Morfine

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Morfine: (5α,6α)-Didehydro-4,5-epoxy-17-methylmorfinaan-3,6-diol

Morfine is in krêftich narkoatysk analgetikum (pynstiller) dy't in protte brûkt wurdt yn de genêskunde. De apteker Friedrich Sertürner makke yn 1804 it alkaloïde morfine (C17H19NO3) út opium frij.

Hoewol't morfine yn prinsipe syntetysk makke wurde kin, wurdt de grûnstof wêr't morfine út makke wurdt (de rauwe opium) noch altyd troch de moankop (papaver somniferum) levere. Opium is de âldst bekende pynstiller.

It terapeutysk brûken fan opiaten (lykas yn it ramt fan pinebehanneling) jout gjin ferslaving. Lichaamlike wenning kin wol foarkomme; dat betsjut dat by it samar ophâlden fan it gebrûk ûnthâldingsferskynsels foar komme kinne of dat de dosearring ferhege wurde moat foar itselde effekt. In opiaat moat dêrom ek stadichoan ôfboud wurde.

Yndikaasjes om morfine foar te skriuwen binne akute slimme pine (post-operatyf, hertynfarkt) en by astma kardiale.

Morfine wurdt ek brûkt bt groanyske slimme pine, bygelyks yn it einstadium fan in sykte as kanker. Dêrnjonken wurdt morfine brûkt as premedikaasje foar anestesy, en as analgetikum ûnder in opreraasje.