Kosmetika

Ut Wikipedy
In útstalling fan kosmetikaprodukten yn in winkel yn Poalen.

Kosmetika (fan it Grykske κοσμητικὴ τέχνη, kosmetike techne, "technyk fan oanklaaiïng en fersiering") is in sammelnamme foar produkten dy't te krijen hawwe mei persoanlike fersoarging. De bekendste kategory kosmetika wurdt foarme troch make-up, dat bedoeld is om 'e uterlike skientme fan minsken te fergrutsjen, mar ek produkten op it mêd fan hûdfersoarging, hierfersoarging en rûkersguod falle ûnder kosmetika. Kosmetika binne makke fan gemyske middels, dy't òf wûn wurde út natuerlike stoffen, òf syntetysk kreëarre binne yn laboratoaria. Minsken mei in hûd dy't oerhinget ta aknee kinne kosmetika faak better links lizze litte, om't de griemmank fan stoffen yn sokke produkten by harren gauris ta útbraken liede sil.

Soarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Make-up is de bekendste kategory kosmetika, en it earste dêr't de measte minsken oan tinke as se it wurd hearre. Ta dizze groep hearre produkten as:

Hûdfersoargingsprodukten binne:

Hierfersoargingsprodukten binne:

Rûkersguodprodukten binne:

Produkten op it mêd fan algemiene hygiêne, lykas sjippe en toskpoetsersguod, wurde ornaris net ta kosmetika rekkene. De Feroardering (EG) nr. 1223/200900 fan it Jeropeesk Parlemint en de Ried fan Jeropa, datearjend fan 30 novimber 2009, jout fan kosmetika lykwols de neifolgjende definysje:

"alle stoffen of mingsels dy't bestimd binne om yn oanrekking brocht te wurden mei de dielen fan it minsklik lichemsoerflak (boppehûd, behierring, hier, neilen, lippen en útwindige geslachtsorganen) of mei de tosken en kiezzen en de mûlslymfluezzen, mei it útslutende of haadsaaklike doel dy te reinigjen, te parfumearjen, it uterlik derfan te wizigjen en/of foarneamde lichemsdielen te beskermjen of yn goede steat te hâlden of lichemsrook te korrizjearjen"

Under dy definysje falle sjippe en toskpoetsersguod, en trouwens ek kondooms, dan wer wol.

Wetjouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kommersjele ferkeap fan kosmetika is bûn oan strange regels. Sûnt 1977 is it yn Nederlân ferbean om foar sokke produkten dierproeven út te fieren. De easken dêr't kosmetikaprodukten en de yngrediïnten dêrfan oan foldwaan moatte, wiene foarhinne wetlik fêstlein yn 'e Kosmetikarjochtline fan 'e Jeropeeske Uny. Dy rjochtline waard yn Nederlân yn 1979 fan krêft fia it Kosmetikabeslút yn oanfolling op 'e Warewet. Yn 2009 waard de Jeropeeske Kosmetikaferoardering opsteld, dy't fan july 2013 ôf fan krêft waard. De feroardering kaam doe yn it plak fan 'e eardere rjochtline. De nije easken omfetten û.o. in strangere feilichheidsbeoardieling en regels foar de tapassing fan nanotechnology yn kosmetika. Ek moatte alle yngrediïnten fan in produkt fermeld wurde op 'e yngrediïntedeklaraasje op it etiket. Ek oan 'e etikettearring binne easken steld, sadat klanten ferskillende produkten mei-inoar ferlykje kinne troch in beskate unifoarmiteit fan 'e ferpakking. De minimale hâldberheid wurdt op etiketten fan kosmetikaprodukten oantsjut yn it tal moannen, oanjûn mei de letter M.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.