Koerdistan

Ut Wikipedy
It gebiet dat fan Koerden bewenne is.

Koerdistan is in regio yn it Heine Easten, sûnder formeel fêstleine grinzen, dat as histoarysk wengebiet fan de Koerden sjoen wurdt.

De lannen dêr't de regio diel fan útmakket brûke de namme sa min mooglik of ferbiede it brûken fan de namme Koerdistan.[1] Koerdyske bewegers en nasjonalisten binne krekt foar it brûken fan de namme foar de regio. It stribjen om te kommen ta in eigen steat mei de namme Koerdistan is foar de lannen dêr't it gebiet diel fan útmakket in stikel yn 'e foet.

Neffens ferskillende boarnen omklammet Koerdistan in gebiet fan tusken de 490.000 en 530.000 km² en leit yn de lannen Turkije, Irak, Iran en Syrje. Koerdistan sels wurdt geografysk yn trije gebieten yndield, te witten Noard-, East- en Súd-Koerdistan. Yn dy gebieten libje neist de Koerden ek noch Arabieren, Perzen, Azerbeidzjanen, Turken, Turkmenen, Armeenjers en Assyrjers.


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Martin Strohmeier, Lale Yalçin-Heckmann: Die Kurden: Geschichte, Politik, Kultur. S. 20.