Springe nei ynhâld

Drug

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Drugs)
Kaffeïne, in bestândiel fan kofje, is de meast brûkte drug fan 'e wrâld.

In drug (almeast brûkt yn 'e meartalsfoarm drugs) is in substânsje dy't by ynhalearjen, ynjektearjen, smoken, iten, drinken, opname troch de hûd fia in pleister of oplossing ûnder de tonge in tydlike fysiologyske en faak ek psychologyske feroaring yn it minsklik lichem tewei bringt. It byhearrende tiidwurd is jin drogearje. De term 'drug' komt fan it Midnederlânske droge, dêr't ek "drogist" op weromgiet. It Frânsk ûntliende dêr it wurd drogue oan, dat yn it Ingelsk bedarre as drug en dêrwei wer weromliend waard troch it Nederlânsk en it Frysk. 'Drugs' is in sammelnamme foar genêsmiddels en genotsmiddels mei in ferdôvjende, stimulearjende of hallusinogene wurking op it bewustwêzen, wêrfan't ynname gauris liede kin ta in ferslaving. As men dan ophâldt mei ynname (oftewol ôfkickt) kriget men tige ûnoangename ûntwenningsferskynsels.

Harddrugs en softdrugs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e measte lannen en territoaria wurdt ûnderskie makke tusken harddrugs en softdrugs. Yn Nederlân is dat ferskil beskreaun yn 'e Opiumwet. Yn it gefal fan softdrugs wurde de risiko's fan it brûken fan sokke middels talitber achte. Harddrugs, dêrfoaroer, kinne de brûker folle mear skea tabringe. It is net sa dat softdrugs tastien en harddrugs ferbean binne. Yn prinsipe binne (alteast yn Nederlân) de measte softdrugs ek ferbean, hoewol't it gebrûk troch de autoriteiten en de plysje faak dulde wurdt ûnder it Nederlânske gedoochbelied. De hannel yn sofdrugs wurdt faak wol deeglik oanpakt, útsein as it om 'e ferkeap fan marihûana giet yn saneamde coffeeshops dy't dêr in fergunning foar hawwe. Oan 'e oare kant is alkohol, dat eins in harddrug is, in legaal produkt, wêrfan't it gebrûk algemien akseptearre is, ek al smyt it in protte maatskiplike swierrichheden op, lykas iepenbiere dronkenskip, alkoholisme, fandalisme, geweld en riden ûnder ynfloed.

Underferdieling nei wurking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Utgeande fan 'e effekten dy't drugs hawwe op it lichem en it bewustwêzen fan 'e brûker kinne der trije kategoryen ûnderskaat wurde:

Heroïne wurdt ferhjitte om it fan poeierfoarm yn in floeistof om te setten, sadat it ynjektearre wurde kin.

Ferdôvjende middels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta de ferdôvjende middels, ek wol downers neamd, hearre:

Ferslaving oan alkohol hjit alkoholisme.
Dit binne kalmearjende medisinen en sliepmiddels, lykas diazepam en fenobarbital. Ferslaving oan sokke middels wurdt faak ûnderskat en it ôfkicken kin in saak fan 'e tige lange azem wêze. By diazepam komme as ûntwenningsferskynsels benammen eangsten, stress, agitaasje en oergefoelichheid foar bgl. lûden foar. Yn slimme gefallen kin it ek gean om depersonalisaasje en epileptyske stupen.
Dit middel stiet (fral by lju dy't it inkeld kenne út tillefyzjesearjes en films) ek wol bekend as de date rape-drug, dy't yn swierdere doazes in bedwelmjende wurking hat en dêrom wol troch ferkrêfters temûk oan harren slachtoffers tatsjinne wurdt. De measte brûkers nimme it (yn lichtere doazes) lykwols gewoan sels yn op in feestje of in muzykfestival.
Ta de opiaten hearren opium en it tal opiumderivaten, dêr't heroïne it ferneamdste fan is. De aktive stof yn opium is morfine, dat behalven as drug ek yn 'e genêskunde brûkt wurdt as in sterke pinestiller. Hoewol't heroïne ek in sterk pinestiljend effekt hat, wurdt it troch de brûkers benammen priizge as in geastlik ferdôvjend middel. It wurdt smookt, snúfd of spuite en hat in sterk ferslaavjende wurking. Untwenningsferskynsels binne û.m. kâlde rillen, eangsten, in algemien gefoel fan ûnbehaach en in sterke craving (oanstriid om it wer te nimmen). In oar oan heroïne besibbe middel is metadon, dat by ôfkicken faak ôfbouwend tatsjinne wurdt om slimme ûntwenningsferskynsels foar te kommen dy't ûntstean soene by abrupt ôfkicken (cold turkey). By lang oanholden gebrûk, kin metadon lykwols oanhâldende ôfkickferskynsels feroarsaakje.
Lyntsjes kokaïne lizze klear om op te snuven.

