1920-er jierren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
1920-er jierren
Vivian Marinelli jout Amerikaanske basketbalspilers les yn it dûnsjen fan 'e charleston (1926).
Vivian Marinelli jout Amerikaanske basketbalspilers les yn it dûnsjen fan 'e charleston (1926).
<< 1910-er jrn  •  1920-er jrn  •  1930-er jrn >>
1920   •   1921   •   1922   •   1923   •   1924
1925   •   1926   •   1927   •   1928   •   1929

De 1920-er jierren, ek oantsjut as de tweintiger jierren en de jierren ’20, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1921 en duorre it oant en mei 31 desimber 1930, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1920 oant en mei 31 desimber 1929. Dit earste desennium fan it Ynterbellum krige yn it Ingelsk de bekende bynamme fan 'e Roaring Twenties, letterlik de "Brullende Tweintiger Jierren", in oantsjutting dy't ferwiist nei de ekonomyske oplibbing nei de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch, de maatskiplike en kulturele fernijings yn it Westen en de algemiene positive ynstelling dy't it desennium dominearre. Wylst guon dielen fan 'e wrâld, benammen yn East-Jeropa, ôfglieden nei faksisme mei totalitêre rezjyms, oerhearske yn Noard-Amearika en West-Jeropa oer it algemien it optimisme. Dêr kaam abrupt in ein oan mei de beurskrach fan 1929, dy't it begjin fan 'e Grutte Depresje en de oergong nei de 1930-er jierren foarme.

Oersjoch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tweintiger jierren wiene it earste desennium fan it Ynterbellum, doe't de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch en de Spaanske gryp noch mar krekt efter de rêch wiene. De lju woene dy snuorje it leafst sa gau mooglik ferjitte en de ekonomyske oplibbing holp dêrby. Fral de Feriene Steaten profitearren fan in heechkonjunktuer dy't ferlykber wie mei dy yn 'e fyftiger en sechstiger jierren, nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch. Mar tagelyk tierde ek de misdie dêr wielderich; de tweintiger jierren wiene nammentlik yn 'e Feriene Steaten ek de tiid fan 'e Drûchlizzing, dy't duorre fan 1919 oant 1933. Dat stelde foaroanmannen fan 'e organisearre misdie, lykas Al Capone, Lucky Luciano en Bugsy Siegel, by steat en meitsje harren fortún mei de smokkel en swarthannel yn alkoholhâldende drank.

Súd-Amearika makke yn 'e tweintiger jierren in oalje-boom troch, dy't fan Fenezuëla de op ien nei grutste ierdoalje-eksporteur fan 'e wrâld makke. Yn West-Jeropa gie it ek goed mei de ekonomy, hoewol't Dútslân, de oanstichter (en ferliezer) fan 'e Earste Wrâldoarloch, suchte ûnder de swiere lêst fan ferhelbetellings dy't de Alliëarden dat lân by it Fredesferdrach fan Versailles oplein hiene. Dat late dêr al yn 1923 ta hyperynflaasje, mei as gefolch in ûnfermogen om oan 'e skulden te foldwaan, wat wer oanlieding joech ta de Besetting fan it Ruhrgebiet troch Frankryk en Belgje. Ek oare lannen kampten yn 'e tweintiger jierren mei de gefolgen fan 'e Earste Wrâldoarloch. Sa hie Itaalje, dat oan 'e Alliëarde side fochten hie, in grutte priis oan jild en minskelibbens betelle, mar, nei de miening fan in grut diel fan 'e befolking, amper dield yn 'e oarlochsbút. Sa wie gjin inkele Dútske koloanje oergien yn Italjaanske hannen. In protestbeweging fan ûntefreden oarlochsfeteranen woeks út ta in faksistyske revolúsje dy't yn 1922 Benito Mussolini oan 'e macht brocht.

Yn 'e Sovjet-Uny wiene de kommunisten ûnder lieding fan Vladimir Lenin en Leon Trotski yn dyselde snuorje noch dwaande om nei de Oktoberrevolúsje en de Russyske Boargeroarloch harren macht te fêstigjen oer it hiele grûngebiet fan it eardere Keizerryk Ruslân. Nei de dea fan Lenin, yn 1924, ûntstie der in ynterne machtsstriid, dy't úteinlik wûn waard troch de folslein ûnmeilydsume Josef Stalin. De útwreiding fan it kommunistyske gedachteguod oer East-Jeropa brocht dêr as reäksje de opkomst fan it faksisme tewei. Yn dat ramt moat it ferfal ta diktatuer sjoen wurde fan lannen as Poalen, dêr't maarskalk Józef Piłsudski sûnt 1926 fan efter de skermen de macht yn 'e hannen hie, Litouwen, dêr't Antanas Smetona yn 1926 in steatsgreep útfierde, en Joegoslaavje, dêr't kening Aleksander I yn 1928 de keninklike diktatuer útrôp.

