Springe nei ynhâld

Negus

Ut Wikipedy

Negus (Geëz: ንጉሥ, nəgus, "kening") wie ûnder it keizerlik regear yn Etioopje de gongbere aadlike titel foar de hearsker oer in provinsje. Sa waarden Begemder, Sjoä, Gojam en Wollo allegear regearre troch negussen. Dêrboppe stie dan de keizer fan Etioopje (of 'grutnegus'), dy't de tradisjonele titel negusa nagast droech (Geëz: ንጉሠ ነገሥት, nəgusä nägäst, letterlik: "kening fan 'e keningen").

Under it regear fan keizer Menelik II (1889-1913) waarden frijwol alle negus-titels oernommen troch de keizer sels. De lêste persoan dy't ta negus kroane waard, wie keizer Haile Selassie, yn 1928. Nettsjinsteande dat holden Jeropeeske boarnen noch lang fêst oan it gebrûk fan 'e titel 'negus' (ornaris as synonym mei de keizer fan Etioopje), en giene se pas oer op it modernere 'keizer' doe't nei de Twadde Wrâldoarloch ek de âlde namme Abessynje (foar 'Etioopje') út 'e moade rekke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.