Stimulearjende middels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta de stimulearjende middels, ek wol uppers neamd, hearre:

Ek bekend as speed. Ek wol brûkt as doping by doersporten.
Kaffeïne sit fral yn kofje, mar bgl. ek yn sûkelarje en kola. It hat in licht stimulearjende wurking en is frijwol oeral op 'e wrâld legaal. It is de meast brûkte drug fan 'e wrâld.
Kokaïne is fral geastlik ferslaavjend; behalven ferheftige agitaasje, agresje, craving (in sterk longerjen nei it middel) en wurgens komme der by it ôfkicken dêrfan gjin echte lichaamlike ûntwenningsferskynsels foar. Fan kokaïne bestiet ek in smookbêre foarm, crack, dy't noch folle krêftiger en ferslaavjender is.
MDMA is it haadbestânsdiel fan XTC.
Dit middel wurdt foarskreaun by de behanneling fan persoanen dy't oanhelle binne mei ADHD, mei't sokken dêr krekt kalmer fan wurde. Ek kin it harren helpe om har te konsintrearjen, bgl. om learstof op te nimmen. Foar minsken sûnder ADHD is it krekt in sterk stimulearjend middel, ferlykber mei amfetaminen.
Nikotine sit yn tabak, en wurdt oer it algemien opnommen troch smoken of prúmkjen, hoewol't tabak foarhinne ek wol snúfd waard. It stimulearret de ôfjefte fan it hormoan dopamine en blokkearret tagelyk ek de harsenssellen dy't dy ôfjefte wer ôfremje moatte soene. It gefolch is dat brûkers allegeduerigen ferlet hawwe fan nikotine om 'e stimulearjende wurking te ûnderfinen. Dy wurking hat mar hiel koart effekt, en der binne hieltyd hegere doasearrings nedich om itselde effekt te berikken. Dat makket nikotine tige by tige ferslaavjend. Yn it meastepart fan 'e wrâld is it lykwols legaal en te krijen fia sigaretten, sigaren, piiptabak of prúmtabak.
Steroïden stimulearje de groei fan spieren. Sokke middels wurde benammen brûkt troch bodybuilders.
In licht stimulearjende stof dy't foarkomt yn tee. Oeral legaal. Wierskynlik is dit nei kaffeïne de meast brûkte stimulearjende stof fan 'e wrâld.

Oare stimulearjende middels binne plantaardige stoffen. Men kin dan tinke oan munt, guarana, efedrine en it Somalysk kat. Ek ferskate merken enerzjydrinken meitsje fan sokke stoffen gebrûk.

Marihûana is ien fan 'e meast brûkte softdrugs.

Hallusinogene middels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ta de hallusinogene middels, ek wol psychedelyske drugs of geastferromjende middels neamd, wurde rekkene:

Ek bekend as kannabis. Hjir falle marihûana (of wyt) en hasj (hasjysj) ûnder. (Dit is allinich yn gruttere doazes hallusinogeen; in lytse dosearing wurket earder as downer.)
In sterk hallusinogene stof dy't troch Yndianen út Meksiko en it Amerikaanske Súdwesten wûn waard út 'e peyotekaktus. Tsjintwurdich komt de measte meskaline fan 'e San Pedrokaktus, om't de peyotekaktus no bedrige is.
Dit binne drûge hallusinogene poddestuollen mei psilosibine as (wichtichste) aktive stof. Hast alle poddestuollen fan it skaai Psilocobe binne paddo's; dêr komme noch in paar net-ferwante soarten ta. Der binne noch oare poddestuollen mei in psigoaktive wurking, lykas de miggeswam, mar dy hawwe in oare komposysje en wurde dêrom net ta de paddo's rekkene.

Yn minder sterke mjitte hearre ek absint en hop ta dizze kategory. Hallusinogene middels binne allegear yn hegere of mindere mjitte psychodysleptysk, wat betsjut dat se it bewustwêzen feroarje en/of ferromje. Se feroarsaakje faak hallusinaasjes: waanfoarstellings dy't op dat stuit as echt ûnderfûn wurde. Dat is fral sterk it gefal by paddo's en MDA. It bekende LSD feroarsaket faak gjin wiere hallusinaasjes om't de brûker him dêrby faak bewust bliuwt of bliuwe kin fan it feit dat wat er ûnderfynt net ta de wurklikheid heart.

