksjes. Sûnt 2005 is Jameson teffens foar in part eigner fan in stripklub yn Scottsdale, yn Arizona.

Yn 2004 kaam Jameson har autobiografy út, How to Make Love Like a Porn Star: A Cautionary Tale ("Hoe de Leafde te Bedriuwen as in Pornostjer: In Ferhaal mei in Warskôging"). It waard mei-skreaun troch Neil Strauss, in sjoernalist fan 'e krante The New York Times en it blêd Rolling Stone, en wie fuortendaliks in bestseller. It stie seis wiken yn 'e bestsellerlist fan The New York Times en waard yn 2005 oerset yn it Dútsk as Pornostar: Die Autobiographie, en yn 2006 yn it Spaansk as Cómo Hacer El Amor Igual Que Una Estrella Porno.

Mainstream-karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jameson stiet bekend as ien fan 'e Amerikaanske pornoaktrises dy't de measte crossovers (oerstappen) nei de mainstream-yndustry makke hat. Sasear sels, dat de AVN yn 2007 syn crossover-priis omneamde ta the Jenna Jameson Crossover Star of the Year Award. Jameson har oerstappen begûnen mei har optredens yn it radioprogramma fan Howard Stern, dêr't se mear as tritrich kear te gast wie. Ek spile se yn 1997 de rol fan Mandy, "de earste neakene frou op 'e radio", yn Stern syn semy-autobiografyske film Private Parts. Yn 1998 ferskynde Jameson ferskate kearen yn programma's fan it ECW-Amerikaansk wrakseljen, en yn 1999 presintearre se in pear ôfleverings fan 'e show Wild On!, op 'e betelstjoerder E!.

Jenna Jameson op 'e útrikking fan 'e Xbiz Awards, yn 2005.

Yn july 2001 spile se in animearre ferzje fan harsels yn in ôflevering fan 'e tekenfilmsearje Family Guy, en fierders wurke se mei oan 'e produksje fan twa fideospultsjes. Sa die se yn Grand Theft Auto: Vice City de stim fan in personaazje mei de namme Candy Suxxx; dêrfoar wûn se yn 2003 in G-Phoria Glow Award (de wichtichste Amerikaanske priis foar fideospultsjes) yn 'e kategory bêste froulike stim. Fierders figurearre se yn 2001 yn 'e fideoklip fan it nûmer Without Me fan rapper Eminem.

Op 'e tillefyzje wie Jameson û.m. te sjen yn twa ôfleverings fan 'e searje Mister Sterling, op 'e stjoerder NBC, yn 2003, en yn in ôflevering fan 'e realityshow The Simple Life, mei Paris Hilton en Nicole Richie. Fierders presintearre se ferskate jierren it programma Jenna's American Sex Star, op 'e betelstjoerder Playboy TV. Nei't yn 2004 har autobiografy útkommen wie, waard se teffens ynterviewd op NBC, CNBC, Fox News en CNN. As aktrise figurearre Jameson yn 'e low budget-horrorfilm Samhain, út 2002 (dy't pas yn 2005 útbrocht waard ûnder de titel Evil Breed: The Legend of Samhain) en de horrorfilm Sin-Jin Smyth, út 2006, en hie se de haadrol yn 'e horrorkomeedzje Zombie Strippers, út 2008. Yn 2006 waard Jameson de earste pornoaktrise dy't in eigen waaksen byld krige yn it waaksenbyldemuseum fan Madame Tussaud, te Las Vegas.

Guon fan har ferskinings lieten stof opwynderje, lykas in fraachpetear dat se yn 1999 die mei it tydskrift anneks moadekatalogus A&F Quarterly, fan 'e moadekeatling Abercrombie & Fitch. Dat wie nammentlik foar Jennifer Granholm, de prokureur-generaal fan Michigan, en Corinne Wood, de fise-gûverneur fan Illinois, reden om harren út te sprekken tsjin A&F Quarterly. Nei't ek organisaasjes fan besoarge âldelju en fûnemintalistyske kristlike groepearrings har der mei bemuoiden, waard it blêd úteinlik yn 2003 opdoekt. Yn febrewaris fan datselde jier woe skuonnemerk Pony International Jameson en ferskate oare pornoaktrises ynsette yn in reklamekampanje foar sportskuon. Presintator Bill O'Reilly, fan 'e stjoerder Fox News, betitele dat as "it brûken fan kwasy-prostituees om gympys te ferkeapjen". Jameson stjoerde in e-mail nei Fox News, wêryn't se skreau: "Ik hoopje dat Bill it ferskil tusken in pornostjer en in prostituee begrypt. Ik nim oan dat er wat ûndersyk dien hat nei dat ûnderwerp, want nei't we syn fraachpetear mei my opnommen hiene, frege er my om guon fan myn fideo's. Dy sil er grif om beropsmjittige redens hawwe wollen hawwe."

