Ferdrach fan Versailles

Ut Wikipedy

It Ferdrach fan Versailles wie it wichtichste fan 'e fredesferdraggen dy't laten ta de ein fan 'e Earste Wrâldkriich. Mei it ferdrach waard de steat fan oarloch tusken Dútslân en de Alliëarden formeel opheft. It ferdrach waard ûndertekene yn Versailles, op 28 juny 1919. De oare Sintrale Steaten dy't yn 'e Earste Wrâldkriich oan Dútske kant stiene – Eastenryk, Bulgarije, Hongarije en it Osmaanske Ryk – tekenen allegear in eigen fredesferdrach mei de Allïearden.

Fan alle bepalingen yn it ferdrach wie fierwei de wichstichste en meast kontroversjele dat Dútslân de ferantwurdlikens akseptearje moast foar alle feroarsake ferliezen en skea dy't de Alliëarden yn 'e oarloch lit hiene. Dy bepaling, Kêst 231, waard letter ek wol de 'Kriichsskuldklausule' neamd.