MDMA

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De gemyske stofnamme MDMA stiet foar 3,4-methyleendioxymethamfetamine, in organyske ferbining mei as brutoformule C11H15NO2. MDMA en de besibbe stoffen MDA, MMDA en MDEA binne, krekt as lsd, semysyntetyske ferbiningen dy't klassifisearre wurde as psychostimulantia en hallusinogenen. MDMA is ien fan de meastbrûkte syntetyske drugs, benammen yn de subkultuer fan elektronyskemuzyk (benammen techno, trance, house en hardcore), mar ek by psychoterapy. Brûkers fan MDMA ûnderfine gjin lichaamlike ferslaving en de psychysk ferslaavjende wurking is minder as kokaïne of metamfitamine.

Ecstasy of xtc is de strjitnamme foar pillen of poeiers dy't ûnder oare de stof MDMA befetsje. Dizze tabletten befetsje somtiden ek oare stoffen as MDMA, bygelyks mCPP en PMMA. De stof MDMA stiet sûnt 1988 op List 1 (harddrugs) fan de Nederlânske Opiumwet. MDMA wurdt yn de skiedkundich meast klear mooglike foarm ferkocht yn de foarm fan sânkleurige kristallen.

Keppelingen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]