De Italjaanske faksistyske foaroanman Benito Mussolini (midden) ûnder de Mars op Rome, yn 1922.

Op kultureel en maatskiplik mêd brochten de tweintiger jierren in hiele rige fernijings, dy't mooglik makke waarden troch de ekonomyske oplibbing, en dy't it dúdlikst sichtber wiene yn grutte stêden as New York, Chicago, Parys, Berlyn en Londen. Yn it foarste plak wie der in weromkear nei de 'normale sitewaasje' nei de hyper-emosjonele steat fan heitelânsleafde dy't mank gien wie mei de Earste Wrâldoarloch. Fierders wiene de tweintiger jierren de bloeitiid fan in nij muzyksjenre, jazz, en fan in dûns op dy muzyk, de charleston. Op it mêd fan 'e arsjitektuer foarme dizze tiid it hichtepunt fan 'e art-deco. Yn 'e keunst kaam it surreälisme op. Foar froulju kamen foar it earst knibbellange jurken en rokken yn 'e moade, in styl dy't earder net maatskiplik akseptabel west hie om't dêrtroch de ûnderskonken en ankels bleat litten waarden. Ek droegen, fral jongere, froulju harren hier skouderlang (of noch koarter), mei in ponny.

Oare fernijings yn 'e tweintiger jierren giene de ynfiering fan nijsoartige technology oan, lykas auto's, tillefoanen, radio's en húshâldlike apparaten, hoewol't soks foarbeholden wie oan 'e riken. Wol waard it foar lju út alle geledings fan 'e maatskippij mooglik om nei de bioskoop te gean om in stomme film te sjen. De yndustry woeks hurd oan, wat late ta gruttere meganisaasje. De media begûnen har foar it earst ta te lizzen op ferslachjouwing omtrint ferneamde persoanen, lykas filmstjerren en sporthelden. De measte lannen dy't dat noch net earder dien hiene, fierden fierders nei 1918 it frouljuskiesrjocht yn, mei't dat de froulju net mear mei goed fatsoen ûntsein wurde koe nei harren stipe oan 'e oarlochsynset fan 'e Earste Wrâldoarloch en harren ferdragen fan alle lijen dat dy striid feroarsake.

De tweintiger jierren einigen mei de beurskrach fan 1929, dy't abrupt in ein makke oan alle optimisme en ekonomyske wolfeart, en de wurkleazens en earmoede fan 'e Grutte Depresje ynlette, dy't yn Jeropa en Noard-Amearika it folgjende desennium, de 1930-er jierren, dominearje soene.

Alkohoalyske drank wurdt fuortpuozze yn 'e Feriene Steaten, dêr't de Drûchlizzing fan krêft is.
De opdieling fan it Osmaanske Ryk neffens it Ferdrach fan Sèvres.

Wichtichste foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1920
1921
De Four Corners, it Paleis fan Justysje yn 'e Ierske haadstêd Dublin, stiet yn juny 1922 yn 'e brân nei't it bombardearre is troch it Ierske leger om in ein te meitsjen oan 'e besetting troch republikeinske rebellen.
1922
Frânske troepen marsjearje troch Dútske strjitten: de Besetting fan it Ruhrgebiet.
1923
1924
Akteur Charlie Chaplin makke yn 'e 1920-er jierren karriêre as komyk yn stomme films.
1925
Abdûlazyz ibn Saûd boude yn 'e tweintiger jierren yn it Midden-Easten in grut ryk op, dat úteinlik Saûdy-Araabje komme soe te hjitten.
1926
De Amerikaanske piloat Charles Lindbergh, dy't yn 1927 as earste fleander de hiele Atlantyske Oseaan oerstiek.
1927
In grafyk fan 'e Dow Jones-yndeks yn 'e jierren 1928 oant en mei 1930. (De beurskrach fan 1929 is werjûn yn in ôfwikende kleur.)
1928
In mannichte folk rint teheap foar de Effektebeurs fan New York nei't it nijs fan 'e beurskrach fan 1929 buorkundich rekke is.
1929

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.