Springe nei ynhâld

Sûpe

Ut Wikipedy
Glês mei sûpe. Boppe-yn de streken dy't oerbliuwe nei it drinken fan sûpe

Sûpe (Stedsfrysk:Suup) is in molkprodukt dat ûntstiet by it meitsjen fan bûter en waard eartiids in soad brûkt. Tsjintwurdich wurdt sûpe noch wol wurdearre, fral at it kâld optsjinne wurdt, by hjit waar.

Hjoeddeisk wurdt hast alle sûpe makke yn de suvelfabryk. Oan meagere molke wurde molksoerbaktearjes tafoege. Dêrtroch wurdt molksûker (laktoaze) omset yn molksoer. Biologysk-dynamyske sûpe wurdt noch op de âlderwetske wize makke.

Nammen dy't op de hannel wize binne nammen yn Ljouwert as Suupsteeg, Deinumer en Huzumer Suupmerk; yn Snits de Suupmarkt.

Sûpe wurdt ek brûkt foar iten as

Ek de taal bewiist de bekendheid:

  • Goed by jins sûpenstút wêze (goed by jins ferstân, nofteren)
  • sa wyt as sûpe
  • it bloed wurdt my sûpe
  • sa goed as sûpe (deagoed) ek: sa goed as bôle
  • sa sêd as sûpe wêze (sa sêd as in protter)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Wikiwurdboek-side - sûpe

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Karnemelk.