Noardlik Territoarium

Ut Wikipedy
Noardlik Territoarium
Northern Territory
flagge wapen
gjin offisjeel biedwurd
lokaasje yn Austraalje
algemien
ôfkoarting NT
lân Austraalje
status territoarium
haadstêd Darwin
grutste stêd Darwin
sifers
ynwennertal 233.300 (2012)
befolkingstichtens 0,2 / km²
oerflak 1.420.970 km² (ynkl. wetter)
1.349.129 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC +9½ (gjin S.T.)
webside www.nt.gov.au

It Noardlik Territoarium (Ingelsk: Northern Territory) is ien fan 'e beide selsbestjoerende binnenlânske territoaria fan Austraalje. It omfiemet it middennoarden fan it lân, en rint fan it woastinige hert fan it Australyske kontinint alhiel oant de noardkust, dy't yn 'e tropen leit. De haadstêd en teffens de grutste stêd is Darwin. Mei 17,5% fan it nasjonaal grûngebiet is it Noardlik Territoarium nei West-Austraalje en Queenslân it grutste Australyske gewest. Lykwols is it oergrutte part fan it gebiet mar hiel tin befolke. Neffens gegevens út 2012 hie it Noardlik Territoarium doe goed 233.000 ynwenners, wat delkomt op 1,0% fan 'e totale Australyske befolking.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't it Noardlik Territoarium tusken 1863 en 1911 ûnderdiel foarme fan Súd-Austraalje, kaam it bekend te stean as it "Noardlik Territoarium fan Súd-Austraalje". Dy namme bleau stykjen, ek doe't it oan it begjin fan 'e tweintichste iuw in federaal territoarium waard. De ynwenners fan it gebiet wurde yn Austraalje "Territorialen" (Territorians) neamd, of ek wol, wat ynformeler, Top Enders ("Topeiners") of Centralians ("Sintraliërs"; in gearlûking fan "sintraal" en "Australiërs").

De Mount Sonder, it heechste punt fan it Noardlik Territoarium, yn it Mcdonnellberchtme.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noardlik Territoarium hat in oerflak fan 1.420.970 km², wêrfan't 1.349.129 km² út lân bestiet en 71.839 km² út wetter. Dêrmei is it op West-Austraalje en Queenslân nei it grutste Australyske gewest. It territoarium grinzget yn it westen op 129° easterlingte oan West-Austraalje, yn it suden op 26° suderbreedte oan Súd-Austraalje en yn it easten op 138° easterlingte oan Queenslân. Alle lângrinzen binne rjochte linen. Yn it noarden wurdt it Noardlik Territoarium beswette troch de Timorsee, de Arafuerasee en Golf fan Carpentaria.

It súdlike twatrêde part fan it Noardlik Territoarium is in woastyngebiet dat wat drûger wurdt wat súdliker oft men komt, en dat fierhinne diel útmakket fan 'e Simpsonwoastyn. It omfettet de iennichste heechlannen fan it territoarium, nammentlik it Petermannberchtme, yn 'e uterste súdwestlike hoeke, en it Macdonnellberchtme, noardwestlik fan Alice Springs. Yn dyselde krite lizze ek twa ferneamde en spektakulêre rotsformaasjes, Kata Tjuta (foarhinne The Olgas neamd) en Uluru (foarhinne Ayers Rock), dy't hillich binne foar de Aboriginals en grutte toeristyske trekpleisters wurden binne.

It noardlike trêdepart fan it territoarium leit yn 'e tropen en hat in reinich klimaat. In diel fan dat gebiet heart ta Arnhimlân, in ûnbidich, mei rivieren trochsnien en tropysk reinwâld begroeid skiereilân dat oan 'e westkant de Timorsee hat, oan 'e noardkant Arafuerasee en oan 'e eastkant de Golf fan Carpentaria. Foar in grut diel foarmet dy krite it bekende Nasjonaal Park Kakadu. De haadstêd fan it Noardlik Territoarium, Darwin, leit oan 'e noardwestkust fan Arnhimlân. It territoarium omfiemet fierders twa grutte (en teffens withoefolle lytsere) eilannen yn 'e Timorsee: Melville en Bathurst, en ien yn 'e Golf fan Carpentaria: Groote Eylandt.

