Springe nei ynhâld

Australyske Alpen

Ut Wikipedy
Australyske Alpen
  berchtme
De Mount Feathertop yn Fiktoaria.
De Mount Feathertop yn Fiktoaria.
geografy
diel fan it Grutte Skiedingsberchtme
lân Austraalje
steat Fiktoaria
Nij-Súd-Wales
Austr. Haadstedsk Terr.
sifers
oerflak 12.330 km²
heechste punt Mount Kosciuszko
hichte 2.228 m
geology
yndieling heechberchtme
kaart
Australyske Alpen (Austraalje)
Australyske Alpen
Lizzing yn Austraalje

In Australyske Alpen foarmje it heechste berchtme fan Austraalje. Se lizze yn it súdeasten fan it lân, dêr't se har útstrekke oer in oerflak fan 12.330 km² yn it easten fan 'e steat Fiktoaria, it súdeasten fan 'e steat Nij-Súd-Wales en it suden fan it Australysk Haadstedsk Territoarium. De Australyske Alpen omfiemje de iennichste berchtoppen yn Austraalje mei in hichte fan boppe de 2.000 m. It heechste punt fan it berchtme en fan it lân is de Mount Kosciuszko, mei in hichte fan 2.228 m boppe seenivo. Fan gefolgen binne de Australyske Alpen ek de iennichste krite fan Austraalje dêr't eltse winter in djip pak snie falt.

De Australyske Alpen meitsje it súdlike en heechste diel út fan in gruttere berchkeatling, it Grutte Skiedingsberchtme, in rige fan bergen, heuvels en heechlannen dy't oer in ôfstân fan likernôch 3.000 km lykop rint mei de eastkust, fan noardlik Queenslân yn it noarden fia Nij-Súd-Wales en it Australysk Haadstedsk Territoarium yn 'e midden, oant djip yn Fiktoaria yn it suden. Dat berchtme skiedt de rivieren dy't fia de eastkust fan Austraalje ôfwetterje yn 'e Tasmansee fan dy dy't fia de Murray-Darling-dobbe nei it westen ta streame en úteinlik útmûnje yn 'e Súdlike Oseaan of yn 'e Eyre-mar yn sintraal Austraalje, dêr't it wetter dan ferdampet. De wichtichste rivieren fan Austraalje, de Darling en de Murray, ûntspringe beide yn 'e Australyske Alpen.

Op biogeografysk mêd kinne de Australyske Alpen ferdield wurde yn twa lytsere berchtmen: de Sniebergen (Snowy Mountains), yn Nij-Súd-Wales en it Australysk Haadstedsk Territoarium, en de Fiktoriaanske Alpen, yn Fiktoaria. Dy lêste krite stiet ek wol bekend as 'it Hege Lân' (the High Country), benammen yn in kulturele of histoaryske kontekst. Yn 'e Australyske Alpen, benammen de Sniebergen, leit it iennichste wintersportgebiet fan Austraalje, dêr't eltse winter fan juny oant oktober grutte oantallen toeristen op ta sette om te skyen. De skysport yn Austraalje begûn yn 1861, doe't Noarske goudsikers dy aktiviteit dêre yntrodusearren. Simmerdeis kin der yn 'e Australyske Alpen rûnom kuiere wurde, bgl. oer it Australian Alps Walking Track, in lange-ôfstânskuierpaad fan 665 km, dat begjint yn Walhalla, yn Fiktoaria, en einiget yn Tharwa, yn it Australysk Haadstedsk Territoarium.

Utsjoch fanôf de Mount Hotham yn Fiktoaria. By 't winter is dit gebiet oerdutsen mei snie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.