Hanna Gronkiewicz-Waltz

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hanna Gronkiewicz-Waltz

Hanna Gronkiewicz-Waltz (Warsjau, 4 novimber 1952) is in Poalsk liberaal-konservatyf politika dy’t boargemaster fan Warsjau wie fan 2 desimber 2006 oant 2018. Se wie de earste frou ea dy’t dy posysje ynnimt.

Tusken 1992 en 2000 wie Gronkiewicz-Waltz de foarsitter fan de Nasjonale Bank fan Poalen, de sintrale bank fan it lân. Fan 2001 oant 2004 wie se de fice-presidint fan de Jeropeeske Bank foar Weropbou en Untwikkeling. Op 25 septimber 2005 waard se foar it Boargerplatfoarm (Platforma Obywatelska) mei 137.280 stimmen keazen yn de Sejm, it Poalske legerhûs.

By de gemeenteferkiezings fan 2006 yn Warsjau wie Gronkiewicz-Waltz de kânshawwer foar it boargemasterskip fan Warsjau út namme fan partij. Op 12 novimber fan dat jier krige se 34,23% fan de stimmen, wêrmei't se twadde waard, krekt efter de eardere Minister-presidint fan Poalen, Kazimierz Marcinkiewicz. Omdat gjin fan beide mear as de helte fan de stimmen krige wie der in twadde ferkiezingsomloop nedich. Dy wie op 26 novimber; Gronkiewicz-Waltz krige doe 53,18% fan de stimmen.

It belied fan Gronkiewicz-Waltz is oars as dat fan har foargonger. Sa liet se in homoparade yn de haadstêd ta. Under it bewâld fan har foargonger Lech Kaczyński waarden dy ek wol tastien, mar dat barde al altiten ûnder grutte wjerstân fan de boargemaster.