De Lasseter Highway, dy't Uluru ferbynt mei de Stuart Highway, de gruttere noard-súdferbining.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De lânseigen befolking fan Austraalje hat it Noardlik Territoarium nei skatting al tusken de 60.000 en 40.000 jier bewenne. It wie it earste diel fan Austraalje dat hja befolken doe't hja oerstieken út 'e Yndyske Arsjipel. De Aboriginals dy't oan 'e noardkust fan Arnhimlân libben, wiene feitliks de iennichsten fan 'e oarspronklike bewenners fan it kontinint dy't net fan 'e rest fan 'e wrâld isolearre wiene, mei't se al sûnt de fyftjinde iuw en mooglik noch earder komplekse seizoensbûne hannelsrelaasjes ûnderholden mei de befolking fan 'e Yndyske Arsjipel, benammentlik mei de Makassaren en Bûginezen fan súdlik Selebes, dy't o sa op 'e oerseeske hannel talein wiene.

De kust fan it Noardlik Territoarium waard yn 'e santjinde iuw foar it earst waarnommen troch Jeropeänen. De Britten besochten yn 'e njoggentjinde iuw in koloanje op 'e kust te stiftsjen, mar dat rûn trije kear yn honger en wanhope op 'e non, oant yn 1869 Port Darwin stifte waard. It Noardlik Territoarium makke fan 1825 oant 1863 diel út fan 'e âldere koloanje Nij-Súd-Wales, en waard sadwaande yn dy snuorje bestjoerd fanôf de Australyske eastkust, behalven in koart skoftke fan febrewaris oant desimber 1846, doe't it de koloanje Noard-Austraalje foarme, dy't lykwols mar in koart libben beskern wie. Neitiid makke it fan 1863 oant 1911 diel út fan 'e koloanje Súd-Austraalje, en as ûnderdiel dêrfan kaam it op 1 jannewaris 1901 ta de Australyske Federaasje te hearren.

Under it regear fan Súd-Austraalje waard der tusken 1870 en 1872 in tillegraafferbining oanlein tusken Port Darwin en de rest fan it kontinint. Tusken 1883 en 1889 waard der in spoar oanlein fan Palmerston nei Pine Creek, dat it ferfier fan slachtfee en dylchstoffen út 'e mynbou fasilitearre. Tsjin 1911 wie sadwaande it ekonomysk patroan fan it Noardlik Territoarium al fierhinne fêstige, en waarden der 513.000 stiks fee levere, wylst der op ferskate plakken goud- en koperminen iepene wiene.

De skyline fan 'e haadstêd Darwin.

Op nijjiersdei 1911, persiis tsien jier nei't Austraalje oprjochte wie, waard it Noardlik Territoarium troch Súd-Austraalje oerdroegen oan it federale regear. Yn 1912 en 1913 waard der omtinken oan jûn om it gebiet om te neamen ta Kingsland ("Keningslân"), nei de Britske kening George V, om te korrespondearjen mei it oangrinzgjende Queenslân ("Keninginnelân"), dat neamd wie nei keninginne Fiktoaria. Oare nammen, wêrûnder Centralia ("Sintraalje", in gearlûking fan "sintraal" en "Austraalje") en Territoria waarden ek yn omtinken nommen, mar de omneaming waard nea trochset. Tusken 1927 en 1931 waard it Noardlik Territoarium in hoart midtwa spjalte by de line fan 20° suderbreedte lâns, yn Noard- en Midden-Austraalje.

Under de Twadde Wrâldoarloch waard it Noardlik Territoarium ûnder militêr gesach pleatst. De Japanners bombardearren Port Darwin, en ferskate jierren bestie der in reële driging dat se in ynfaazje fan noardlik Austraalje prebearje soene. Nei ôfrin fan 'e oarloch kaam it gebiet wer ûnder it gesach fan it federale regear. It Noardlik Territoarium krige yn 1978 selsbestjoer, mei in eigen regear en parlemint.

