Nij-Súd-Wales

Ut Wikipedy
Nij-Súd-Wales
New South Wales
flagge wapen
Latyn: Orta recens quam pura nites
("Koartby ferrize, hoe fel skynst wol net")
lokaasje yn Austraalje
algemien
ôfkoarting NSW
lân Austraalje
status steat
haadstêd Sydney
grutste stêd Sydney
sifers
ynwennertal 7.439.200 (2013)
befolkingstichtens 9,1 / km²
oerflak 809.444 km² (ynkl. wetter)
800.642 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC+9½ – +10
(S.T. UTC+10½ – +11)
webside www.nsw.gov.au

Nij-Súd-Wales (Ingelsk: New South Wales) is ien fan 'e seis steaten fan Austraalje. It omfiemet likernôch it noardlike twatrêde part fan it súdeasten fan it Australyske fêstelân. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Sydney. Mei 10,4% fan it nasjonaal grûngebiet is Nij-Súd-Wales in middenmoater ûnder de Australyske gewesten, mar mei in ynwennertal fan rom 7,4 miljoen (yn 2013) is it fierwei it befolkingsrykste gewest. Fan 'e totale Australyske befolking wennet 32% yn Nij-Súd-Wales, ek al is it binnenlân, of de outback, sa't men it yn Austraalje neamt, tige tin befolke.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Britske ûntdekkingsreizger James Cook ferneamde de kust fan eastlik Austraalje yn 1770 nei Wales, troch it New Wales te neamen. Dy namme lei er fêst yn syn lôchboek, dat er op oarders fan 'e Ingelske admiraliteit yn trijefâld byhold. Yn it eksimplaar dat úteinlik by de admiraliteit bedarre, foege er letter it wurd "South" yn, sadat it gebiet New South Wales kaam te hjitten. De ynwenners fan Nij-Súd-Wales wurde Nijsúdwelsen neamd.

De Australyske Alpen, yn it súdeasten fan 'e steat.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nij-Súd-Wales hat in oerflak fan 809.444 km², wêrfan't 800.642 km² út lân bestiet en 8.802 km² út wetter. De steat grinzget yn it noarden oan 'e steat Queenslân en yn it westen oan Súd-Austraalje. Yn it suden foarmet de rivier de Murray de grins mei Fiktoaria, behalven yn it uterste súdeasten, dêr't it in rjochte line fan 'e boarne fan 'e Murray nei see is. It Australysk Haadstedsk Territoarium, in lytse eklave om 'e federale haadstêd Canberra hinne, wurdt net fier fan 'e súdeastlike grins mei Fiktoaria folslein troch Nijsúdwelsk grûngebiet omjûn, wylst it Jervis Bay Territoarium, oan 'e kust fan Nij-Súd-Wales leit. De hiele lingte fan dy kust swettet oan 'e Tasmansee, in ûnderdiel fan 'e Stille Oseaan. It eilân Lord Howe, dat ek ta Nij-Súd-Wales heart en in populêre fakânsjebestimming is, leit sa'n 800 km beëasten it fêstelân.

It Grutte Skiedingsberchtme rint lykstrekich op mei de kust, alhiel fan 'e grins mei Fiktoaria yn it suden oant dy mei Queenslân yn it noarden. It heechste diel derfan wurdt foarme troch de Australyske Alpen, of de Snowy Mountains, sa't se yn Austraalje sels neamd wurde, mei as heechste punt de top fan 'e Mount Kosciuszko, op 2.229 m. Fuort dêrby streamt de rivier de Snowy, dy't ferneamd wurden is troch it gedicht fan Banjo Paterson, The Man from Snowy River, en de film, in Australyske western, dy't dêr letter op basearre is. Teffens is dit it iennichste diel fan Austraalje dêr't men skye kin, in sport dy't hjir foar it earst te Kiandra, yn 1861, beoefene waard.