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer har sekslibben hat Jameson tsjinstridige útspraken dien; se hat sawol sein dat se biseksueel is, as dat se "folslein hetero" is. Ek hat se ferteld dat har bêste relaasje ea de lesbyske relaasje wie dy't se yn 'e midden fan 'e njoggentiger jierren hie mei Nikki Tyler. Jameson hat ûnderskate relaasjes mei ferneamde manlju hân, lykas de sjongers Marilyn Manson en Tommy Lee.

Jenna Jameson yn 2008.

Op 20 desimber 1996 troude se mei kollega-pornoakteur en -regisseur Brad Armstrong (echte namme: Rodney Hopkins). Harren houlik duorre mar tsien wiken, en einige yn in skieding fan tafel en bêd yn maart 1997 nei't Armstrong ûntdutsen hie dat Jameson in bûtenechtlike relaasje begûn wie mei in Jorge Araya Montoya, mei wa't se op in besyk oan Kosta Rika yn 'e kunde kommen wie.

Yn maart 2001 folge der in formele skieding, mar lang foar dy tiid wie Jameson al in relaasje begûn mei kollega-pornoakteur Justin Sterling (echte namme: Jay Grdina), dy't se yn 'e simmer fan 1998 kennen leard hie. Fan 1998 oant de ein fan har pornografyske karriêre yn 2007 wie dat Jameson har iennichste manlike tsjinspiler. Se ferloofden harren yn desimber 2000 en trouden op 22 juny 2003. Mei him sette Jameson har nei wenjen yn Arizona en besocht se fan 2004 ôf bern te krijen (se wie fan doel om har pornokarriêre te beëinigjen sa gau't dat slagge). Yn novimber fan dat jier, doe't se yn ferwachting rekke wie, waard by har hûdkanker fêststeld, de sykte dêr't har mem oan stoarn wie. Hoewol't se der op 'e tiid by wie en der hielendal fan genêzen is, krige se koart nei't de diagnoaze steld wie, in miskream. Neitiid slagge it har net mear om op 'e nij yn ferwachting te reitsjen, sels net mei reägearbuisbefruchting, en neffens har eigen sizzen late dat ta it útinoarfallen fan har houlik. Yn augustus 2006 giene Jameson en Sterling útinoar, wêrnei't Jameson yn desimber in formele skieding oanfrege.

Yn oktober datselde jiers krige Jameson in relaasje mei fjochtsportkampioen Tito Ortiz, mei wa't se yn 'e kunde kaam op it sosjale medium Myspace. Op 12 novimber sei Ortiz in optreden as earegast op it jubileumbal fan it Amerikaanske Korps Mariniers, yn San Diego, ôf doe't de korpslieding him tastimming wegere om Jameson mei te nimmen dêrhinne. Op 'e útrikking fan 'e AVN Awards, yn 2008, dy't sy presintearre, stelde Jameson Ortiz foar oan it publyk en makke se harren relaasje offisjeel buorkundich. Se sette har mei Ortiz nei wenjen yn Huntington Beach, yn Kalifornje. Op 16 maart 2009, op har 34ste, brocht Jameson de twilling Jesse Jameson en Journey Jette te wrâld.