Yn it nei-oarlochske Austraalje begûnen de Aboriginals harren lânrjochten en gelikens lean op te easkjen. In wichtich ûnderdiel fan dy wrakseling foarme de staking fan 'e Goerindjy op it Wave Hill Cattle Station, yn 1966. Dat barren foarme de oanlieding foar in earste ûndersyk troch de Australyske oerheid nei soksoarte saken. Yn desimber 1976 naam it Australyske parlemint úteinlik de Aboriginal Land Rights Act oan, wêryn't de rjochten fan 'e lânseigen befolking fêstlein wiene.

It parlemintsgebou fan it Noardlik Territoarium, yn Darwin.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noardlik Territoarium hat in ienkeamerich steatsparlemint, de Wetjaande Gearkomste (Legislative Assembly), dy't 25 sitten hat. De parlemintsleden fertsjintwurdigje har eigen kiesdistrikt (constituency), dêr't se by de ferkiezings op persoanlike titel de mearderheid fan 'e stimmen helle hawwe (krekt itselde systeem as yn Grut-Brittanje). It territoarium wurdt regearre troch in eigen regear mei oan it haad in minister-presidint (chief minister). It selsbestjoer is lykwols in stik beheinder as dat fan 'e Australyske steaten, en it federale regear kin sûnder pardon lykfol hokker wet dy't troch it parlemint fan it Noardlik Territoarium oannommen is, neatich ferklearje. Yn it federale Australyske parlemint yn Canberra wurdt it Noardlik Territoarium yn 'e Senaat fertsjintwurdige troch 2 fan 76 sitten (2,6%), en yn it Hûs fan Offurdigen troch 2 fan 150 sitten (1,3%).

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan it Noardlik Territoarium driuwt foar in grut part op mynbou, benammen fan bauksyt, mangaan, uranium, oalje en gas, stienkoal en izer. Yn dy sektor, dy't yn 2006-2007 likernôch 26% fan it bruto territoriaal produkt útmakke, binne sa'n 4.600 minsken wurksum. Fierders is de lânbou noch altyd fan belang, dat de oare tradisjonele pylder fan 'e territoriale ekonomy is. Der wurdt benammen dien oan feehâlderij fan kij en skiep. Sûnt de sechtiger jierren fan 'e tweintichste iuw is ek it toerisme tige wichtich wurden foar it Noardlik Territoarium. Uluru (Ayers Rock), Kata Tjuta (The Olgas) en it Nasjonaal Park Kakadu binne de grutste toeristelûkers. Yn 2005-2006 waard it Noardlik Territoarium besocht troch krapoan 1,4 miljoen toeristen, dy't 9,2 miljoen oernachtings boekten yn hotels en oare horeka-gelegenheden, en foar mear as Au$1,5 miljard útjoegen.

Uluru (Ayers Rock), de hillige berch fan 'e Pitjantjatjara, en ien fan 'e grutste toeristyske trekpleisters fan hiel Austraalje.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens út 2012 hie it Noardlik Territoarium doe 233.300 ynwenners, mei in befolkingstichtens fan 0,2 minsken de km². De befolking is net konsintrearre by de tropyske noardkust lâns, mar just by de Stuart Highway lâns, de iennichste ferhurde wei dy't fan 'e noardkust yn in ridlik rjochte line nei it suden rint oant yn it hert fan 'e woastyn, en dêrwei oer de grins mei Súd-Austraalje rjochting de súdkust. Dy wei stiet yn it Noardlik Territoarium yn it gewoane spraakgebrûk bekend as the track ("it paad").

Mei krapoan 125.000 ynwenners (yn 2009), oftewol 53,3% fan 'e befolking, is de haadstêd Darwin fierwei de grutste stêd fan it territoarium. Op it twadde plak komt Palmerston, mei 30.000 ywenners, folge troch Alice Springs, yn it hert fan it woastinige suden, mei krapoan 28.000 minsken, en Katherine, yn súdlik Arnhimlân, mei goed 10.000. Alle oare plakken hawwe minder as tsientûzen ynwenners.

