Estetyk

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De estetyk of estetika is de lear fan 'e sintúchlike waarnimming, mear spesifyk de tûke fan 'e filosofy dy't him dwaande hâldt mei it aard fan skientme en keunst. De oantsjutting keunstfilosofy wurdt ornaris as synonym foar dit begryp brûkt, hoewol't it eins in eigen, sij it nau besibbe fakgebiet beslacht. De estetyk wol wearden en oardielen hifkje dy't foarme binne op basis fan smaak. Beide foarmen fan 'e term, sawol 'estetyk' as 'estetika', binne ôflaat fan it Grykske wurd αἰσθητικός, aisthetikos, dat de eigenskipswurdlike ferbûging is fan αἰσθησις, aisthesis. De betsjutting dêrfan is "sintúchlike ûnderfining", mar ek "gefoel". In beoefener fan 'e estetyk is in estetikus (mt.: estetisy). Guon fan sokken hawwe har mêd fan wittenskip omskreaun as "de krityske beprakkesearring fan keunst, kultuer en natoer".

As wittenskip beflapt de estetyksawol natuerlike as keunstmjittige boarnen fan estetyske ûnderfining en beoardieling. It ûndersiket wat der yn it minsklik ferstân bart as men op sintúchlike wize omgiet mei estetyske foarwerpen of fermiddens. Soks kin bgl. dien wurde troch nei fisuele keunst te sjen, nei muzyk te harkjen, poëzij of literatuer te lêzen of de natoer te ferkennen.

De estetyk en de keunstfilosofy binne oanfoljende foarmen fan filosofy. Wylst de estetyk ûndersiket hoe't minsken estetyske dingen ûndergeane, brûke, bekritisearje en/of derfan genietsje, ûndersiket de keunstfilosofy spesifyk hoe't keunstners ta in foarstelling fan harren keunst komme, hoe't se dêrnei de foarstelde keunst skeppe en yn it gefal fan flechtige keunst (lykas in muzykfoarstelling of in toanielstik) hoe't se harren keunst opfiere. De estetyk giet dêrnei fierder troch witte te wollen wêrom't minsken guon keunstwurken wol en oaren net wurdearje kinne, en ek hoe't it kin dat estetyske dingen sa'n ynfloed op 'e minsklike gemoedstastân hawwe kinne. Sawol de estetyk as de keunstfilosofy stelle fragen as: "Wat is keunst?", "Wat is in keunstwurk?", en "Wat makket keunst goed?"

As wittenskiplike term waard "estetyk" yn 1735 yntrodusearre troch de Dútske filosoof Alexander Gottlieb Baumgarten. Dat betsjut lykwols net dat it fakgebiet doe nij wie; men fynt beskate oertinkings fan wat "estetyk" neamd wurde kin al yn it wurk fan Aldgrykske wiisgearen as Plato en Aristoteles.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.