Warsjau
| Warsjau (Warszawa) | ||
| Symboalen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Woiwodskip | ||
| Powiat | Stedsdistrikt | |
| Boargemaster | Rafał Trzaskowski | |
| Stedsyndieling | 18 stedsdielen | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 1.866.729 (31.12.2025)[1] | |
| Oerflak | 517,24 km² | |
| Befolkingsticht. | 3.609 ynw./km² | |
| Hichte | 78 - 121 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 13e iuw (stedsrjochten om 1300 hinne) | |
| Postkoade | 00-001 oant 04-999 | |
| Netnûmer | +48 22 | |
| Tiidsône | UTC+1 | |
| Simmertiid | UTC+2 | |
| Offisjele webside | ||
| Kaart | ||
Warsjau (Poalsk: Warszawa) is de haadstêd en de grutste stêd fan Poalen. De stêd leit oan 'e rivier de Wisla. De stêd is nei ynwennertal de 9e stêd fan Jeropa.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Warsjau leit sintraal yn it lân oan beide kanten fan 'e rivier de Vistula, en likernôch 350 km fan 'e Baltyske see. It leit likernôch 100 m boppe seenivo.
Warsjau hat fjouwer universiteiten en 62 hegeskoallen, en in protte teäter- en keunstgaleryen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 1224 waard foar it earst skriflik melding makke fan Warsjau. De stêd wie haadplak fan 'e hartoggen fan Mazoovje en kaam dêrnei oan Poalen ta, dêr't it yn 1609 residinsje fan 'e Poalske kening waard. Nei ferskate oerhearskingen foel de stêd yn 1795 oan it Keninkryk Prusen ta en wie it tusken 1807-1815 de haadstêd fan it hartochdom Warsjau. Dêrnei kaam de stêd in skoftlang yn hannen fan Ruslân.
Nei de Earste Wrâldkriich waard Warsjau haadstêd fan 'e nije Republyk Poalen. Under de Twadde Wrâldkriich hat de stêd slim te lijen hân. It Joadske getto waard nei fûleindich ferset troch de Joaden yn 1943 ferwoaste, dêr't om-ende-by 400.000 slachtoffers by foelen, en yn 1944, nei de opstân fan 'e oare befolking doe't it Sowjetleger tichteby kaam, makken de Dútsers goed 80% fan 'e stêd mei de grûn lyk, dêr't op 'e nij in protte slachtoffers by foelen.
Yn 'e nei-oarlochske tiid is it âlde sintrum wer yn 'e âlde styl rekonstruearre en no stiet de stêd op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Warsjau hat troch de skiednis hinne altyd in plak west foar ymmigraasje, ek fan út it bûtenlân, benammen út gebieten út Sintraal- en East-Jeropa. Al 300 jier lang stiet it bekend as it "Alde Parys" of it "Twadde Parys". It wie altyd in sintrum fan 'e Jeropeeske kultuer. Demografysk wie it de stêd mei in grut ferskaat oan nasjonaliteiten en it leauwe en oan minsken dy't yn it bûtenlân berne wienen. Neist de grutte Poalske mearderheid, wie der in grutte Joadske mienskip yn Warsjau. Neffens de Russyske folkstelling fan 1897, wienen fan 'e 638.000 ynwenners fan Warsjau, 219.000 Joadsk, wat delkomt op likernôch 34% fan 'e befolking. Flak foar it útbrekken fan 'e Twadde Wrâldkriich wennen der 350.000 Joaden yn Warsjau. De oarloch feroare dat allegear, tsjintwurdich binne der in stik minder joaden yn Warsjau as foar de kriich. It meastepart fan 'e hjoeddeiske Joadske befolking is berne yn Warsjau.
Befolkingsûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Jier | 1700 | 1792 | 1800 | 1830 | 1850 | 1882 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| Ynwennertal | 30.000 (rûze) | 120.000 | 63.400 | 139.700 | 163.600 | 383.000 |
| Jier | 1900 | 1925 | 1939 | 1945 | 1950 | 1960 |
| Ynwennertal | 686.000 | 1.003.000 | 1.300.000 | 422.000 | 803.800 | 1.136.000 |
| Jier | 1970 | 1980 | 1990 | 2000 | 2004 | 2009 |
| Ynwennertal | 1.315.600 | 1.596.100 | 1.655.700 | 1.672.400 | 1.692.854 | 1.711.466 |
Bestjoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Warsjau-wet (Ustawa warszawska) fan 15 maart 2002 hat alle regio's om Warsjau hinne opheft en soarge foar de stifting fan ien stedspowiat, mei ien gemeentlike oerheid.
De wetjaande macht yn Warsjau bestiet út de Gemeenterie (Rada Miasta), besteande út ien keamer mei 60 leden. Riedsleden wurde alle fiif jier streekrjocht keazen. Lykas de measte wetjaande ynstânsjes ferdielt de gemeenterie fan Warsjau himsels yn ferskate kommitees dy't ferantwurdlik binne foar ferskillende saken binnen it stedsbestjoer. Foarstellen hawwe de mearderheid fan 'e Rie nedich en wurde trochstjoerd nei de boargemaster (de Presidint fan Warsjau), dy't dy dan útfiere moat. As in beslút yn striid is mei de wet, kin de woiwode as tafersjochhâlder it beslút ferneatigje.