Etnisiteit[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De befolking fan it Noardlik Territoarium omfiemet mear as hûndert ferskillende nasjonaliteiten, dy't fertsjintwurdige wurde troch mear as fyftich ûnderskate organisaasjes. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2006 is lykwols 68,4% fan 'e ynwenners fan Jeropeesk komôf, mei as grutste etnyske groep de Angelsaksyske Australiërs (30,6%), folge troch de Ingelsen (20,2%), Ieren (6,8%), Skotten (5,6%), Dútsers (3,7%) en Italjanen (1,5%). De grutste net-Westerske befolkingsgroep waard foarme troch de Sinezen (1,9%). Fan alle ynwenners bestie 25,4% út ymmigranten.

De kust fan it Nasjonaal Park Kakadu, yn Arnhimlân.

Alle Australyske Aboriginals mei-inoar foarmen 32,5% fan 'e befolking, wat in heger persintaazje is as yn hokker oar Australysk gewest ek. Fierders hiene sy yn it Noardlik Territoarium 49% fan alle lân yn eigendom, wat ek in heger persintaazje is as wêr oars yn Austraalje ek. Harren libbensferwachting leit lykwols 11 jier leger as dy fan 'e blanke Australiërs, en dàt is oeral yn it lân gelyk. De grutste Aboriginalfolken yn it Noardlik Territoarium binne de Pitjantjatjara yn it súdwesten, om Uluru hinne; de Arrernte yn 'e omkriten fan Alice Springs, de Luritja tusken dy beide kontreien yn, de Warlpiry fierder nei it noarden ta, en de Jolngû yn noardeastlik Arnhimlân.

Godstsjinst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op it mêd fan godstsjinst bestie de befolking fan it Noardlik Territoarium neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2006 foar 54,6% út kristenen, wêrfan 21,1% roomsen, 12,3% anglikanen, 7% leden fan 'e feriene protestantske Uniting Church in Australia, en 3,6% luteranen. Ateïsten en agnosten foarmen sa'n 23% fan 'e befolking. Fan 'e oare religyen wie it boedisme it grutst, mei 1,4%, folge troch de islaam (0,5%) en it hindoeïsme (0,2%).

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Noardlik Territoarium hat twa dúdlik ûnderskate klimaatsônes. It súdlike twatrêde part hat in woastynklimaat, hjir en dêr ûnderbrutsen troch in steppeklimaat. Dêr falt minder as 250 mm delslach yn 't jier, en yn 'e regel alhielendal neat yn it simmerseizoen, tusken oktober en maart. It noardlike diel fan it territoarium hat in tropysk klimaat mei twa jiertiden: in wiet simmerseizoen fan oktober oant april, en in drûch winterseizoen fan maaie oant septimber. It wiete simmerseizoen fan it noarden is assosjearre mei de moessonreinen en tropyske sykloanen. Yn 'e winter kin it kwik der soms omleech gean oant 14 °C, mar kâlder wurdt it frijwol nea, en froast (sels nachtfroast) hat men der noch nea waarnommen. Rekôrtemperatueren yn it Noardlik Territoarium wiene 48,3 °C op 1 en 2 jannewaris 1960 te Aputula, en –7,5 °C op 12 july 1976 te Alice Springs.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.


 
             Austraalje
Flagge fan Austraalje
steaten
Fiktoaria | Nij-Súd-Wales | Queenslân | Súd-Austraalje | Tasmaanje | West-Austraalje
territoaria
Australysk Haadstedsk Territoarium | Jervis Bay Territoarium | Noardlik Territoarium
eksterne territoaria
Ashmore- en Cartiereilannen | Australysk Antarktysk Territoarium | Australyske Territoaria yn de Yndyske Oseaan (Kokoseilannen • Krysteilân) | Heard en de McDonaldeilannen | Koraalsee-eilannen | Norfolk
oare eksterne gebietsdielen
Lord Howe | Macquarie | Torresstrjitte-eilannen