Hidjas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In kaart fan 'e Hidjas: yn grien it grûngebiet fan it Keninkryk fan de Hidjas tusken 1916 en 1923, mei dêrby read omrâne de Hidjas as regio yn Saûdy-Araabje.

De Hidjas (Arabysk: الحجاز‎, [al-ħiʤa:z], sekuerdere transliteraasje: al-Ḥiǧāz, wat letterlik "de barriêre" betsjut), is ien fan 'e histoaryske kriten fan it Arabysk Skiereilân. De regio beslacht tsjintwurdich de bercheftige westkust fan Saûdy-Araabje, mar wie foar 1932 in ûnôfhinklik lân. De grutste stêd yn 'e Hidjas is de havenstêd Djedda, mar fan folle gruttere betsjutting binne de stêden Mekka en Medina, dy't mear yn it binnenlân lizze en yn 'e islaam in hillige status genietsje. Mei troch de jierlikse hadj of beafeart nei Mekka is de befolking fan 'e Hidjas fan tige heterogene oarsprong.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Aldheid makke it noardlike diel fan 'e Hidjas ûnderdiel út fan 'e Romeinske provinsje Arabia Petreä. Yn 'e Iere Midsiuwen wie de sintrale Hidjas it toaniel fan 'e stifting fan 'e islaam troch de profeet Mohammed, yn Mekka. Letter moasten hy en syn folgelingen foar ferfolging troch de Mekkanen útwike nei it noardliker leine Medina. Beide stêden wurde sûnt troch de moslims as hillich beskôge. Foar't de Omajaden yn 661 de haadstêd fan it Islamityske Ryk ferpleatsten nei Damaskus wie Mekka it bestjoerssintrum. De Hidjas makke iuwenlang diel út fan it Islamityske Ryk, oant dat yn 1258 útinoarfoel. Oanslutend stie de krite goed twa en in heale iuw lang ûnder it regear fan it Mammelûkske Sultanaat fan Kaïro.

Yn 1517 waard de Hidjas ferovere troch de Osmaanske Turken, dy't it ta in provinsje fan harren ryk makken. Fan 'e midden fan 'e achttjinde iuw ôf hearde it gebiet ta de Earste Saûdyske Steat, dy't troch it stamhaad Mohammed bin Saûd yn 'e oangrinzgjende krite fan 'e Nêzjd stifte wie. Oan dy sitewaasje kaam in ein doe't it Saûdyske Ryk yn 1818 ûnder fuotten helle waard troch it leger fan Mohammed Ali Pasja, de Osmaanske ûnderkening fan Egypte.

De flagge fan it ûnôfhinklike keninkryk fan de Hidjas (1916-1923).

Under de Earste Wrâldoarloch late Hûssein bin Ali, de Hasjemityske sjaryf fan Mekka, yn 'e Hidjas mei Britske stipe in opstân tsjin 'e Turken. De ferbiningsofsier tusken de Britske en Arabyske troepen wie dêrby de ferneamde Lawrence of Arabia. Yn 1916 rôp sjaryf Hûssein yn 'e Hidjas in ûnôfhinklik keninkryk út, mei himsels as kening. Nei ôfrin fan 'e oarloch wist er dêrfoar op 'e Fredeskonferinsje fan Versailles ynternasjonale erkenning te krijen.

Yn 1923, lykwols, foel in oare Britske bûnsgenoat, sultan Abdûlazyz ibn Saûd fan 'e Nêzjd, fan it easten út de Hidjas binnen. Yn it neijier fan 1924, doe't Ibn Saûd syn troepen de wichtige stêd Tayf al yn 'e hannen hiene en opteagen nei Mekka, besleat Hûssein om ôfstân te dwaan fan syn troan. Op 16 oktober fan dat jier gied er yn Djedda oan board fan in Britsk skip dat him nei syn ballingsoard Syprus bringe soe, en liet er de striid tsjin Ibn Saûd fierder oer oan syn âldste soan Ali.

