Tean

Ut Wikipedy
De teannen fan in minske.

In tean is yn 'e anatomy fan rêchstringdieren (wêrûnder de minske) ien fan in stikmannich útstykjende en ûnôfhinklik beweechbere ûnderdielen fan 'e foet of poat. By minsken befine de teannen har oan 'e foarside fan 'e foet, mar by guon bisten, lykas de measte fûgels, sit ien tean oan 'e efterside. Yn oare gefallen, lykas by bearen, sitte de teannen sa fier faninoar ôf dat de bûtensten har oan wjerskanten fan 'e poat befine.

Nammejouwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De minske hat normaalwei fiif teannen oan eltse foet, dy't fan binnen nei bûten ta wat langer wat lytser wurde. De binnenste tean wurdt sadwaande de grutte tean neamd, en de bûtenste de lytse tean. De trije middelste teannen hawwe gjin spesifike namme, mar om se te ûnderskieden wurde se fan binnen nei bûten ta wol de twadde, trêde en fjirde tean neamd. De tean is beklaaid mei hûd, dy't oan 'e ûnderkant ornaris fertsjûke is ta yl. Oan 'e boppekant sit op 'e útein fan 'e tean in neil fan hoarnstof. Minsken hawwe 14 teankeatsjes yn eltse foet: 2 yn 'e grutte tean en 3 yn elts fan 'e oare fjouwer teannen.

Funksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teannen spylje by de minske in wichtige rol by it rinnen. Flak foar't men jins foet optilt, stipet men op 'e teannen. Wichtiger is noch dat men (ûnbewust) mei teannen jins lykwicht korrizjearret. Minsken dy't ien of mear teannen ferlern hawwe (bgl. oan befriezing), ûnderfine dan earst ek in protte muoite by it rinnen, oant se har oan 'e nije sitewaasje oanpast hawwe. By guon bisten hawwe teannen mear of oare funksjes. Sa hawwe se by evenhoevigen (lykas kij) en ûnevenhoevigen (lykas hynders) de funksje fan it rinnen hielendal oernommen fan 'e foet; de hakke sit by sokke bisten suver healwei de skonk. By apen hawwe de teannen har ûntjûn om mei te gripen, en fungearje se min ofte mear itselde as fingers. De grutte tean is by sokke bisten faak opponearber wurden en fungearret lykas de tomme oan 'e hân.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.