Op 26 april 2010 waard Ortiz arrestearre foar húslik geweld, en Jameson waard letter fotografearre mei in ferbûne earm. Hy beskuldige har derfan dat se ferslave wie oan 'e drug oksykodon, en sy beskuldige him fan mishanneling. Letter loeken se beiden dy ferklearrings yn en fermoedsoenen se har mei-inoar. Op 25 maaie 2012 ried Jameson har Range Rover yn it Kalifornyske Westminster tsjin in lantearnepeal oan; se waard neitiid oppakt foar riden ûnder ynfloed en riden sûnder jildich rydbewiis, en feroardiele ta trije jier proeftiid, in boete fan $ 340,— en ferplichte terapy. Op 6 april 2013 waard Jameson op 'e nij oppakt, diskear yn Newport Beach, yn Kalifornje, foar mishandeling fan har assistinte Britney Markham mei in iPhone-hâlder.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jenna Jameson mei har eks-man Justin Sterling op 'e útrikking fan 'e Xbiz Awards, yn 2005.
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1995 NightMoves Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
1996 AVN Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
wûn bêste aktrise (fideo) Wicked One
wûn bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei T.T. Boy) Blue Movie
FOXE Award wûn video vixen ("fideokanjer") n.f.t.
Hot d'Or wûn bêste nije Amerikaanske stjer n.f.t.
wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
XRCO Award wûn stjer fan it jier n.f.t.
1997 AVN Award wûn bêste sekssêne mei in pearke (film) (mei Rocco Siffredi) Jenna Loves Rocco
wûn bêste sekssêne mei in pearke (fideo) (mei Vince Vouyer) Conquest
FOXE Award wûn froulike favoryt fan 'e fans n.f.t.
Hot d'Or wûn bêste Amerikaanske aktrise n.f.t.
1998 AVN Award wûn bêste lesbyske sekssêne (mei Missy) Satyr
FOXE Award wûn froulike favoryt fan 'e fans n.f.t.
Hot d'Or wûn bêste Amerikaanske aktrise Sexe de Feu, Cœur de Glace
1999 Hot d'Or wûn bêste Amerikaanske film Flashpoint
2003 AVN Award wûn bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Autumn en Nikita Denise) I Dream of Jenna
G-Phoria Glow Award wûn bêste froulike stim (yn in fideospultsje) Grand Theft Auto: Vice City
2004 AVN Award nominearre bêste solosekssêne My Plaything: Jenna Jameson 2
nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Carmen Luvana) My Plaything: Jenna Jameson 2
wûn bêste ynteraktive dvd My Plaything: Jenna Jameson 2
XRCO Award wûn bêste lesbyske sekssêne (mei Carmen Luvana) My Plaything: Jenna Jameson 2
2005 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (mei Belladonna) Bella Loves Jenna
nominearre bêste orale sekssêne (mei Justin Sterling) The Masseuse
wûn bêste aktrise The Masseuse
wûn bêste lesbyske sekssêne (mei Savanna Samson) The Masseuse
wûn bêste sekssêne mei in pearke (mei Justin Sterling) The Masseuse
XRCO Award wûn mainstream-pornomediafavorite (foar de autobiografy How to Make Love Like a Porn Star: A Cautionary Tale;
dield 1ste plak mei Seymore Butts foar Family Business)
n.f.t.
ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2006 AVN Award nominearre bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Tawny Roberts) Last Girl Standing
nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Krystal Steal) Krystal Method
wûn bêste lesbyske sekssêne (film) (mei Savanna Samson) The Devil in Miss Jones
wûn bêste byrol fan in aktrise (film) The Devil in Miss Jones
wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.
ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.
FAME Award wûn meast seksy lichem n.f.t.
wûn favorite pornoaktrise n.f.t.
Xbiz Award wûn sakefrou fan it jier n.f.t.
2007 AVN Award nominearre bêste artdirector (film) Jenna's Provocateur
nominearre bêste regisseur (film) Jenna's Provocateur
wûn crossover-stjer fan it jier n.f.t.
FAME Award wûn favorite artyste aller tiden n.f.t.
2008 AVN Award nominearre bêste aktrise (fideo) Janine Loves Jenna
nominearre bêste lesbyske sekssêne (fideo) (mei Janine Lindemulder en Justine Joli) Janine Loves Jenna
nominearre bêste sekssêne mei in pearke (mei Justin Sterling) Janine Loves Jenna
nominearre bêste groepsekssêne (fideo) (mei Belladonna, Cindy Crawford, Nikita Denise, Allura Eden, Aurora Snow en T.T. Boy) Janine Loves Jenna
2009 AVN Award nominearre bêste aktrise Burn
nominearre bêste lesbyske triosekssêne (mei Dee en Nicole Sheridan) Gallery Blue

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.