Eastlik fan 'e bergen leit in relatyf smelle kuststripe dy't it tichtstbefolke diel fan Nij-Súd-Wales foarmet, mei stêden as Sydney, Newcastle, Wollongong, Maitland, Port Macquarie en Lismore. It likernôch fiifsechsde part fan Nij-Súd-Wales dat bewesten de bergen leit, is folle tinner befolke. It is in plattelânsgebiet dat it fan 'e lânbou hawwe moat. Hoewol't it trochsnien wurdt troch de grutte rivieren de Murray en de Darling en ferskate mindere rivieren as de Murrumbidgee en de Lachlan, is dit oer it algemien in drûch, steppe-eftich lân, dat fral yn it westen sterk de kant fan in woastyn útgiet. De iennichste befolkingssintra fan belang binne Tamworth en Wagga Wagga krekt bewesten de bergen, en it mynboustedsje Broken Hill yn it uterste westen fan 'e steat.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânseigen befolking fan Austraalje sette him tusken 60.000 en 40.000 jier lyn nei wenjen yn wat no Nij-Súd-Wales is. Histoarisy hawwe berekkene dat der foarôfgeande oan it earste kontakt mei de Jeropeänen sa'n 250.000 Aboriginals yn it gebiet wenne hawwe moatte. De earste Jeropeaan dy't de kust fan Nij-Súd-Wales yn kaart brocht, wie de Britske ûntdekkingsreizger James Cook, yn 1770, dy't it gebiet teffens út namme fan 'e Britske Kroan yn besit naam. De earste Britske delsetting yn Nij-Súd-Wales waard yn 1788 oan 'e Botany Bay, oan 'e súdkant fan it tsjintwurdige Sydney, stifte troch kaptein Arthur Phillip, doe't dy dêr lâne mei de saneamde Earste Float.

It strân fan Byron Bay, yn noardlik Nij-Súd-Wales.

Port Jackson, oan Botany Bay, waard in strafkoloanje, dêr't de Britten feroardiele kriminelen hinne deportearren. Dêrby hoecht men net te tinken oan moardners en ferkrêfters, dy't yn 'e regel de deastraf krigen, mar mear oan ynbrekkers, bûsehifkers, krommeldieven en prostituees, allegear feroardiele ta net minder as sân jier twangarbeid, wat ûnder de omstannichheden fan dy tiid yn prinsipe delkaam op libbenslang. Nij-Súd-Wales waard foar strafkoloanje ornearre om't sokke lju nei de ûnôfhinklikheid fan 'e Feriene Steaten, yn 1783, dêr net mear hinne stjoerd wurde koene. Dêrby wie it moai fier fuort, dat der bestie net folle kâns dat de feroardielden weromkeare soene nei Grut-Brittanje, sels al oerlibben se de doer fan har straf. Foar de likernôch 750 finzenen fan 'e Earste Float, sawol manlju as froulju, dy't yn 1788 mei fjouwer kompanjyen soldaten de earste kolonisten fan Nij-Súd-Wales wiene, moat it in wreed en skriklik oard west hawwe, sûnder lykfol hokker foarsjennings, wylst se allegeduerigen bleatstiene oan it machtsmisbrûk fan harren bewekkers.

Utsjoch op it sintrum fan 'e Nijsúdwelske haadstêd Sydney.

Twa jier letter, yn 1790, arrivearre de Twadde Float, en yn 1791 de Tredde Float. Tsjin dy tiid hie de Botany Bay-koloanje sa'n 4.000 ynwenners. It bestjoer fan 'e koloanje sakke almar fierder wei yn in foarm fan anargy wêrby't in befoarrjochte klasse fan legerofsieren de tsjinst útmakke. De finzenen, soldaten en frije kolonisten koene dêr gjin fûst tsjin meitsje, en sels de opienfolgjende gûverneurs krigen it spul net ûnder kontrôle. Doe't yn 1808 gûverneur William Bligh (deselde dy't earder as kaptein fan 'e Bounty by in muiterij ûnder de bemanning oerboard set wie) troch de ofsierekliber ôfset waard by de saneamde Rumrebûlje, hie it Britske regear syn nocht. Der waard in nije gûverneur stjoerd, generaal Lachlan Macquarie, dy't syn eigen rezjimint soldaten meinaam en it oarspronklike Nij-Súd-Walesrezjimint derút bonsjoerde, werom nei Ingelân ta. Macquarie makke net inkeld op bestjoerlik mêd regaad yn 'e koloanje, mar wie ek ferantwurdlik foar de oanlis fan wegen en werven en de bou fan tsjerken en oare iepenbiere gebouwen. Hy lei op stelselmjittige wize in nije stêd oan noardlik fan 'e oarspronklike koloanje, dy't him úteinlik ûntjaan soe ta it hjoeddeistige Sydney.

