Primêre kleur

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In primêre kleur is in kleur dy't troch minging mei ien of twa oare primêre kleuren yn teory folstiet om it grutst mooglike kleureferskaat te krijen. By additive kleurminging, in proses dat brûkt wurdt foar it mingen fan ljocht, lykas op in byldskerm of by teaterferljochting, binne de primêre kleuren read, grien en blau. It systeem dat dêrby heart, is it RGB-kleursysteem.

By subtraktive kleurminging, in proses dat yn gebrûk is foar it mingen fan ferve en it drukken fan kleure teksten en ôfbyldings op papier, binne de primêre kleuren syaan (in ljochte tint blau), maginta (in tint dy't tusken read en rôze yn sit) en giel. It systeem dat dêrby heart is it CMYK-kleursysteem. Om't de kleuren fan ferven en inketen nea folslein ideaal binne, wurdt dêrby oer it algemien noch swart tafoege as fjirde kleur.

Yn 'e skilderkeunst wurde lykwols tradisjoneel de subtraktive primêre kleuren werjûn as read, giel en blau. Dy gewoante is ôfkomstich út in efterhelle kleurelear út 'e achttjinde iuw, doe't der noch gjin pigminten foar syaan en maginta beskikber wiene. Mei read, giel en blau slagget it lykwols net om in suvere kleur pears of grien te mingen.

By dekkende ferve, mar ek yn in mozayk of op rutense stof, wurdt gebrûk makke fan partitive kleurminging. Dêrby is de mingkleur ljochter as de dûnkerste boarnekleur en dûnkerder as de ljochtste boarnekleur. Om alle kleuren yn fersêding minge te kinnen, moatte njonken syaan, maginta en giel dan ek read, grien en blau brûkt wurde.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.