Springe nei ynhâld

Mount Kosciuszko

Ut Wikipedy
Mount Kosciuszko
  berch
Mount Kosciuszko (Nij-Súd-Wales)
Mount Kosciuszko
Lokaasje fan 'e Mount Kosciuszko yn Nij-Súd-Wales.
geografy
lân Austraalje
steat Nij-Súd-Wales
berchtme Sniebergen
koördinaten 36°27′21″ S 148°15′49″ E
sifers
hichte b. seenivo 2.228 m
relative hichte 2.228 m
oar
stiensoarte sedimintêr
1e beklimming 1840
1e beklimmer Pawel Edmund Strzelecki
Dizze side giet oer de berch yn Austraalje. Foar de berch op Antarktika, sjoch: Mount Kosciuszko (Antarktika).

De Mount Kosciuszko is in berch yn it easten fan Austraalje en leit yn it súdeasten fan 'e steat Nij-Súd-Wales, deunby de grins mei Fiktoaria. Mei in hichte fan 2.228 m boppe seenivo is it de heechste berch fan it lân Austraalje (mar net fan it wrâlddiel Austraalje; dat is de Puncak Jaya of Carstensz Pyramide, op it Yndonezyske diel fan Nij-Guineä). De Mount Kosciuszko leit yn 'e Sniebergen, in ûnderdiel fan 'e Australyske Alpen, dy't wer diel útmeitsje fan it Grutte Skiedingsberchtme.

De Mount Kosciuszko, sjoen út it easten wei.

De oarspronklike bewenners fan Austraalje, de Australyske Aborizjinals, neamden de berch yn 'e Ngarigo-taal Jagungal, Jar-gan-gil, Tar-gan-gil of Tackingal, allegear mei de betsjutting fan "berch mei in ôfplatte top" of "tafelberch". De Poalske ûntdekkingsreizger Pawel Edmund Strzelecki, dy't yn 1840 de earste blanke wie dy't de berch beklom, ferneamde him nei generaal Tadeusz Kościuszko, de lieder fan in Poalske opstân tsjin 'e Russyske oerhearsking yn 'e 1790-er jierren, deselde dy't earder oan 'e kant fan 'e Amerikanen yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch fochten hie. Foarhinne waard de anglisearre stavering 'Kosciusko' oanholden, mar yn 1997 waard formeel de Poalske stavering 'Kosciuszko' (mei in 'sz') ynfierd. (Dat doocht trouwens noch net, want yn it Poalsk stiet der in skerpteken op 'e earste s: 'Kościuszko'.)

Tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw bliek út ferskate sekuere mjittings dat de Mount Kosciuszko justjes leger wie as de oanswettende berch, de Mount Townsend. Dêrop waarden de nammen fan 'e beide bergen omwiksele, sadat de Mount Kosciuszko wer de heechste berch fan it lân wêze soe en de Mount Townsend de op ien nei heechste. Sadwaande binne iere foto's fan 'e Mount Kosciuszko yn 'e regel ôfbyldings fan 'e berch dy't no de Mount Townsend hjit. Tsjintwurdich leit de Mount Kosciuzko yn it Nasjonaal Park Kosciuszko, dat yn 1967 fuortkaam út it steatspark mei deselde namme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.