Oerlis:Drug

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ik fyn it net hielendal earlik dat GHB hjir no "de date-rape-drug" neamd wurdt. It wurdt yndie, njonken wat oare drugs, troch ferkrêfters brûkt, mar de measte lju dy't GHB gebruke, doggen dat noch hieltyd op in feestke en net op in ferkrêfting. Steinbach (oerlis) 29 mai 2021, 13.51 (CEST)[beäntwurdzje]

@Steinbach: Best genôch. Mar dat is de iennichste reden dat ik der wolris fan heard haw, en ik tink dat it foar in protte oare minsken krekt-en-gelyk wêze sil. Dêrom soe ik dy beneaming wol yn 'e tekst hâlde wolle. Ik haw lykwols de formulearring oanpast en jo opmerking meinommen. Kinne jo jo der sa yn fine? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 29 mai 2021, 23.12 (CEST)[beäntwurdzje]
Ja, bêst. Op de lange doar soe it moaier wêze as wy oer al dy drugs in artikel hienen, dan hoecht der net by guon fan dy spullen útlis en by oare net sa't it der no hinne leit. Steinbach (oerlis) 29 mai 2021, 23.58 (CEST)[beäntwurdzje]
En oer dy himp: jo bewurkings-gearfatting kin twa dingen betsjutte. Of jo hawwe it hielendal noait nommen, of jo nimmen der eltse kear in protte fan. :) Steinbach (oerlis) 30 mai 2021, 00.02 (CEST)[beäntwurdzje]
L.O.L. Ried mar hokker it is! Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 30 mai 2021, 00.36 (CEST)[beäntwurdzje]