Harmeling
Harmeling | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
![]() | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mustela erminea | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige |
De harmeling (Latynske namme: Mustela erminea), ek wol grutte wezeling, wite wezeling of (it) harmke of hermke neamd, is in lyts sûchdier út 'e famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e lytse marters (Mustela), dat lânseigen is yn grutte dielen fan noardlik Jeraazje (wêrûnder ek Fryslân) en Noard-Amearika. Hy liket in protte op 'e wezeling, dêr't er nau mei besibbe is, mar kin dêrfan ûnderskaat wurde troch syn gruttere stal en it swarte puntsje oan syn sturt. De harmeling stiet derom bekend dat er winterdeis syn brune hier ferliest en ynstee in wite winterpels kriget, útsein de sturtpunt, dy't swart bliuwt. Yn it ferline wie wyt harmelingebûnt tige djoer en waarden der keningsmantels fan makke.
Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De harmeling is lânseigen yn hiele Jeropa, mei útsûndering fan Yslân, it grutste part fan it Ibearysk Skiereilân, de eilannen yn 'e Middellânske See, de Lears fan Itaalje, de súdlike Balkan en de hegere dielen fan 'e Kaukasus. Fierders komt er foar yn frijwol hiele Sibearje, Mongoalje en Mantsjoerije, yn rûchwei de noardlike helte fan Kazachstan en yn dielen fan súdlik Sintraal-Aazje, de Himalaya, Sina en Japan. Yn Noard-Amearika libbet er yn hiele Alaska en Grienlân en yn hiele Kanada útsein op Nijfûnlân, Prins Edwardeilân, Cape Bretoneilân en de Grutte Flakten. Yn 'e legere achtenfjirtich steaten fan 'e Feriene Steaten is er lânseigen yn 'e Rocky Mountains, grutte parten fan it noardwesten, om 'e Grutte Marren hinne en yn Nij-Ingelân. As eksoat komt er fierders ek noch foar yn hiele Nij-Seelân, dêr't er oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw troch de minske yntrodusearre is om 'e (ek troch de minske yntrodusearre) kninen, dy't in pleach wurden wiene, te bejagen. De harmeling fûn lykwols makliker proaien yn 'e lânseigen fauna, dy't tsjin him gjin ferwar hie. Sûnt syn yntroduksje hat er yn Nij-Seelân grutte ekologyske skea oanrjochte.
Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De harmeling is besibbe oan 'e wezeling en liket dêr in protte op, mar hy is grutter fan stal. Hy hat in langhalich lichem mei in pels dy't simmerdeis op 'e rêch kastanjebrún fan kleur is, en op 'e búk gielich wyt. Hy stiet derom bekend dat syn simmer- en winterpels ferskillend binne. By ’t winter is syn pels wyt, op 'e swarte sturtpunt nei, dy't nea fan kleur feroaret. Dêrby moat oantekene wurde dat er yn it suden fan syn ferspriedingsgebiet, dêr't winterdeis gjin of mar amperoan snie leit, mar in stikhinne wyt wurdt. Yn earder tiden waarden de winterfeltsjes fan harmelingen massaal ferwurke yn de bûntôfsettings fan keningsmantels: dêrfandinne de oerdiedige swarte stippen dêrop (dy't de sturtpuntsjes binne).
De folwoeksen harmeling kin 21½-29 sm lang wêze, mei in sturtlingte fan 8-12 sm en in gewicht fan 1,4-4½ kg. Mantsjes binne wat grutter as wyfkes. De kop-romplingte fan in mantsje is trochinoar 26½ sm, de sturtlingte 10½ sm en it lichemsgewicht likernôch 3 kg. It wyfke hat in kop-romplingte fan trochinoar 24 sm, in sturtlingte fan 9 sm en in gewicht fan 2,1 kg. Noardlike populaasjes binne lytser fan stal en de Ierske harmelingen binne de lytste fan allegear.
Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Harmelingen komme eins foar alle lânskipstypes, salang't der mar genôch beskûl is. Hy is dus te finen fan 'e kust oant de bergen, yn moerasgebieten en yn greiden. Yn wâlden hâldt er him fral oan 'e rânen op. Hy komt mear as wezeling foar yn wiete gebieten, lykas sleatskanten, reidfjilden en moarasbosken.
Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De harmeling is sawol deis as nachts aktyf, al giet it oerdei benammentlik om wyfkes dy't jongen grutbringe moatte. Harmelingen binne solitêr libjende bisten mei territoaria fan tusken de 4 en 50 ha. Yn ien territoarium hawwe se twa oant tsien nêsten. Dêrfoar brûke se in holle beam, in romte tusken rotsen of in ferlitten hoale. Sokke ferlitten hoalen kinne bgl. fan proaidieren wêze. It nêst wurdt bedutsen mei de hierren fan proaidieren, sadat de harmeling syn lange liif waarm hâlde kin.
De peartiid falt fan maart oant juny. It mantsje giet dan op 'e swalk; syn territoarium oerlapet dy fan ferskate wyfkes. De draachtiid wurdt mei 7 oant 10 moannen ferlinge, en pas yn febrewaris komt it embryo ta ûntwikkeling, wêrnei't de eigentlike draachtiid 10 wiken duorret. Yn april of maaie wurde trochinoar 4-8 jongen smiten (al is 2-13 mooglik). De jongen binne blyn en dôf, mar hawwe al in skiere, pluzige pels. In donkerbrune moanne groeit op 'e nekke. As in mem de jongen ferpleatst, grypt se de jongen yn dizze moanne fêst. Nei fjouwer wike krije se harren earste proai, en se wurde nei fiif wike ôfwend. Nei tolve wike kinne de jongen goed jeie. Om dy tiid hinne wurde se selsstannich. Yn july en augustus ferlitte de jongen it nêst. Mantsjes doarmje fierder fuort as wyfkes. Nei harren earste winter binne de mantsjes geslachtsryp; de wyfkes binne dat al nei fiif wike. Folwoeksen mantsjes pearje soms mei jonge wyfkes dy't noch net ôfwend binne. Sokke wyfkes drage eins harren hiele bernetiid jongen. Harmelingen kinne tsien jier âld wurde, mar trochstrings wurde se mar oardel oant twa jier âld.
Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De harmeling is in fleisiter, dy't yn haadsaak op kjifdieren en wrotmûzen jaget, al yt er ek wol amfibyen en út en troch ris fûgelaaien. Ek fûgels, wylde kninen en hazzen, dy't grutter binne as hysels, makket de harmeling lytsman. Mantsjes deadzje gruttere proaidieren as wyfkes. De proaidieren wurde troch in byt yn 'e nekke út 'e ljochten holpen. It leit foar de hân dat in harmeling in proai as in knyn net yn ien kear op kin; dêrom slacht er soms fretten op foar letter.
Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De harmeling hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân mei der net mear op jage wurde. Oars as foarhinne beskôget men de harmeling hjoed de dei as in geunstige ynfloed op syn proaidieren, mei't er krekt as oare rôfdieren de sike, swakke en ûnoanpaste proaien it earst pakt, sadat de populaasjes fan syn proaidiersoarten sûn en sterk holden wurde.
Opsomming fan ûndersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der binne 37 erkende ûndersoarten fan 'e harmeling:
- de Altayske harmeling (Mustela erminea lymani)
- de Baffinharmeling (Mustela erminea semplei)
- de bonaparteharmeling (Mustela erminea cigognanii)
- de Britske harmeling (Mustela erminea stabilis)
- de Eastsibearyske harmeling (Mustela erminea kaneii)
- de Ferganaharmeling (Mustela erminea ferghanae)
- de Gobyharmeling (Mustela erminea mongolica)
- de Hebridyske harmeling (Mustela erminea ricinae)
- de Ierske harmeling (Mustela erminea hibernica)
- de Japanske harmeling (Mustela erminea nippon)
- de Juneaanske harmeling (Mustela erminea alascensis)
- de Karaginskyharmeling (Mustela erminea karaginensis)
- de Kaukazyske harmeling (Mustela erminea teberdina)
- de Keninginne-Charlotte-eilânske harmeling (Mustela erminea haidarum)
- de Kodiakharmeling (Mustela erminea kadiacensis)
- de Middenrussyske harmeling (Mustela erminea aestiva)
- de noardlike harmeling (Mustela erminea erminea)
- de Olympyske harmeling (Mustela erminea olympica)
- de poalharmeling (Mustela erminea polaris)
- de richardsonharmeling (Mustela erminea richardsonii)
- de súdwestlike harmeling (Mustela erminea muricus)
- de Switserske harmeling (Mustela erminea minima)
- de toendraharmeling (Mustela erminea arctica)
- de Tolbolskharmeling (Mustela erminea tobolica)
- de Vancouvereilânske harmeling (Mustela erminea anguinae)
- de westlike Grutte-Marreharmeling (Mustela erminea bangsi)
- Mustela erminea augustidens
- Mustela erminea celenda
- Mustela erminea fallenda
- Mustela erminea gulosa
- Mustela erminea initis
- Mustela erminea invicta
- Mustela erminea martinoi
- Mustela erminea ognevi
- Mustela erminea salva
- Mustela erminea seclusa
- Mustela erminea stratorii
Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Waarnimmings yn Nederlân[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Sûchdieresoarte
- Rôfdier (skift)
- Martereftige
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Japan
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Eksoat yn Nij-Seelân