Ivoar (kleur)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
ivoar
kleurkoördinaten
heksadesimaal #FFFFF0
RGBª (rgb) (255, 255, 240)
CMYKº (cmyk) (0, 0, 6, 0)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Ivoar is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan wyt en ien fan 'e bekendste foarmen fan brutsen wyt. It is de kleur fan ivoar, it materiaal dêr't tosken fan minsken en bisten, en slachtosken fan bisten fan makke binne. Benammen bisten mei grutte slachtosken, lykas oaljefanten en walrussen, steane bekend om har ivoar. As kleur is it in tint wyt dy't in hiel lyts bytsje nei giel niget. De term 'ivoar' wurdt al teminsten sûnt de Midsiuwen as oantsjutting foar in kleur brûkt, mei't it ierst oerlevere gebrûk fan it wurd ivory yn dy betsjutting yn it Ingelsk datearret fan 1385.

Kleurtechnyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is ivoar in tertiêre kleur, dy't foarme wurdt troch minging fan beskate hoemannichten fan alle trije primêre kleuren read, grien en blau. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) wurdt ivoar foarme troch inkeld in minuskúl protsje giel ta te foegjen oan in wite ûndergrûn.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Natoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e komt de kleur ivoar yn blommen bygelyks foar by de ivoarorgidee (Cymbidium eburneum), in soarte orgidee. Yn 'e bistewrâld komt de kleur foar by û.m. de ivoarmiuw, de ivoarsnaffelspjocht en de ivoararatinga (in soarte fan pappegaai).

Popkultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ebony and Ivory is in liet út 1982, dat in duët wie fan sjongers Paul McCartney en Stevie Wonder. De titel ferwiist nei de toetsen fan in piano: ebony (ebbehout) is in dûnkere kleur, dy't de swarte toetsen fertsjintwurdiget, en ivoar stiet foar de wite toetsen. De beide kleuren wurde yn it liet brûkt as in metafoar foar it negroïde en it blanke ras.

Ivory (Ingelsk foar "Ivoar") is ek in (ivoarkleurich) personaazje yn 'e tekenfilmsearje My Little Pony: Friendship is Magic, út 2011.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.