Kroaning

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De kroaning fan kening Karel VII fan Frankryk yn 1429 (in detail fan it skilderij Jeanne d'Arc, út 1890, troch Jules Eugène Lenepveu.

In kroaning is in seremoanje mei ornaris in mingd religieus en sekulier karakter, wêrmei't in regearjend monarch en/of dy syn/har gema(a)l(inne) as sadanich ynhuldige wurdt. De namme 'kroaning' ferwiist nei it ritueel fan it pleatsen fan 'e kroan, in symboal fan macht en wetlikens, op 'e holle fan dejinge dy't kroane wurdt. Dat wurdt yn 'e regel ferrjochte troch in biskop of oare geastlike, mei't de macht fan in monarch yn 'e kristlike tradysje fan God hjit te kommen; sa'nent regearret ommers 'by de graasje Gods'.

Behalven de kroan wurde by in kroaning histoarysk ek de oare kroanjuwiellen en regalia ritueel oan 'e monarch oerlange. Wat dy krekt binne, ferskilt fan lân ta lân, mar faak hearre dêrta: de skepter (in symboal fan gesach), de ryksapel (in symboal foar it territoarium fan 'e monarch) en it steatsswurd (in symboal fan regearmacht). Fierders omfiemet in kroaning faak ek in salving fan 'e monarch, wêrby't him in dripke oalje op 'e holle getten wurdt, krekt sa't de keningen fan it bibelske keninkryk Israel salve waarden. Dêropta fynt der faak in seremoniële klaaiïng fan 'e monarch plak, troch him de keningsmantel fan harmelingebûnt oer de skouders te lizzen. Uteinlik folget de rituële plaknimming op 'e troan. Fierders kin in kroaningsseremoanje ek it ôflizzen fan spesjale eden of ûnthjitten troch de monarch omfetsje en gebedens foar de monarch en syn kommende regear troch de oanwêzige geastlike liedslju.

Hjoed de dei regearje guon monargen sûnder kroane te wêzen. Yn in demokratysk lân, dêr't in skieding fan tsjerke en steat bestiet, leit it foar de hân dat in monarch inkeld ynhuldige wurdt, en net kroane. Yn Nederlân, bygelyks, is it sa dat Loadewyk Napoleon Bonaparte, de kening fan it Keninkryk Hollân, en neitiid alle keningen fan 'e Nederlannen fan Willem I ôf, nea kroane mar inkeld ynhuldige binne, om't de kening neffens de Nederlânske grûnwet in tsjinner fan it folk is. By dy ynhuldiging wurdt de Nederlânske keningskroan sadwaande net op 'e holle fan 'e monarch pleatst, mar njonken it steatsswurd, de ryksapel en in eksimplaar fan 'e grûnwet op in kredenstafel lein.

Yn lannen dêr't in steatstsjerke bestiet, wurdt de monarch faak noch wol kroane. Dat is bygelyks sa yn it Feriene Keninkryk (dêr't de Anglikaanske Tsjerke de posysje fan steatstsjerke hat), mar yn Denemark, dat in lutherske steatstsjerke hat, wurde de keningen sûnt 1850 lykwols inkeld noch ynhuldige. Belgje hat hielendal gjin kroan, en dêr wurde de keningen sadwaande net kroane, en likemin ynhuldige, mar lizze se inkeld in eed ôf yn it parlemint.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.