Lippotlead

Ut Wikipedy
In lippotlead.

In lippotlead of lippepotlead, mei in Ingelsk lienwurd ek wol in lipliner neamd, is in soarte make-up en in foarm fan kosmetika dy't bedoeld is om kontoeren om 'e lippen hinne oan te bringen. Dat aksintuëarret de foarm en kleur fan 'e lippen. In lippotlead wurdt ornaris brûkt yn kombinaasje mei lippestift, dat mear kleur oan 'e lippen jout. Lippotleaden besteane foar it meastepart út waaks, ferskate oaljes en pigmint foar de kleur. Dit produkt is yn omrin sûnt de 1920-er jierren.

By it gebrûk fan lippotlead yn kombinaasje mei lippestift moat men der wol foar soargje dat de lippestift binnen de rânen bliuwt dy't oanbrocht binne mei it lippotlead. Earst de lippestift en dêrnei de rânen oanbringe, is problematysk, mei't lippestift ek foar it meastepart bestiet út waaks, dêr't it lippotlead net (goed) op ôfjaan wol. By gebrek oan lippestift of gewoan in ôfwikende foarkar kin men der ek foar kieze om 'e hiele lippen yn te kleurjen mei potlead en de lippestift wei te litten. De lippotleadrânen komme foar dat de lippestift útrint en de lippen in ûneven foarm krije (fral as it om floeibere lippestift giet dy't mei in kwastke oanbrocht wurdt). Men kin troch it gebrûk fan in lippotlead yn kombinaasje mei lippestift ek de yllúzje jaan dat de lippen grutter binne as se eins echt binne, troch mei de linen fan it potlead net de liprânen te folgjen, mar der omhinne te gean.

Lippotleaden hawwe ornaris in kleur dy't liket op hûdskleur, lykas rôze of brún, mar komme ek yn dûnkerder farianten foar, lykas swart, dûnkerrôze of dûnkerread. It is oan te rieden om 'e kleuren fan it lippotlead en de lippestift te koördinearjen, sadat de kombinaasje natuerlik liket. Yn 'e 1990-er jierren kaam der in nije trend yn 'e moade wat it gebrûk fan lippotlead oangie: de kombinaasje fan in ljochte kleur lippestift mei in dûnkere kleur lippotlead, wat in dramatysk effekt jout. Der wurde ek kleurleaze lippotleaden ferkocht, dy't wol foarkomme dat de lippestift útrint, mar fierders ûnsichtber binne. Om't lippotleaden goed ôfjaan moatte, binne se tige sêft. Sokke potleaden moatte dêrom gauris slipe wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.