It ikoanyske Opera House, yn 'e Nijsúdwelske haadstêd Sydney.

Yn 't earstoan waarden de hiele eastlike helte fan it Australyske kontinint en teffens de eilannen oan wjerskanten fan 'e Tasmansee ta de koloanje Nij-Súd-Wales rekkene, mar geandewei de njoggentjinde iuw waarden der hieltyd mear gebieten fan losmakke. Dat begûn yn 1825, doe't Van Diemenslân (it lettere Tasmaanje) in aparte koloanje waard, folge troch Súd-Austraalje yn 1836, Nij-Seelân yn 1841, Fiktoaria yn 1851 en Queenslân yn 1859. Yn 1863 ferlear Nij-Súd-Wales ek it Noardlik Territoarium dat doe by Súd-Austraalje foege waard, foar't it yn 1911 de status fan federaal territoarium krige. Yn datselde jier, 1911, moast Nij-Súd-Wales ek in enklave oan it federale regear ôfstean dy't it Australysk Haadstedsk Territoarium wurde soe, yn 1915 folge troch it Jervis Bay Territoarium.

Yn 1855 krige de koloanje Nij-Súd-Wales selsbestjoer. De koloanje wie ien fan 'e driuwende krêften efter de foarming fan in Australyske Federaasje, yn 1901, om't it Nijsúdwelske regear op it Australyske kontinint in frijhannelssône kreëarje woe (doedestiden wiene der dûaneposten oan 'e rivier de Murray, tusken Nij-Súd-Wales en Fiktoaria, dêr't ymportaksynzen heft waarden op hannelswaren). Under de Earste Wrâldoarloch draaide de Nijsúdwelske ekonomy as in tierelier, mar nei de oarloch, doe't de ynternasjonale hannel wer normalisearre waard en Austraalje net mear de iennichste beskikbere leveransier fan alderhanne guod wie, stoarten de prizen yn. De Grutte Depresje late yn Nij-Súd-Wales ta in ûnlijige perioade fan klassekonflikten.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard Nij-Súd-Wales oant 1965 regearre troch de Australyske Arbeiderspartij. Oan 'e ein fan 'e sechstiger jierren die him in ôfskiedingsbeweging yn 'e steat foar, dy't noardlik Nij-Súd-Wales ûnder de namme Nij-Ingelân ta in aparte Australyske steat meitsje woe. Der waard in referindum organisearre dat de foarstanners fan 'e Nijingelânske ôfskieding op in hier nei wûnen. It eilân Norfolk, dat mear as 1.400 km út 'e Nijsúdwelske kust leit mar altiten bestjoerlik diel útmakke hie fan 'e steat, krige yn 1979 selsbestjoer en waard in oerseesk gebietsdiel fan Austraalje, dat fan dy tiid ôf inkeld noch bannen mei it federale regear ûnderhold.

It Parliament House, yn Sydney, de sit fan it steatsparlemint fan Nij-Súd-Wales.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nij-Súd-Wales hat in twakeamerich steatsparlemint mei in Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly) of legerhûs fan 93 sitten en in Wetjaande Rie (Legislative Council) of hegerhûs fan 42 sitten. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). De steat wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint.

It steatsregear hat sizzenskip oer alle saken dy't ûnder de Australyske grûnwet net spesifyk oan it federale regear tawiisd binne, en steatsrjochtlik is it foar it federale regear tige dreech om yn Nijsúdwelske saken yn te gripen. Lykwols wurdt der dochs in frij grutte ynfloed útoefene op 'e gong fan saken yn 'e steat, om't it ynjen fan belestings en de ferdieling fan it ine belestingjild oer de ûnderskate steaten en territoaria in federaal foech is, en it federale regear dus de hân op 'e knip hâlde kin as it steatsregear wat dwaan soe dat der alhiel by troch wie. Yn it federale Australyske parlemint yn Canberra wurdt Nij-Súd-Wales yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 12 fan 76 sitten (15,8%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 48 fan 150 sitten (32%).

