Springe nei ynhâld

Napels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Napels (stêd))
Napels
Emblemen
               
Bestjoer
Lânflagge fan Itaalje Itaalje
Regio Kampaanje
ProvinsjeNapels
Sifers
Ynwennertal908.765 (30.06.2024)
Oerflak117,27 km²
Hichte17 m boppe seenivo
Oar
Postkoade80100, 80121-80147
Koördinaten40° 50' N 14° 14' E
Offisjele webside
www.comune.napoli.it
Kaart
Napels (Itaalje)
Napels
Dizze side giet oer de stêd yn Itaalje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Napels (betsjuttingsside).

Napels (Italjaansk: Napoli; Napolitaansk: Napule) is de tredde stêd fan Itaalje en de grutste fan Mezzogiorno (Súd-Itaalje). Napels is ek haadstêd fan de Kampaanje (Campania) en fan de provinsje Napels. Yn en om de stêd hinne wenje sa'n 3 miljoen minsken.

Napels beskikt oer in rike skiednis, keunst en kultuer, in wrâldferneamde keuken en in eigen dialekt, it Napolitaansk.

Napels leit oan see, oan de Golf fan Napels. Fan de stêd ôf kin men oer it wetter de fulkaan de Fesuvius lizzen sjen, dêr't oan de foet de ruïnes fan Pompei en Herkulaneum lizze.

Ferneamde keuken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan iten en drinken nimt Napels in foaroansteande posysje yn. In protte typyske Italjaanske gerjochten komme út dizze stêd, lykas pizza, Italjaansk iis, espresso en spagetty.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Naples fan Wikimedia Commons.