Elts fan 'e 18 ferskate stedsdistrikten hat syn eigen rie (Rada dzielnicy). Harren wurk is rjochte op it jaan fan stipe oan 'e boargemaster en de gemeenterie, ek hâlde se tasjoch op guon stedsbedriuwen, eigendommen fan 'e gemeente en skoallen. It haad fan sa'n distrikt wurdt boargemaster (Burmistrz) neamd en is ferkeazen troch de lokale rie út de list fan kânshawwers dy't gearstald is troch de Presidint fan Warsjau.
Op it stuit (2026) is Rafał Trzaskowski de Presidint fan Warsjau.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Warsjau is in steds-powiat (distrikt) opdield yn 18 ferskate distrikten. Elts fan dy distrikten wurdt in dzielnica neamd. Al dy distrikten hawwe harren eigen bestjoerlik orgaan. De distrikten binne sels ek wer ûnderferdiend yn wiken, dy't lykwols gjin eigen administrative status hawwe. Warsjau hat twa ferneamde histoaryske wiken, de Alde Stêd (Stare Miasto) en de Nije Stêd (Nowe Miasto); beide lizze yn it sintrale distrikt Śródmieście.

| Distrikt | Ynwennertal (31.12.2025) | Gebiet (km²) |
|---|---|---|
| Mokotów | 224.500 | 35,42 |
| Praga Południe | 187.300 | 22,38 |
| Białołęka | 162.800 | 73,04 |
| Ursynów | 155.600 | 43,79 |
| Wola | 150.200 | 19,26 |
| Bielany | 134.400 | 32,34 |
| Targówek | 126.900 | 24,22 |
| Bemowo | 125.100 | 24,95 |
| Śródmieście | 111.400 | 15,57 |
| Ochota | 84.700 | 9,72 |
| Wawer | 83.500 | 79,70 |
| Praga Północ | 66.200 | 11,42 |
| Ursus | 64.900 | 9,35 |
| Włochy | 47.100 | 28,63 |
| Wilanów | 46.800 | 36,73 |
| Żoliborz | 54.300 | 8,47 |
| Wesoła | 26.929 | 22,94 |
| Rembertów | 25.800 | 19,30 |
| Totaal | 1.866.729 | 517,24 |
Kultuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nijsgjirrichheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It hert fan 'e âlde stêd is de "Rynek Starego Miasta", it âlde merkplein, dat omfieme wurdt troch kleurige huzen dy't tusken 1949 en 1963 tige krekt rekonstruearre binne ûnder lieding fan Poalske arsjitekten. Ek oare strjitten en in diel fan 'e âlde wâlen (mei it bastion Barbakan) waarden wersteld.
Oan 'e râne fan 'e âlde stêd leit it Slotplein (Plac Zamkowy) mei it Keninklik Paleis (17e-iuwsk, werboud) en de oan kening Sigismund III Wasa wijde betinkpylder. Sigismund wie de kening dy't Warsjau boppe Krakau as haadstêd keas, omdat it tichter by Sweden lei.
By dat plein begjint de Keninklike Rûte, besteande út de wichtige bûlevaars Krakowskie Przedmiescie en Nowy Świat, dy't oer in lange rûte nei de eardere keninklike bûtenferbliuwen Wilanów liede. Bylâns de rûte leit ek it âlde en moaiste stedspark fan Warsjau, Łazienki-park.
West fan 'e âlde binnenstêd is nei de Twadde Wrâldkriich in nij sintrum boud. Dat gebiet wurdt karakterisearre troch hege modernistyske gebouwen en brede strjitten; meastentiids mei frijlizzende trambanen. Dat gebiet is boud om it paleis fan kultuer en wittenskip "Pałac Kultury i Nauki" hinne, in tige grut bouwurk yn stalinistyske styl, boud tusken 1952 en 1955 en in geskink fan Stalin oan 'e stêd.
Sûnt de fal fan it kommunisme yn 1989 hat Warsjau him yn rap tempo transformearre ta ien fan 'e meast dynamyske haadstêden fan Sintraal-Jeropa. Moderne wolkekliuwers dominearje no it stedsylhûet fan Warsjau, dêr't foarhinne allinnich it Paleis foar Kultuer en Wittenskippen by opfoel.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Sintrum Sztuki Współczesnej (Sintrum foar hjoeddeiske keunst)
- Muzeum Narodowe (Poalsk Nasjonaal Museum)
- Zamek Królewski (Keninklik Paleis)
- Zachęta Narodowa Galeria Sztuki (Zacheta Nasjonale Keunstgallery)
Sport
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Warsjau hat twa profesjonele fuotbalklups, Legia Warschau en Polonia Warschau. Legia is de populêrste en grutste klup fan de stêd. Legia spilet yn it Wojska Polskiego-stadion, wylst Polonia syn thúswedstriden spilet yn it Polonii-stadion.
Partnerstêden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Warsjau hat mei in grut tal stêden in stêdebân. Guon fan dizze stêden binne:
Berne yn Warsjau
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Maria Salomee Skłodowska (7 novimber 1867), natuer- en skiekundige († 1934)
- Janusz Korczak (22 july 1878), Poalsk-Joadske bernedokter, berneboekeskriuwer, pedagooch († 1942)
- Alfred Tarski (14 jannewaris 1901), logikus
- Miguel Najdorf (15 april 1910), Poalsk skaker († 1997)
- Benoît Mandelbrot (20 novimber 1924), wiskundige
- Krzysztof Kieslowski (27 juny 1941), filmregisseur († 1996)
- Krzysztof Nowak (27 septimber 1975), Poalsk fuotballer († 2005)
- Michał Żewłakow (22 april 1976), fuotballer
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