De Hunter-regio fan Nij-Súd-Wales stiet bekend om syn wynproduksje.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de 1970-er jierren is de ekonomy fan Nij-Súd-Wales hurd feroare. Sektoaren dy't fan âlds tige wichtich wiene, lykas de stielyndustry en de skipsbou, binne ûnderwilens grutdiels ferdwûn, wylst harren plak ynnommen is troch de ynformaasjetechnology en it bank- en fersekeringswêzen. Guon dingen binne lykwols by it âlde bleaun: stienkoal en oanbesibbe produkten foarmje mei 19% fan 'e steatsútfier noch altyd it wichtichste eksportprodukt.

De Sydney Harbour Bridge, ien fan 'e toeristyske trekpleisters fan Sydney.

Ek de lânbou is noch altiten fan belang. Feehâlderij, fan kij, skiep en bargen wurdt rûnom bedreaun, en yn Nij-Súd-Wales libbet in trêdepart fan alle Australyske skiep en bargen en in fyfdepart fan alle Australyske kij. Fierders wurdt der maïs, weet, hjouwer, koalsied, rys, nuten, bananen en sûkerreid ferboud. De Hunterdelling is it grutste wyngebiet fan Nij-Súd-Wales. Túnbou komt ek foar, en by de kust lâns wurdt fansels oan fiskerij dien, wêrby't de oesterkwekerij in wichtich plak ynnimt.

Ien fan 'e wichtichste ûnderdielen fan 'e Nijsúdwelske ekonomy is tsjintwurdich it toerisme, in sektor dy't no jiers Au$40 miljard opbringt en wurkgelegenheid biedt oan 4,8% fan alle arbeidskrêften yn 'e steat. De measte toeristen komme ôf op Sydney, mei syn Opera House en de Sydney Harbour Bridge, om mar in pear trekpleisters te neamen. Oare wichtige toeristyske bestimmings yn Nij-Súd-Wales binne de skygebieten yn 'e Australyske Alpen en it fakânsje-eilân Lord Howe.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens út 2013 hie Nij-Súd-Wales doe 7.439.200 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 9,1 minsken de km². Dêrfan wenje 4.336.000 minsken (58,3%) op in protsje yn 'e haadstêd Sydney. Oare stêden mei mear as 50.000 ynwenners binne: Newcastle (524.000), Wollongong (280.000), Maitland (61.000), Wagga Wagga (56.000), Tweed Heads (54.000) en Coffs Harbour (51.000).

It Big Golden Guitar, yn Tamworth, bewesten it Grutte Skiedingsberchtme, tsjut op 'e countrymuzyk- kultuer fan dy krite.

Neffens gegevens fan 'e Australyske folkstelling fan 2011 is de oergrutte mearderheid fan 'e Nijsúdwelske befolking fan Jeropeesk komôf, mei as grutste etnyske groep de Angelsaksyske Australiërs (25,0%%), folge troch de Ingelsen (24,2%), Ieren (7,4%) en Skotten (6,0%). De grutste net-Westerske befolkingsgroep waard foarme troch de Sinezen (4,3%).

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It grutste part fan Nij-Súd-Wales, bewesten it Grutte Skiedingsberchtme, hat in steppe- of sels in woastynklimaat, mei net mear as 150 oant 500 mm rein jiers. De simmertemperatueren kinne dêr tesinzgjende hjit wêze, wylst de winternachten faak iiskâld binne. Yn it Grutte Skiedingsberchtme falt winterdeis geregeldwei snie, en nachtfroast is der hiel normaal, mar inkeld de toppen fan 'e Australyske Alpen hawwe in heechberchtmeklimaat. Yn 'e stripe lân tusken de bergen en de kust hearsket in klimaat dat fariëarret fan in koel seeklimaat yn it suden oant in wiet subtropysk klimaat tsjin 'e Queenslânske grins oan. Rekôrtemperatueren yn 'e steat wiene 49,7 °C op 10 jannewaris 1939 yn it westlike Menindee, en –23 °C op 29 juny 1994 te Charlotte Pass, heech yn 'e Australyske Alpen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


 
             Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria | Nij-Súd-Wales | Queenslân | Súd-Austraalje | Tasmaanje | West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium | Jervis Bay Territoarium | Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen | Australysk Antarktysk Territoarium | Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen • Krysteilân) | Heard en de McDonaldeilannen | Koraalsee-eilannen | Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe | Macquarie | Torresstrjitte-eilannen