Springe nei ynhâld

Neakenfotografy

Ut Wikipedy
In foarbyld fan keunstsinnige neakenfotografy. (Model Iryna Stevens, foto fan Jim Sweenley.)

Neakenfotografy is it neaken fotografearjen fan it minsklik lichem. Der besteane ferskate redens om minsken neaken op 'e foto setten.

Yn it foarste plak moat men dêrby tinke oan wittenskiplike en ûnderrjochtsjende doelen, lykas etnografyske stúdzjes, ûndersyk nei de minsklike fysiology, en ûnderwiis op it mêd fan biology en mear spesifyk seksuële omgong. By foto's dy't om sokke redens makke wurde, leit de klam net op skientme of erotyk, mar op it ûnderwerp wêrfoar't de foto makke wurdt. Sokke foto's binne yn begjinsel fan in illústratyf aard, en krije dêrom gauris in ûnderskrift dat de oandacht fêstiget op wichtige ûnderdielen om 'e byhearrende tekst te ûnderstypjen.

Oard foarmet neakenfotografy in wichtich ûnderdiel fan fotografyske keunst, wêrby't mei û.m. kosmetika en beljochting de klam lein wurdt op 'e estetyske skientme en op kreätiviteit, sadat erotyk mar in bykommende saak wurdt. Yn dizze foarm giet neakenfotografy werom oant de njoggentjinde iuw, fuort nei't de fotografy útfûn wie. Manlike neakenens hat hjirby altiten minder populêr west as froulike neakenens, mar dat wie ek al sa by neakenskilderijen, wêr't dizze keunstfoarm eins in fuortsetting fan is.

Georgia O’Keeffe, Hands and Breasts (1919) fan Alfred Stieglitz.

Trêd is der glamourfotografy, wat in sjenre fan fotografy is wêrby't de ûnderwerpen, dy't faker al as net froulik binne, portrettearre wurde op in romantyske of seksueel oantreklike manear. De modellen kinne dêrby folslein oanklaaid of foar in part ûntklaaid wêze, mar binne nea hielendal neaken. Ek minderjierrigen kinne it ûnderwerp wêze fan glamourfotografy, mar dy sille dan net ûntklaaid yn byld brocht wurde.

In stap fierder giet neakenfotografy foar folwoeksenen, bekend út neakenblêden as de Playboy en de Penthouse, wêrby't in neakenmodel hielendal út 'e klean giet en faak ek har fagina sjen lit. Al moat hjirby oantekene wurde dat in protte fotorapportaazjes út 'e Playboy, benammen dy fan bekende persoanen, keunstsinnige aspiraasjes hawwe. Soks is faak daliks al te sjen oan it format: as de rapportaazje hielendal of foar in part yn swart-wyt is, wol men it yn 'e regel artistyk lykje litte.

Wer in stap fierder giet pornografyske fotografy, wêrby't de modellen net inkeld neaken posearje, mar boppedat seksuële hannelings ferrjochtsje, dy't útinoar rinne kin fan masturbaasje oant folslein geslachtsferkear. Oer it algemien wurdt hjir de grins lutsen fan wat noch ta neakenfotografy rekkene wurde kin, en falt pornografyske fotografy dêr dus net ûnder.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: