Wyt

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
wyt
spektrale koördinaten
weachlingte n.f.t.
frekwinsje n.f.t.
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FFFFFF
RGBª (rgb) (255, 255, 255)
CMYKº (cmyk) (0, 0, 0, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Wyt is de ljochtste kleur en is a-gromatysk, wat sizze wol dat it eins gjin tint hat. Natuerkundich sjoen is wyt eins gjin echte kleur yn 'e gongbere betsjutting fan dat wurd, mei't wite foarwerpen alle weachlingten fan sichtber ljocht wjerkeatse en ferstruie. By additive kleurminging (bgl. op 'e tillefyzjes en kompjûterskermen) wurdt wyt skepen troch de ferminging fan 'e heechste mjitten fan 255 bytes oan read, blau en grien ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) wurdt it lykwols kreëarre troch 0% fan eltse kleur te nimmen. Wyt is it tsjinstelde fan swart; as men wyt mei swart mingt, kriget men griis. Hoewol't wyt feitliks gjin tint hat, wurde der ornaris dochs ferskate tinten wyt ûnderskaat, dat eins tinten fan oare kleuren binne. Men kin dan tinke oan tige ljochte tinten griis, giel, blau, grien en rôze; in oerkoepeljende term foar sokke krekt-net-wyttinten is brutsen wyt. Wyt wurdt assosjearre mei de winter, suverens, de fammesteat, molke, earlikheid, reinheid, it goede en neutraliteit. It is in wichtige kleur yn hast alle religyen fan 'e wrâld. Yn 'e heraldyk is wyt in heraldysk metaal en hat it de namme sulver of argint. Yn sprekwurden seit men: sa wyt as snie, sa wyt as in deade, sa wyt as in doek, sa wyt as in lyk, sa wyt as kalk, sa wyt as kryt, sa wyt as in kalken muorre of sa wyt as sûpe.

Assosjaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Winter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyt wurdt sterk assosjearre mei de winter om't snie en iis wyt binne. As men sprekt fan in 'wite Kryst' of in 'wite Peaske', wurdt doeld op in Kryst of Peaske as der snie leit. In 'wyt winterklaad' ferwiist ek nei snie. Ferskate soarten bisten, lykas de harmeling, de sniehin en de poalfoks, krije by 't winter in wite pels of wite fearren, by wize fan kamûflaazje tsjin 'e eftergrûn fan snie. Bisten as de sniehin en de poalhazze kinne dêrtroch better oan predaasje ûntkomme, wylst rôfdieren as de harmeling en de poalfoks krekt makliker harren proaien beslûpe kinne.

Harmelingen binne simmerdeis brún, mar krije by 't winter in wite pels. Inkeld it puntsje fan 'e sturt bliuwt swart.

Fammesteat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyt wurdt wrâldwiid sjoen as de kleur fan reinheid en suverheid. Yn 'e Westerske wrâld is it dêrom wizânsje dat in breid op har brulloft in wite troujurk draacht. Dy gewoante kaam yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw yn algemien gebrûk; foartiid koe it foar sljochtwei minsken net út om in nije jurk oan te skaffen dy't mar ien kear droegen wurde soe. De kleur wyt stie dêrby oarspronklik symboal foar de fammesteat fan 'e breid. Tsjintwurdich is dat ornaris net mear oan 'e oarder, mar nettsjinsteande dat wurdt de tradysje fan in wite troujurk oer it algemien yn eare holden.

Rou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e kultuer fan Sina, Koreä en ferskate oare Easterske lannen is wyt (of eins de witige kleur fan linnen dat net ferve is) de kleur fan 'e dea en dêrom ek fan rou. Yn Sina wurde tradisjoneel ûnferve linnense klean nei begraffenissen droegen. As neitiid in skoft foarbygien is, meie de djipdrôven stadichoan wer ljochtkleurige klean drage en letter dûnkerkleurige. Yn Sina en oare boedistyske lannen is wyt ek de kleur fan 'e reynkarnaasje, om't de dea dêr net sjoen wurdt as in permanint ôfskie fan 'e wrâld.

Yn it Westen, dêr't swart de roukleur is, wurdt dy betsjutting foar wyt inkeldris oernommen. Sa waard bygelyks troch it Nederlânske keningshûs op 'e begraffenis fan keninginne Wilhelmina, yn 1962, wyt as roukleur brûkt. Dat hie dermei te krijen dat wyt ek de kleur fan 'e opstanning is. De begraffenis fan 'e Belgyske kening Boudewyn, yn 1993, waard ek foar in diel yn it wyt holden.

Oerjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under oarloggen wurdt mei it hisen of op oare wize toanen fan in wite flagge bedoelt dat men jin oerjaan wol oan 'e fijân. Dy gewoante giet nei alle gedachten werom oant de fyftjinde iuw, doe't ûnder de Hûndertjierrige Oarloch tusken it Keninkryk Ingelân en it Keninkryk Frankryk mearkleurige flaggen yn Jeropeeske legers yn gebrûk kamen. (Foartiid waard it omheechhâlden fan in tûke mei grien leaf brûkt as inselde soarte teken.) De wite flagge waard offisjeel erkend as in fersyk om 'e fijannichheden te staken troch de Sjenêfske Kovinsje fan 1949.

It Wite Hûs is de residinsje fan 'e presidint fan 'e Feriene Steaten.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e Aldheid waarden Grykske en Romeinske timpels beklaaid mei wyt moarmer. Letter, oan it begjin fan 'e achttjinde iuw, doe't it neoklassisisme yn 'e arsjitektuer syn yntree die, ûntjoech wyt him ta de meast foarkommende kleur fan nije tsjerken en oerheidsgebouwen, benammen yn 'e Feriene Steaten. Yn 'e tweintichste iuw waard wyt yn 'e moderne arsjitektuer ek in protte brûkt as in symboal fan moderniteit en ferienfâldiging.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gauris wurdt wyt assosjearre mei it monargisme of it royalisme. It wie de kleur fan 'e keningen fan it Keninkryk Frankryk út it Hûs Boerbon, dy't in flagge fierden fan in wyt fjild belein mei goudene leeljes. Under de Frânske Revolúsje fan 1789 wie blau de kleur fan 'e tsjinpartij, de revolúsjonêren. Under de Russyske Boargeroarloch (1917-1922) fochten de bolsjewiken, dy't reade flaggen fierden en dêrom de 'Readen' neamd waarden, tsjin 'e anty-bolsjewistyske oppposysje, de 'Witen'. Dat wiene net inkeld monargisten, mar in koälysje fan monargisten, nasjonalisten en liberalen. Ek yn 'e Finske Boargeroarloch (1918) stiene de Readen foar de Witen oer.

De flagge fan it Keninkryk Frankryk ûnder de Boerbon-dynasty. Wyt is yn Frankryk de kleur fan it royalisme.

Yn 'e Feriene Steaten wurdt wyt troch de rasistyske Ku Klux Klan (KKK) brûkt om 'e suverens fan it blanke ras te symbolisearjen. De KKK ûntstie yn 'e njoggentjinde iuw, koart nei de Amerikaanske Boargeroarloch, mar makke syn grutste bloeitiid troch yn 'e 1920-er jierren. De organisaasje hat benammen oanhing yn it Amerikaanske Suden, en keart him op yntimidearjende en gewelddiedige wize tsjin swarten, Joaden, roomsen en ymmigranten, wêrby't net tebekskrille wurdt foar moard. Kwea ferneamd binne ek de saneamde krúsferbrânings, wêrby't nachts in grut brânend krús yn 'e tún set wurdt by lju dy't de KKK as fijannen beskôget. Op gearkomsten klaaie KKK-leden har yn lange wite kladen mei wite puntkappen op, dy't ek it gesicht bedekke, sadat de identiteit fan 'e leden ûnbekend bliuwt.

Wyt wurdt fierders ek assosjearre mei frede en liedsum ferset. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch wie de Weiße Rose in bekende pasifistyske fersetsgroep fan studinten yn nazy-Dútslân. De lieders, de broer en suster Hans en Sophie Scholl en harren freon Christoph Probst, waarden yn febrewaris 1943 oppakt en nei in koart proses eksekutearre.

In krúsferbrâning fan 'e rasistyske blanke Ku Klux Klan (KKK) yn it Amerikaanske Suden. De leden fan 'e KKK klaaie harsels yn wite kladen mei wite puntkappen.

Tsjintwurdich wurdt it wite lintsje droegen as symboal foar de ôfwizing fan geweld tsjin froulju.

Yn Iraan wie de Wite Revolúsje de namme fan rige maatskiplike en politike herfoarmings dêr't it regear fan sjah Mohammed Reza Pachlevi yn 1963 mei úteinsette.

Religy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kristendom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyt is in wichtige kleur yn frijwol alle grutte religyen, dy't yn dizze kontekst ornaris ferbân hâldt mei reinheid. Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt wyt assosjearre mei Jezus Kristus, en (net tafallich) ek mei ûnskuld en selsopoffering. Sûnt de Midsiuwen drage roomske preesters in wyt preesterklaad by in protte fan 'e wichtichste seremoanjes en missen dy't yn ferbân steane mei it libben fan Jezus. Sa is wyt de liturgyske kleur fan 'e Kryst, as de berte fan Jezus fierd wurdt, fan Peaske as de weropstanning fan Jezus fierd wurdt, en fan it Feest fan de Hillige Trije-ienheid. Roomske preesters hawwe ek wite kladen oan by missen dy't opdroegen wurde oan 'e Faam Marije (wêrby't it har fammesteat symbolisearret), en oan 'e hilligen dy't gjin martelders binne. Fierders wurdt ek wyt droegen by biskopswijingen.

Yn 'e hierargy fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke is it sa dat wat heger jins rang, wat ljochter de kleur fan jins klaad. Gewoane preesters binne bûten tsjerketsjinsten om klaaid yn it swart, biskoppen yn it pears, kardinalen yn skarlekken en inkeld de paus fan Rome draacht op deistige basis in wyt klaad, wêrby't it wyt stiet foar reinheid en selsopoffering. Yn 'e Midsiuwen droegen pausen almeast in read klaad, en wiene se mar komselden klaaid yn it wyt. De tradysje dat pausen altyd wite klean oan hawwe, begûn yn 1566 mei paus Pius V, dy't in lid fan 'e Dominikaanske Oarder wie (wyt is nammentlik de kleur fan 'e dominikanen).

Islaam[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e islaam wurde ûnder de hadj, de beafeart nei it hillige plak Mekka, troch alle pylgers wite klean droegen. Sokke ichram-klean besteane foar manlju stiiffêst út twa stikken ûnbeseame stof fan 'e grutte en it materiaal fan baailekkens. It boppeste, de riḍā, wurdt om 'e romp hinne wuolle, en it ûnderste, de izār, wurdt as in soarte fan lange rok om it ûnderlichem hinne droegen, mei in rym om it om 'e mul hinne fêst te setten. Ta einbeslút omfetsje ichram-klean ek noch in pear sandalen. Foar froulju omfiemje ichram-klean in folle grutter ferskaat, dat regionale religieuze ynfloeden sjen lit.

Tûzenen islamityske pylgers yn Mekka ûnder de Hadj, allegear klaaid yn 'e tradisjonele wite pylgerkladen.

Hoewol't de tradisjonele kleur fan 'e islaam grien is (islaamgrien), hat ek wyt in lange skiednis fan gebrûk as religieus en polityk islamitysk symboal. Dat begûn mei de effen wite banier dy't fierd wêze soe troch de Koeraisjiten, de Arabyske stamme dêr't de profeet Mohammed ta hearde. Ek de dynasty fan 'e Omajaden brûkte wyt as harren symboal, nei foarbyld fan 'e persoanlike banier fan harren stifter, Mûawija I. De sjiïtyske Fatimiden, in dynasty dy't yn 'e Midsiuwen regearre oer Egypte, fierden ek in wite banier, om utering te jaan oan harren politike wjerstân tsjin it soennityske kalifaat fan 'e Abbasiden, dat in swarte banier fierde.

Joadendom[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it joadendom klaaie de rabbyn en de gemeente harren yn it wyt by seremoanjes fan 'e hjeldei Jom Kippoer, dy't te krijen hawwe mei skuldbelidenis. It doel dêrfan is om 'e bannen tusken God en it Joadske folk te befêstigjen.

Sjintoïsme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it sjintoïsme, de tradisjonele godstsjinst fan Japan, jout in stik grûn dat oerdutsen is mei wyt grint of belein mei wite stiennen in hillich plak oan, in saneamde niwa. Sokke plakken binne wijd oan 'e kami, geasten dy't út 'e himel delkommen of fan oersee oerkommen binne. Yn it sen-boedisme, in oare godstsjinst yn Japan, hawwe timpels gauris in saneamde sen-tún, dêr't wyt grint of sân soarchfâldich mei in túnklauwer bewurke wurdt om op rivieren of beken te lykjen. Sokke tunen binne bedoeld foar meditaasje.

Sjintoïstyske pylgers drage ûnferve linnense kladen foar reinigingsrituëlen en by it baaien yn hillige rivieren. Yn 'e bergen drage pylgers klean fan ûnferve jute om reinheid te symbolisearjen. In wite kimono wurdt faak mei de deade yn 'e deakiste pleatst foar de reis nei de oare wrâld, mei't wyt ek symboal stiet foar de dea. Kondoleânsjegeskinken, ko'oden, wurde yn Japan omwikkele mei wyt papier dat fêstset wurde mei wite en swarte linten. Op dy manear wurdt de ynhâld beskerme tsjin 'e ûnreinheid fan it hjirneimels.

Oare religyen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon religyen symbolisearje de himel troch in loft mei wite wolkens. Dat is net beheind ta it kristendom, mar komt ek foar yn totaal oare dielen fan 'e wrâld, lykas yn 'e natoerreligy fan 'e Jorûba, fan súdwestlik Nigearia en súdlik Benyn. Yn guon Aziatyske en Slavyske kultueren is wyt de kleur fan 'e dea. Dat wie ek sa yn it Alde Egypte, dêr't wyt symboal stie foar de libbenleaze woastyn. Yn kontrast dêrmei waard swart beskôge as de kleur fan it libben, mei't it de libbenjaande modder fan 'e lânbougrûn oan 'e iggen fan 'e Nyl fertsjintwurdige. Yn it Sineesk universalisme, de âlde godstsjinst fan Sina dy't de basis foarmet fan alle lettere Sineeske godstsjinsten (lykas it taoïsme, it konfusianisme en it boedisme), wurdt wyt assosjearre mei it manlike (it yang fan it yin en yang). Wyt is yn it Sineesk universalisme fierders de kleur fan 'e ienhoarn en de tiger, fan it westen, it elemint metaal en fan 'e hjerst.

Oare assosjaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wyttinten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eins is wyt in kleur dy't gjin tinten hat, mar yn 'e regel wurde der dochs tinten ta rekkene dy't eins de alderljochtste tinten fan oare kleuren binne. In oerkoepeljende term foar sokke krekt-net-wyttinten is brutsen wyt. De wichtichste fan dy tinten binne: aaiskaal, albast, âldkant, Aliceblau, antyk wyt, azuerwyt, bêzje, bienwyt, blommewyt, cosmic latte, ekru, fanylje, flaaksgiel, hunichdau (honeydew), isabellyn, ivoar, krêm, lavindelkaam, limoensjiffon, linnenswyt, maïsside, manjolia, mistrôze, muntkrêm, Navahowyt, njanza, papaya whip, pjisk, platinagriis, reekwyt, seeskulp, sjampanje, sniewyt en spûkwyt.

Kleurnûanses[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

fan swart (fia griis) nei wyt:
                               
000000 111111 222222 333333 444444 555555 666666 777777 888888 999999 AAAAAA BBBBBB CCCCCC DDDDDD EEEEEE FFFFFF
fan blau nei wyt:
                               
0000FF 1111FF 2222FF 3333FF 4444FF 5555FF 6666FF 7777FF 8888FF 9999FF AAAAFF BBBBFF CCCCFF DDDDFF EEEEFF FFFFFF
fan giel nei wyt:
                               
FFFF00 FFFF11 FFFF22 FFFF33 FFFF44 FFFF55 FFFF66 FFFF77 FFFF88 FFFF99 FFFFAA FFFF44 FFFFCC FFFFDD FFFFEE FFFFFF
fan grien nei wyt:
                               
00FF00 11FF11 22FF22 33FF33 44FF44 55FF55 66FF66 77FF77 88FF88 99FF99 AAFFAA BBFF44 CCFFCC DDFFDD EEFFEE FFFFFF
Fan read (fia rôze) nei wyt:
                               
FF0000 FF1111 FF2222 FF3333 FF4444 FF5555 FF6666 FF7777 FF8888 FF9999 FFAAAA FFBB44 FFCCCC FFDDDD FFEEEE FFFFFF

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.