Wize fan gebrûk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Drugs kinne, krekt as alle gemyske stoffen en medisinen trouwens, op ferskate wize ynnommen of tatsjinne wurde:

Ferslaavjende wurking

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt gauris sein dat harddrugs sawol lichaamlik as geastlik ferslaavjend wurkje kinne, wylst softdrugs net of allinne geastlike ferslaavjend binne. Dat is net hielendal wier. In ferslaving oan softdrugs (lykas marihûana) ûntstiet minder fluch as in ferslaving oan harddrugs (lykas heroïne), mar in ferslaving oan softdrugs kin wol deeglik foarkomme, sawol op lichaamlik as op geastlik flak. De ûntwenningsferskynsels by it ôfkicken binne oer it algemien minder swier as by in ferslaving oan harddrugs, mar dêrom noch hieltyd gjin pretje. Dêrby komt dat softdrugs lykas marihûana oer it algemien troch smoken ynnommen wurde en dêrby mongen wurde mei tabak, dat troch de oanwêzigens fan nikotine tige ferslaavjend is.

By harddrugs binne de ûntwenningsferskynsels faak tige ferheftich, mar geane de slimste symptomen ornaris nei fiif dagen oer. Dêrnei folget noch in perioade fan 'psychysk ôfkicken' dy't fan krúsjaal belang is om in weromfal foar te kommen. Nei it ôfkicken, as de ferslaafde clean is, bestiet ien fan 'e grutste gefaren derút dat de brûker in weromfal kriget en dan daliks wer begjint te brûken mei deselde doazis as foar it ôfkicken. De opboude tolerânsje kin nammentlik hiel fluch ôfnimme, sadat dêrtroch gau it gefaar fan in oerdoazis ûntstiet.

De San Pedrokaktus (Echinopsis pachanoi), dêr't meskaline út wûn wurdt.

Hoewol't goed fersniene harddrugs (d.w.s. harddrugs dy't fermongen of fertinne binne mei in oare stof) eins net sa skealik binne as bygelyks grutte hoemannichten alkohol, soargje se faak dochs foar problemen. Ferslaafden besteegje der mear jild oan as dat se eins misse kinne, en komme dêrtroch yn 'e finansjele swierrichheden, dy't se faak besykje op te lossen troch út te stellen te gean. In lichaamlik effekt fan it nimmen fan harddrugs is dat men minder honger ûnderfynt en dêrom te min yt en geandewei fermeageret. En ûnder de psychyske ynfloed fan drugs kin men nuvere dingen dwaan, dy't sawol foar oaren as foar jinsels raar útpakke kinne. Troch al dy omstannichheden belânje ferslaafden oan harddrugs gauris yn 'e kriminaliteit en ek reitsje se faak harren hûs kwyt en wurde dakleas, mei alle gefolgen dy't dat wer hat.

Genêskundige tapassing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Guon drugs hawwe njonken gebrûk as genotsmiddel ek in funksje as genêsmiddel. Sa is yn Nederlân en in grut tal oare lannen tsjintwurdich medyske marihûana of 'mediwyt' al ridlik ynboargere rekke. It kin helpe by de bestriding fan pine en oare ferfelende symptomen fan lju dy't oanhelle binne mei bgl. kanker of reuma, sadat de libbenskwaliteit fan 'e pasjinten ferbettere wurdt. Fierders wurdt der ek ûndersyk dien nei de behanneling fan slimme geastlike sykten mei LSD en paddo's, wylst MDMA mooglik helpe kinne soe by de behanneling fan kanker.

Religieuze tapassing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn guon godstsjinsten, benammen yn natoerreligyen, wurdt fan beskate, benammen hallusinogene middels gebrûk makke yn religieuze seremoanjes. It bekendste is yn dat ferbân de histoaryske peyotekultus fan 'e Yndianen yn it Amerikaanske Súdwesten, dy't hjoed de dei fuortlibbet yn 'e praktiken fan 'e Lânseigen Amerikaanske Tsjerke (NAC). Dêrby waard it fleis fan 'e lytse stikelleaze peyotekaktus (Lophophora williamsii) brûkt, dat it hallusinogeen meskaline befet, om fizioenen op te wekjen. Om't dy plant no yn syn fuortbestean bedrige wurdt, brûkt men dêr tsjintwurdich ynstee de folle mear foarkommende en gruttere San Pedrokaktus (Echinopsis pachanoi) foar.

Mank de Kosa (Xhosa) fan Súd-Afrika hat de plant Silene undulata in hillige status, wêrfan't de woartel troch de sjamanen brûkt wurdt om libbene, neffens de Kosa profetyske, dreamen op te wekjen. De medisynmannen fan 'e Mazateken, yn Meksiko, brûke de plant Salvia divinorum om fizioenen op te wekjen, en yn it Amazônegebiet wurdt dêrfoar ayahuasca brûkt, in brousel dat makke wurdt fan 'e liaan Banisteriopsis caapi en oare yngrediïnten. Fierders brûkt it rastafarianisme, in godstsjinst dy't gjin natoerreligy is, mar benammen op Jamaika beliden wurdt, it smoken fan marihûana (ganja) as in religieus sakramint.

In drug dy't brûkt wurdt by religjeuze rituelen neamt men in enteogeen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.