Fûad I fan Egypte

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fûad I fan Egypte
Crown linear.svg aadlik persoan en/of hearsker(esse)
Fuad I of Egypt.jpg
echte namme Achmed Fûad
nasjonaliteit Flag of Egypt (1922–1958).svg Egyptysk
bertedatum 26 maart 1868
berteplak Kaïro (Egypte)
stjerdatum 28 april 1936
stjerplak Kaïro (Egypte)
etnisiteit Flag of Albania.svg Albaneesk
Flag of Egypt.svg Egyptysk-Arabysk
kening fan Egypte en de Sûdaan,
soeverein fan Núbje, Kordofan en Darfoer
regear 19221936
foargonger hysels (as sultan fan Egypte)
opfolger Farûk I
sultan fan Egypte en de Sûdaan,
soeverein fan Núbje, Kordofan en Darfoer
regear 19171922
foargonger Hûssein Kamel
opfolger hysels (as kening fan Egypte)

Fûad (Arabysk: فؤاد, Fu’ād, útspr.: "Fû aad"), yn 'e regel oantsjut as Fûad I en faak stavere as Fuad of Fouad (Kaïro, 26 maart 1868 – dêre, 28 april 1936) regearre oer it Keninkryk Egypte fan 1922 oant syn ferstjerren yn 1936. Hy wie de njoggende hearsker oer Egypte en de Sûdaan út 'e fan oarsprong etnysk Albaneeske Mohammed Ali-dynasty. Yn 1917 folge er syn âldere broer Hûssein Kamel op as sultan, en doe't it Feriene Keninkryk yn 1922 formeel de Egyptyske ûnôfhinklikheid erkende, naam er de titel fan kening oan.

Libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fûad waard yn 1868 yn it Gizapaleis yn 'e Egyptyske haadstêd Kaïro berne as Achmed Fûad Pasja, de sânde soan fan prins Ismael Pasja. Syn mem wie Farial Kadin. Hy brocht syn jonkheid mei syn heit yn ballingskip yn Napels troch en genoat syn oplieding oan 'e militêre akademy yn Turyn.

Iere jierren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar't er op 'e troan kaam, spile Fûad in wichtige rol by de oprjochting fan 'e Universiteit fan Kaïro, yn 1908. Hy wie de earste rektor fan dy ynstelling, in funksje dy't er beklaaide oant en mei 1913, doe't er opfolge waard troch de doetiidske minister fan Justysje Hûssein Rûsjdi Pasja. Dat Fûad it rektorskip fan 'e universiteit dellei, hie alles te krijen mei syn politike ambysjes: yn 1913 waard Albaanje yn 'e Earste Balkanoarloch losmakke fan it Osmaanske Ryk, en omreden fan syn etnysk Albaneeske woartels fûn Fûad himsels tige geskikt om kening oer it nije lân te wurden. Op dat stuit waard Egypte regearre troch syn omkesizzer Abbas II, en liek it ûnwierskynlik dat Fûad ea foar de Egyptyske troan yn oanmerking komme soe. Syn Albaneeske aventoer rûn lykwols al rillegau op 'e non, om't de Jeropeeske grutmachten yn it nije steatsje in kristlike hearsker op 'e troan hawwe woene, en net in moslim. Neitiid wie Fûad fan 1915 oant 1918 foarsitter wie fan it Egyptysk Geografysk Genoatskip.

Regear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch in stikmannich ûnfoarsjoene foarfallen, wêrfan't it lêste de foartidige dea wie fan syn âldere broer, sultan Hûssein Kamel, kaam Fûad yn 1917 op 'e troan fan it Sultanaat Egypte. Yn 'e neisleep fan 'e Egyptyske Revolúsje fan 1919 besleat it Feriene Keninkryk syn protektoraat oer Egypte te beëinigjen. Sadwaande waard it lân op 28 febrewaris 1922 erkend as in ûnôfhinklike steat, hoewol't it hiel dúdlik binnen de Britske ynfloedssfear bleau. Op 15 maart 1922 liet Fûad in dekreet útgean wêrby't er syn titel feroare fan dy fan sultan yn dy fan kening. Syn lân waard sadwaande omfoarme ta it Keninkryk Egypte, dêr't ek de Sûdan ta hearde.

In kranteberjocht oer it steatsbesyk fan Fûad oan Belgje yn 1927.

