Rokoko
Rokoko is in Europeeske stylperioade dy't duorre fan ±1720 oant ±1775. De namme is in gearfoeging fan it Frânske rocaille, in asymmetrysk skulpmotyf dat yn de 18e iuw fûn wurdt yn benammen tapaste keunst, en it Italjaanske barocco, dat barok betsjut.
Rokoko ûntstie yn Frankryk en wreide him foaral út nei Súd-Dútslân. Om 1760 hinne krijt men syn nocht fan dizze frivoale styl dy't dan wer plak meitsje moat foar in ta nij libben kommend klassisisme.
Dekoraasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Asymmetry is in wichtich Rokoko-skaaimerk, de klam leit op sierlikens en it leaflike- loftige karakter. It kleurgebrûk is út soarte sêft, faak yn pasteltinten.
Wat dekoraasje oanbelanget wurdt de Barok fuortset yn de Rokoko, mar it wurdt fragmintarysker en lytsskaliger. Monumintaliteit makket plak foar lossere foarmen, fleurigens en frivoliteit; de ûnderwerpen wurde minder earnstich. Dit falt tagelyk mei in minder strange sosjale en morele koade yn de doetiidske mienskip, alteast yn de boppelaach.
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de muzykskiednis is Rokoko de styl dy't fuortkaam út de Barokmuzyk. Rokoko hat yntime keamermuzyk, tige ferfine opkreaze. Bekende rokoko-komponisten wienen:
- Johann Christian Bach
- Carl Philipp Emanuel Bach
- Louis-Claude d'Aquin
- Wolfgang Amadeus Mozart
- Jean-Philippe Rameau
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Baarsen, Reinier: Rococo in Nederland ISBN 9040095779