Dyselde deis giene de earste Nêdzjyske soldaten, yn 'e wite dracht fan pylgers, de hillige stêd Mekka yn, om dy sûnder bloedferjitten yn te nimmen. Dêrmei kaam in ein oan 700 jier fan Hasjemityske hearskippij oer Mekka. Ibn Saûd arrivearre yn begjin desimber yn 'e hillige stêd, krektlyk as syn mannen yn 'e dracht fan in pylger. Ut Mekka wei joech er dêrnei lieding oan 'e ynname fan Medina en de ferovering fan 'e rest fan 'e Hidjas, wylst er teffens de rike havenstêd Djedda belegere. Underwilens died er alle war om 'e rest fan 'e Arabyske wrâld sjen te litten dat hy in bettere warder fan 'e hillige plakken wie as Hûssein bin Ali, troch yn Mekka it near te lizzen op 'e iuwenâlde tradysje fan it útrûpeljen fan pylgers. Nei't Djedda him úteinlik yn desimber 1925 oerjaan moatten hie en Ali bin Hûssein de striid opjûn hie, waard Ibn Saûd op 8 jannewaris 1926 troch de hegerein fan Mekka, Medina en Djedda útroppen ta kening fan 'e Hidjas. Yn 1932 foege er de Hidjas en de Nêzjd gear ta ien lân, dat er Saûdy-Araabje neamde.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hidjas omfiemet de westkust fan Saûdy-Araabje en beslacht rûchwei de provinsjes Tabûk, Medina, Mekka en Al-Baha. It gebiet hat in oerflak fan likernôch 250.000 km². It wurdt yn it westen begrinzge troch de Reade See, yn it suden troch Asir, yn it easten troch de Nêzjd en yn it noarden troch Jordaanje en de Golf fan Akaba. It Arabyske wurd الحجاز‎, al-Ḥiǧāz, betsjut letterlik "de barriêre", en ferwiist nei de bercheftigens fan it gebiet, wêrmei't it de woastyn yn it binnenlân fan it Arabysk Skiereilân skiedt fan 'e Reade See.

De bergen fan 'e Hidjas.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Hijaz hie yn 2010 9,9 miljoen ynwenners, wat delkaam op 35% fan 'e befolking fan Saûdy-Araabje. De grutste stêd is de havenstêd Djedda, dat de Saûdyske poarte nei de rest fan 'e wrâld is. Yn polityk en religieus opsjoch binne lykwols de hillige stêden Mekka en Medina folle wichtiger. In fjirde belangrike stêd is Tayf, yn 'e bergen boppe Mekka, dat wol "de simmerhaadstêd fan Saûdy-Araabje" neamd wurdt om't de Saûdyske elite him ornaris yn syn paleizen yn 'e relatyf koele berchstêd weromlûkt as de tesinzgjende simmerhjittens de haadstêd Ar-Riaad, middenyn de woastyn fan 'e Nêzjd, yn syn greep kriget.

Fanwegen de fruchtberens fan (dielen fan 'e) Hidjas en it feit dat it gebiet oan 'e wichtige hannelsrûte tusken Jemen en Syrje lei, hawwe har yn dizze krite al fan 'e Aldheid ôf in protte nijynkommelingen nei wenjen set. Nei de dage fan 'e islaam is dat troch de hadj, de pylgertocht nei Mekka, dy't eltse moslim eins ien kear yn syn libben ûndernimme moat, noch sterker it gefal wurden. Sadwaande binne de Hidjazyske Arabieren in tige heterogene etnyske groep, wat harren komôf oangiet. Om't de oanbuorjende woastinige Nêzjd troch útlanners krekt safolle mooglik mijd waard, binne de Nêzjdyske Arabieren fan komôf folle homogener, wat in reden is dat hja delsjogge op harren buorlju út 'e Hidjas.

Dêr komt noch by dat de Hidjazyske Arabieren fan alle regionale groepen yn Saûdy-Araabje nei alle gedachten de sterkste eigen identiteit beholden hawwe. Hja binne grutsk op 'e beide hillige stêden en sette har noch altyd ôf tsjin 'e Nêzjdyske Arabieren, dy't harren ommers yn 1923-1925 ûnderwurpen hawwe. Oan 'e oare kant is it sa dat alle oaljerykdom fan Saûdy-Araabje út 'e oare ein fan it lân komt, út 'e Nêzjd en fral fan 'e kust fan 'e Perzyske Golf. Dat feit, en it gegeven dat it keningshûs en it meastepart fan 'e Saûdyske elite fan Nêzjdysk komôf binne, hawwe derfoar soarge dat de Nêzjdyske Arabieren yn it lân noch altyd de dominante groep foarmje.

De sprektaal yn 'e Hidjas is it Hidjazysk-Arabysk, dat him fan it Nêzjdysk-Arabysk ûnderskiedt trochdat it troch de iuwen hinne folle mear ynfloeden fan bûtenôf ûndergien hat. Yn godstsjinstich opsjoch hawwe de Hidzjazyske Arabieren har nea alhiel deljûn ûnder it wahabisme, de tige strange foarm fan 'e islaam sa't dy yn 'e Nêzjd beliden wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.