Under de Egyptyske grûnwet fan 1923 hie Fûad as kening grutte politike macht. Sa makke er gauris gebrûk fan syn rjocht om it parlemint te ûntbinen; ûnder syn regear siet gjin inkeld parlemint de folle termyn fan fjouwer jier út. Ek regearings waarden oansteld en nei hûs ta stjoerd sa't it him beleave. Yn 1930 besocht Fûad syn macht noch te fergrutsjen troch de grûnwet bûten wurking te stellen en in nije grûnwet yn te fieren dy't oan it parlemint inkeld in advisearjende rol tatocht. Grutskalige ûnfrede ûnder de befolking twong him om 'e grûnwet fan 1923 yn 1935 op 'e nij yn te fieren.

Fûad wie ek tige aktyf op it mêd fan 'e Egyptyske skiedskriuwing. Hy naam in grut tal argivarissen oan om 78 boeken mei de briefkerij fan syn foarâlden oan heitekant gear te fandeljen út Jeropeeske argiven, te kopiëarjen en oer te setten. Letter sette er harren ek yn om âlde dokuminten yn Egyptyske argiven op te spoaren en gear te bringen yn it Keninklik Argyf, dat er oan it begjin fan 'e 1930-er jierren oprjochte. It krewearjen fan Fûad om syn foarâlden, en yn 't bysûnder syn oerpake Mohammed Ali, syn pake Ibrahim en syn heit foar te stellen as Egyptyske nasjonalisten en goedmienende monargen hat in bliuwende ynfloed op 'e Egyptyske skiedskriuwing hân.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De earste frou fan Fûad wie prinsesse Sjivakiar Ibrahim (1876-1947), mei wa't er op 30 maaie 1895 troude yn it Abbasijapaleis yn Kaïro. Hja wie in folle nicht fan him en de ienlingsdochter fan fjildmaarskalk prins Ibrahim Fachmi Achmed Pasja. Sjivakiar skonk him twa bern: in soan, Ismael Fûad, dy't yn 1896 koart nei de berte stoar, en in dochter, Fâkia (1897-1974). It houlik wie tige ûngelokkich, en by in rûzje mei syn sweager (de broer fan Sjivakiar) waard Fûad yn 'e kiel sketten. Hy oerlibbe it, mar hold foar de rest fan syn libben groeden yn 'e hals. Yn 1898 skiede er fan Sjivakiar.

Nei't Fûad yn 1917 op 'e Egyptyske troan kommen wie, moast er foar in erfgenamt soargje, en sadwaande wertroude er op 24 maaie 1919 yn it Bûstanpaleis yn Kaïro mei Nazli Sabri (1894-1978), de dochter fan minister fan Lânbou en gûverneur fan Kaïro Abdoer Rahym Pasja Sabri en dy syn frou Tâfika Chanûm Sjaryf. Nazli wie oan har memmekant ek in pakesizzer fan generaal-majoar, minister fan Bûtenlânske Saken en premier Mohammed Sjaryf Pasja, en in oerpakesizzer fan Sûleiman Pasja al-Faransawi, in Frânsk ofsier út it leger fan Napoleon dy't him bekeard hie ta de islaam en neitiid ferantwurdlik wie foar de modernisearring fan it Egyptyske leger. Fûad en Nazli krigen ien soan, de lettere kening Farûk (1920-1965), en fjouwer dochters: Fâzia (1921-2013), dy't keninginne-gemalinne fan Perzje waard, Faiza (1923-1994), Faika (1926-1983) en Fatia (1930-1976).

Krekt as syn earste houlik wie ek Fûad syn twadde houlik stoarmeftich. Hy en Nazli wiene oanhâldend deilis, en hy ferbea har op in stuit sels om it paleis noch te ferlitten. Doe't Fûad stoar, gie it ferhaal dat Nazli út wraak al syn klean ferkocht hie oan in Kaïreenske saak yn twaddehâns tekstyl. As widdo krige Nazli spul mei har soan Farûk, dat se ferliet Egypte al rillegau nei Fûad syn dea en fêstige har yn 'e Feriene Steaten. Dêr bekearde se har yn 1950 ta it kristendom en waard lid fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Se feroare har namme doe yn Mary Elizabeth. Omreden fan har leauwensôffal ferlear se yn Egypte al har rjochten en titels.

Ferstjerren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fûad kaam op 28 april 1936 yn 'e âlderdom fan 68 jier te ferstjerren yn it Kûbbapaleis yn Kaïro. Hy waard byset yn it mausoleum fan 'e kedives yn 'e Kaïreenske Ar-Rifaimoskee.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.